Wenkearn
Wikimedia-betsjuttingsside
- Plak wiist troch nei dizze side. Foar oare betsjuttings fan dat begryp, sjoch: plak (betsjuttingsside).
In wenkearn is in plak dêr't minsken har nei wenjen set hawwe yn in stikmannich wenten. It omfiemet dêrmei alles fan in lytse buorren ta in grutte stêdekloft.
By de oerheid wurdt it begryp wat oars brûkt. Dêr is in offisjele wenkearn in doarp, in flekke of in stêd, mei de himrik of de klokslach derby. In buorskip en in útbuorren wurde dan beide beskôge as part fan de wenkearn dêr't hja by lizze, in buert en in wyk wurde allinnich rekkene by de gruttere wenkearn dêr't hja in part fan binne.