Sâltsiederij
In sâltsiederij as sâltkeet is in wurkpleats dêr't in konsintrearre sâltoplossing yndampe waard en it seesâlt kristallisearje koe. Sâlt wie (en is) in essinsjeel produkt foar it konservearjen en ferfieren fan fisk. De sâltsiederijen makken opgong neidat de moernearring (it heljen fan sâlt út fean) yn de 16e iuw ferbearn waard om reden fan it gefaar dêrfan foar de kustferdigening.
Sâltsieders waarden troch wetterskippen befoarriede mei seewetter om it dêryn te raffinearjen rau sâlt te sieden of de sâlte jiske fan drûge en ferbaarnde sâltige feangrûn mei út te leagjen.
De sâltiederijen stienen yn de iere Midsiuwen binnen de stedsmuorren en wienen faak de oarsaak fan stedsbrân; dêrom waarden de wurkpleatsen letter bûten de stêd boud.