Sâlt
Sâlt, ek bekend as kokensâlt of fiedingssâlt, is in mineraal mei in sâlte smaak, dy't as smaakstof brûkt wurdt by it itensieden. It wurdt ek brûkt foar de preservearring fan iten foar langere tiid. It is goed oplosber yn wetter; in mingsel fan wetter en dêryn oplost sâlt hjit pikel of brein. Sâlt komt natuerlik foar yn 'e foarm fan ûndergrûnske ôfsettings halyt, dat ek stiensâlt neamd wurdt. Dêrnjonken komt it ek yn ûnbidige hoemannichten foar yn seewetter, wêrfan't it it wichtichste minerale ûnderdiel is. De iepen oseaan hat likernôch 35 gram sâlt op eltse liter wetter, wat delkomt op in sâltgehalte fan 3,5%. Yn drûge foarm is sâlt by keamertemperatuer in wite kristalline stof mei in kubyske kristalfoarm. As mineraal is it fan essinsjeel belang foar al it libben op 'e Ierde, mei't gjin organisme sûnder sâlt kin. De skiekundige namme foar 'gewoan' sâlt is natriumgloride (NaCl). Dat is ien fan in hiele groep stoffen dy't sâlten neamd wurde.
- Dizze side giet oer sâlt as smaakstof en tafoeging by it itensieden. Foar oare betsjuttings, sjoch: sâlt (betsjuttingsside).
Skiednis
bewurkje seksjeDe hiele skiednis fan 'e minskheid troch hat de beskikberens fan sâlt fan krúsjaal belang west foar eltse kultuer. Behalven dat sâlt nedich wie foar in sûn dieet en wurdearre waard as smaakstof, waard it foar de útfining fan ynblikjen en meganyske kuolling tûzenen jierren lang brûkt om iten goed te hâlden, benammen as it om fleis gie. Solnitsata, yn wat no Bulgarije is, wêrfan't argeologen tinke dat it de earste stêd yn Jeropa wie, waard boud op it plak fan in sâltmyn dy't de hiele Balkan sûnt 5400 f.Kr. fan sâlt foarseach. De namme fan it plak betsjut "Sâltmyn". Te Poiana Slatinei, yn 'e Roemeenske provinsje Neamţ, wie in welle dy't sâlt wetter opboarrelje liet. Dêr waard teminsten al yn 6050 f.Kr. sâlt wûn troch minsken fan 'e Cucuteni-kultuer. Yn Sina giet de sâltwinning yn 'e Xiechimar yn Shanxi teminsten werom oant 6000 f.Kr.
Om't der folle mear sâlt sit yn fleis, bloed en molke as yn planten, kinne nomaden dy't fan harren keppels besteane, oer it algemien ta sûnder fierdere tafoeging fan sâlt oan harren dieet. Lânbouwers, dy't foar it meastepart plantaardige produkten ite, moatte harren dieet lykwols oanfolje mei sâlt. Histoarysk betsjutte dat dat sâlt fan grutter belang waard al neigeraden de sedintêre beskaving him oer de wrâld fersprate. Der binne oanwizings dat sâlt yn it Neolitikum as ruilmiddel brûkt waard yn ferbân mei de hannel yn obsidiaan yn Anatoalje. Yn 'e Aldheid waard it sadwaande ien fan 'e wichtichste hannelsprodukten, dat yn heech oansjen stie by û.o. de Hettiten, de Alde Egyptners, de Alde Griken, de Romeinen en Alde Ynjers. Yn Egypte waard sâlt fan it trêde milennium f.Kr. ôf stiiffêst tafoege as ien fan 'e grêfgeskinken dy't yn grêftomben oantroffen binne. De Grykske skiedskriuwer Herodoatus beskreau yn 'e fyfde iuw f.Kr. de sâltrûtes fan Lybje.
Sâlt waard doedestiden ek brûkt foar it sâltsjen fan 'e grûn: it struien fan sâlt oer lânbougrûn om foar te kommen dat dêr noch planten groeie koene. Yn 'e Bibel stiet dat kening Abimêlek dat nei in opstân mei syn haadstêd Sichem die (Rjochters 9:45), en de Romeinske legeroerste Skipio Aemilianus Afrikanus die it mei Kartago nei de ferovering fan dy stêd oan 'e ein fan 'e Trêde Punyske Oarloch yn 146 f.Kr. It wurd 'salaris' is ôflaat fan it Latynske wurd foar sâlt, sal of salis. De reden dêrfoar is ûnbekend; de dreech út te rûgjen bewearing dat Romeinske soldaten harren soldij soms yn sâlt útbetelle krigen, is yn elts gefal net wier. Ek de wurden 'salade' en 'slaad' komme fan it Latynske wurd foar sâlt; de reden dêrfoar is dat de Romeinen it foar de moade hiene om blêdgrienten te sâltsjen.
Yn Afrika besuden de Sahara waard sâlt iuwenlang as jild brûkt. Sa waard yn Abessynje betelle mei stikken stiensâlt. De Tûareks ferfierden oant yn 'e tweintichste iuw sâlt troch de Sahara nei it noarden mei karafanen kamielen. Tsjintwurdich wurdt sâlt noch fia deselde rûtes nei it hert fan 'e woastyn ferfierd, mar foar it meastepart wurde dêr no frachtweinen foar brûkt. Yn Jeropa stie yn 'e Midsiuwen benammen it noardwesten fan Eastenryk bekend om syn sâltminen. Dêr lizze Salzburg, Hallstatt en Hallein binnen in striel fan 17 km oan 'e rivier de Salzbach. De namme fan 'e rivier betsjut letterlik "Sâltbeek" en de namme fan Salzburg betsjut "Sâltboarch". De nammen fan Hallstatt en Hallein ferwize nei halyt of stiensâlt. De sâltmyn fan Hallstatt makke yn it earste milennium f.Kr. de Hallstatt-kultuer yn dat gebiet mooglik.
Yn 'e Midsiuwen belune de wichtigens fan sâlt net. Krektoarsom, de Republyk Feneesje focht (en wûn) sels in oarloch oer sâlt mei de Republyk Genua. Letter spile sâlt ek in rol fan belang yn 'e Amerikaanske Unôfhinklikheidsoarloch. Stêden dy't oan sâltrûtes leine, waarden dêrtroch ryk fan 'e prehistoarje oant de tweintichste iuw. In foarbyld wie de Ingelske havenstêd Liverpool, wêrfan't de bloei foar in diel te tankjen wie oan 'e eksport fan it sâlt út 'e minen fan Cheshire.
It oplizzen fan belestings op sâlt wie yn it ferline in faak brûkte manear foar de oerheid om oan jild te kommen, mei't it miene folk net sûnder sâlt koe en dus wol betelje moast. Sa wurdt wol beweard dat de ûntdekkingsreizen fan Kristoffel Kolumbus finansierd waarden troch de belêste sâltproduksje yn súdlik Spanje. De hate gabelle, de swiere sâltbelesting yn it Keninkryk Frankryk, wie ien fan 'e oanliedings foar de Frânske Revolúsje fan 1789. Doe't Napoleon oan 'e macht kaam, fierde er dyselde belesting lykwols wer yn om foar syn djoere fjildtochten nei alle wynstreken te beteljen. Uteinlik waard de gabelle pas yn 1946 foargoed ôfskaft. Yn 1930 late Mahatma Gandhi yn Britsk-Ynje mear as 100.000 minsken yn in Sâltmars nei de see om sels sâlt te meitsjen, sadat se de swiere Britske sâltbelesting omsile koene. Dat wie yllegaal en in foarm fan boargerlike oerhearrigens; it brocht miljoenen gewoane Ynjers derta om har by de Yndiaaske ûnôfhinklikheidsbeweging oan te sluten, dy't dêrtroch feroare fan in elitêr barren yn in nasjonale organisaasje.
Sâltwinning
bewurkje seksjeDe oseänen foarmje in frijwol ûnútputbere boarne fan sâlt, mei't de iepen see likernôch 35 gram sâlt op eltse liter wetter hat, wat delkomt op in sâltgehalte fan 3,5%. Sâlt komt dêrnjonken natuerlik foar yn ûndergrûnske lagen halyt of stiensâlt op plakken dêr't yn in fier, geologysk ferline binnenseeën opdrûge binne. Op sokke plakken kin sâlt wûn wurde út sâltminen. Dat kin dien wurde troch in gat te graven en it halyt hânmjittich út 'e grûn te bikjen, mar in modernere wize is om wetter yn 'e ûndergrûn te pompen, it sâlt dêryn oplosse te litten, en dan it wetter mei sâlt en al wer op te pompen.
Sâlt wurdt ek wûn op guon plakken oan 'e kust, dêr't men it seewetter yn saneamde sâltpannen rinne lit, dat ûndjippe keunstmjittige reservoirs binne, wêrnei't it ferdampet. Dêrtroch bliuwt it sâlt út it seewetter efter, dat dan opskrabe wurde kin. Sok sâlt út seewetter wurdt seesâlt neamd. It ferskil mei sâlt út sâltminen is dat dat skjinner is, wylst troch seesâlt in protte ûngerjochtichheden hinne sitte.
Yn 2018 waard wrâldwiid yn totaal 300 miljoen ton sâlt wûn. Fan 'e totale sâltproduksje foarment sâlt foar it tameitsjen fan iten mar in relatyf lyts diel, sa'n 6%. Fan 'e rest wurdt 12% brûkt foar wetterbewurkingsprosessen, 8% foar glêdheidsbestriding, 6% yn 'e lânbou en 68% by produksjeprosessen yn 'e yndustry. De grutste sâltprodusearjende lannen wiene yn 2018 de Folksrepublyk Sina (68 miljoen ton), de Feriene Steaten (42 miljoen ton), Yndia (29 miljoen ton), Dútslân en Kanada (beide 13 miljoen ton) en Austraalje (12 miljoen ton). Yn Nederlân wurdt sâlt wûn út sâltminen yn Twinte, by Boekelo, yn 'e neite fan Ynskedee.
Skiekunde
bewurkje seksjeSâlt bestiet, skiekundich sjoen, benammentlik út natriumgloride (NaCl), dat sels wer opmakke is út gelikense hoemannichten natrium en gloride. Seesâlt befettet ek lytse hoemannichten spoare-eleminten fan oare stoffen dêr't it sâlt mei fersmoarge rekke is. Yn dy minuskule hoemannichten binne dy lykwols net skealik foar de sûnens. Itselde is it gefal mei sâlt dat streekrjocht út sâltminen komt, dat eins neat oars is as prehistoarysk seesâlt. Mynsâlt wurdt lykwols ornaris raffinearre om ta in grutter suverens te kommen foar wat tafelsâlt neamd wurdt. Dêrta wurdt it oplost yn wetter, reinige fan oare mineralen troch presipitaasje en dêrnei troch ferdamping fan it wetter wer ta in fêste stof makke.
Tapassings
bewurkje seksjeItensieden
bewurkje seksjeIen fan 'e wichtichste tapassings fan sâlt is as smaakstof en smaakfersterker by it itensieden. Sâlt jout it iten in sâlte smaak. Iten dêr't gjin of te min sâlt by dien is, wurdt laf neamd. By it itensieden wurde sâlt bgl. tafoege oan jirpels, de measte grienten en fleis. Guon koks en oare itensieders brûke leaver seesâlt as mynsâlt om't dat sûner wêze soe, mar dêr is gjin bewiis foar. It iennichste ferskil tusken seesâlt en raffinearre mynsâlt (kokensâlt) is dat yn seesâlt mear minuskule spoaren fan fersmoarging sitte. Ek yn fiedingsprodukten dy't men yn 'e winkel brûkklear keapet, lykas bôle, koekjes, tsiis, kant- en klearmielen, pizza's, sjips, sâlte pinda's en oare saneamde sâltsjes, sauzen, drop en guon oar snobbersguod, en sels konsumpsje-iis is sâlt ferwurke.
Behalven as smaakstof wurdt sâlt ek noch altyd brûkt as preservearringsmiddel, hoewol't dy tapassing foar de yntroduksje fan 'e kuolkast in stik wichtiger wie. Fral fleis en fisk waarden (en wurde) bestruid mei sâlt om se goed te hâlden. Soms wurdt sok iten bewarre yn spesjale 'sâltkisten' of 'sâltfetten', in behanneling dy't 'pikeljen' neamd wurdt nei pikel, in mingsel fan sâlt en wetter. Troch itensprodukten mei sâlt yn te wriuwen, drûgje de oanwêzige baktearjes út, mei as gefolch dat itensbedjer, in foarm fan ferrotting, tsjingien wurdt. Soks wurket fansels net foar ivich. In oar skiekundich sâlt, kaliumgloride (KCl) is dêr ek tige gaadlik foar, en dêr hawwe lju dy't om sûnensredens in sâltleas dieet folgje moatte (eins in natriumearm dieet) gjin lêst fan. Foar smaakstof binne oare sâlten lykwols net gaadlik, mei't se faak in radikaal oare smaak hawwe as natriumgloride.
Der is ek sâlt te keap dêr't joadium (almeast yn 'e foarm fan natriumjodide, kaliumjodide, natriumjodaat of kaliumjodaat) oan tafoege is. Yn Nederlân is dat foar de konsumint bekend ûnder de oantsjutting JoZo (in ôfkoarting fan jodiumzout), wylst sâlt sûnder joadiumtafoeging bekend stiet as NeZo (in ôfkoarting fan "nee zout"). Bakkers brûke foar it bakken fan harren produkten bakkerssâlt of bôlesâlt, dat yn prinsipe itselde is as JoZo. Reden foar de tafoeging is dat it minsklik lichem fan joadium ferlet hat as boustof. Ynname fan dy stof helpt by de behanneling fan skyldklierfergrutting en by it oanmeitsjen fan skyldklierhormoanen. Oars kriget men joadium suver inkeld binnen troch it iten fan fisk. Om joadiumgebrek fan lju dy't gjin fisk ite foar te kommen, hat it Nederlânske regear al yn 'e earste helte fan 'e tweintichste iuw de tafoeging fan joadium oan bôle by wet ferplichte steld.
Glêdheidsbestriding
bewurkje seksjeSâlt wurdt ek brûkt as middel tsjin iisfoarming, om glêdheid tsjin te gean. As sâlt yn kontakt komt mei iis, begjint it iis nammentlik te ranen. It wurdt dêrom mei de hân op stoepen en trotoirs, en mei spesjale struiweinen op wegen struid. It type sâlt dat dêrfoar brûkt wurdt, hjit struisâlt. Dat is almeast ûnsuver mynsâlt, al wurdt ek wol kalsiumgloride as sadanich brûkt. Fierders hat struisâlt gruttere kerlen as kokensâlt en wurdt it soms befochtige mei wetter om ferstowing tsjin te gean en/of fermongen mei wat sân om te soargjen dat de snie of izel stikkenriden wurdt mei it sân (dat eins minuskule stientsjes binne), sadat de ranende wurking fan it sâlt befoardere wurdt. Wetter en sâlt (pikel) kinne by temperatueren ûnder it friespunt (fan wetter) brûkt wurde om't it friespunt fan pikel likernôch tsien graden leger leit, op –10 °C. In neidiel fan it gebrûk fan struisâlt is wol dat it metaal fan auto's en fytsen der flugger fan roastet. Ek planten yn 'e bermen kinne der min oer.
Oare tapassings
bewurkje seksjeYn 'e lânbou wurdt sâlt brûkt foar preservearring en as slikstiennen foar fee. Yn 'e yndustry wurdt sâlt troch in proses fan elektrolyze fan pikelwetter skaat yn natriumhydrokside en gloar. Dy stoffen wurde brûkt foar it meitsjen fan polyfinylgloride (pvc), ferskate soarten plestik, papier, sjippe, glyserine, syntetysk rubber en oare produkten. Sâlt wurdt ek brûkt yn 'e leartouwerij, as in fluks by de produksje fan aluminium, en as in glazuer by it bakken fan keramyk. As troch losse soarten grûn hinne boarre wurdt, lykas sân of grint, kin sâlt oan 'e boaroplossing tafoege wurde om in stabiele 'wand' om it boargat hinne te foarmjen.
Sûnens
bewurkje seksjeNatrium is in essinsjele fiedingsstof foar de minsklike sûnens troch syn rol as elektrolyt en syn oplosberheid by osmoaze. Oerkonsumpsje fan sâlt kin lykwols it risiko fergrutsje op it opdwaan fan hert- en fette-oandwanings lykas in hege bloeddruk of in heech golestorol. Dat jildt sawol foar folwoeksenen as foar bern. Dêrfandinne dat in protte organisaasjes op it mêd fan sûnens oanrikkemandearje om 'e ynname fan sâlt te beheinen. De Wrâldsûnensorganisaasje (WHO) riedt folwoeksenen oan om minder as 2.000 mg natrium deis yn te nimmen, wat delkomt op 5 gram sâlt.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.
|