Hallstatt is in plak en gemeente yn it distrikt Gmunden (GM) yn de Eastenrykske dielsteat Opper-Eastenryk.

Hallstatt
Bestjoer
Lân Eastenryk
Dielsteat Boppe-Eastenryk
Distrikt Gmunden
Boargemaster Alexander Scheutz (SPÖ)
Sifers
Ynwennertal 794 (2012)
Oerflak 59,8 km²
Befolkingsticht. 13 / km²
Hichte 511 m
Oar
Tiidsône CET (UTC+1)
Simmertiid CEST (UTC+2)
Offisjele webside
www.hallstatt.at

Hallstatt leit oan de Hallstättersee, en wie oant yn de jierren 60 fan de 20e iuw allinne oer de mar te berikken. Súdeastlik fan Hallstatt, oan de súdigge fan de mar, leit de gemeente Obertraun. Hallstatt leit op in smelle streek grûn tusken de Halstättersee en de Dachsteinbergen, mei syn Hallstatt-gletsjer.

It besjen wurdich

bewurkje seksje

It museum fan Hallstatt hat prehistoaryske artefakten fan de Hallstatt-kultuer, in Keltyske kultuer út it earste millennium foar ús jiertelling, dy't nei Hallstatt ferneamd is. De St. Michaelkapel fungearret as skrinkelhûs, de Karner. Meidat dêr net folle grûn ta foldwaan is foar begraafplakken wurde liken nei safolle tiid wer foar it ljocht helle. Hûnderten plassen en bonkerakken fan ferstoarne ynwenners fan Hallstatt lizze útstald efter tralys.

Oer kuierpaden yn de bergen kinne archeologyske fynplakken besocht wurde. De oerbliuwsels fan de Hallstatt-kultuer waarden foar it earst ûntdutsen troch Johann Georg Ramsauer yn 1846. Yn de 17 jier dêrnei lei er sa'n 1000 grêven bleat. Ramsauer syn oarspronklike oantekeningen binne yn it Hallstattmuseum te besjen, njonken autentyk mynwerkersark dy't yn de, no iuwenâlde, sâltminen fan Hallstatt brûkt waarden.



Keppeling om utens

bewurkje seksje