Prehistoarje

(Trochferwiisd fan Prehistoarysk)

Prehistoarje of foarskiednis is in tiidrek yn de minsklike skiednis. De namme foar dat tiidrek komt fan Paul Tournal. Hy betocht de term Pré-historique om syn fynsten te beskriuwen dy't er fûn hie yn de grotten fan Súd-Frankryk yn 1831. Oarspronklik wie it begryp inkeld om it tiidrek fan foar de útfining fan it skrift oan te tsjutte. Prehistoarje wurdt hjoed de dei ek wol brûkt as namme foar de skiednis fan de Ierde fan foar it minskdom.

Stonehenge, Ingelân, oprjochte troch neolistyke minsken (om de jierren 4500-4000 hinne).


  Tema:Prehistoarje – Wikipedy hat ek in temaside oer de prehistoarje