De Wippersmûne
De Wippersmûne is in poldermûne yn 'e Súd-Hollânske gemeente Maasslûs.
De Wippersmûne | ||
mûne / mole | ||
lokaasje | ||
provinsje | Súd-Hollân | |
plak | Maasslús | |
adres | Wipperskade 2 | |
koördinaten | 51°55' N 4°15' E | |
bysûnderheden | ||
type mûne | muonts | |
funksje | poldermûne | |
flecht | 19,25/19,45 m | |
boujier | 1726 | |
oare ynformaasje | ||
monumintale status | ryksmonumint | |
monumintnûmer | 26629 | |
Webside | ||
www.westlandsemolens.nl | ||
Kaart | ||
Skiednis
bewurkje seksjeDe mûne waard yn 1726 boud om de Slúspolder te bemeallen en ferfong in brekfallige wipmûne op itselde plak. It skeprêd stie njonken de mûne en nei alle gedachten is de mûne njonken it oarspronklike rêd fan syn foargonger boud.
Yn 1926 waarden it rêd en it binnenwurk ferwidere en ferfongen troch in diselmotor. Sûnt draait de mûne allinne noch foar de sjeu.
By in stoarm yn 1936 rekke de mûne in roede kwyt en ôfbraak drige, mar yn 1938 waard in komitee stifte om jild yn te sammeljen foar in restauraasje. De gemeente Maasslûs waard yn 1972 eigner en hat de mûne doe op 'e nij restaurearre.
De mûne waard yn 1990 ferkocht oan it wetterskip, dy't de mûne en it oanbuorjende mûndershûske út 1898 ûnderhâldt. De mûne en it mûndershûske binne ryksmonuminten.
Beskriuwing
bewurkje seksjeDe Wippersmûne is in rûne stiennen poldermûne. De wjukken hawwe in flecht fan 19,25 - 19,45 meter en binne Ald-Hollânsk ophekt. It ynterieur is net mear folslein oanwêzich.
Keppelingen om utens
bewurkje seksje- (ned) feriening De Hollânske Mûne
- (ned) Mûnedatabase
- (ned) Allemolens.nl
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|