Maarten 't Hart
Maarten 't Hart (Maasslûs, 25 novimber 1944) is in Nederlânsk gedrachsbiolooch en skriuwer, mei de skûlnammen Martin Hart en Jacob Stillebroer, en alter ego en Maartje 't Hart. 't Hart is troud mei Hanneke van den Muyzenberg en wennet yn Warmond.
Maarten 't Hart | ||
![]() | ||
![]() | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
oar pseudonym | Martin Hart | |
nasjonaliteit | Nederlânsk | |
berne | 25 novimber 1944 | |
berteplak | Maasslûs | |
wurk | ||
taal | Nederlânsk | |
sjenre | Roman, ferhalen, essay | |
bekendste wurk(en) |
Stenen voor een ransuil (1971) Ik had een wapenbroeder (1973) Een vlucht regenwulpen (1978) Het woeden der gehele wereld (1993) | |
útjouwer | De Arbeiderspers | |
jierren aktyf | 1971 – no | |
offisjele webside | ||
Maarten 't Hart yn de DBNL |
Libben en wurkBewurkje
Hy hat in protte romans skreaun. Syn boeken binne oerset yn ferskate talen en binne fral populêr yn Dútslân en Sweden. Trije romans binne yn it Ingelsk oerset: Een vlucht regenwulpen (1986), De aansprekers (1983) en De zonnewijzer (2004), en ek in tal koarte ferhalen.
De temaas fan syn romans hawwe faak autobiografyske komponinten:
- it plak dêr't er wenne, Maasslûs
- it strange Protestantisme dêr't er yn opbrocht is en dêr't er him tsjin fersette.
- de leafde fan in man foar in frou (of famke)
- de ferhâlding tusken in jonge en in âldere man (bygelyks: heit en soan, learaar en studint)
- skuld.
Syn boeken steane fol mei details oer natoer (it waar, planten, dieren) en litte syn leafde foar klassike muzyk (foaral de muzyk fan J.S. Bach, Mozart and Schubert) sjen. 't Hart is in pleiter fan it wurk fan ûnder oaren Simon Vestdijk, J. van Oudshoorn en de Deenske skriuwer Hjalmar Söderberg.
't Hart is in oanhinger fan de Partij foar de Bisten.
Hy hat (as Maartje 't Hart) de oandacht lutsen mei it dragen fan frouljusklean (travesty) op it boekebal fan 1993, dêr't de media by wiene. Letter is er dêr wer mei ophâlden.
't Hart en muzykBewurkje
Maarten 't Hart is in hertstochtlik leafhawwer en kenner fan klassike muzyk. Dêr hat er in soad essays oer skreaun en jierren fersoarge er cd-resinsjes yn it muzyktydskrift Luister. It meast bewûnderet er komponisten as Bach, Mozart, Schubert en Bruckner en hy tsjûge faak fan syn leafde foar de muzyk fan Prokofjev en Richard Strauss. Ek hat er it faker as ien kear opnaam foar Max Reger, Franz Schmidt en Nikolaj Medtner. Dêrfoaroer hat er net in protte wurdearring foar Mahler en Sjostakovitsj, dy't er "te depressyf" fynt. Ek Stravinsky jout er net folle om. Jazz, blues, reggae, countrymuzyk, popmuzyk en musical, beskôget er as "gedegenereerde rommel". Yn it haadstik De Daverdreun fan syn boek Mozart en de Anderen neamt er ien foar ien de beswieren op dy't er tsjin popmuzyk hat.
Bibliografy (yn 't koart)Bewurkje
- 1971 - Stenen voor een ransuil - roman, pseudonym Martin Hart
- 1973 - Ratten - stúdzje oer de biology fan de rôt, as Martin Hart.
- 1973 - Ik had een wapenbroeder - roman
- 1974 - Het vrome volk - ferhalen
- 1976 - De kritische afstand - essays
- 1976 - Natuurlijke historie - essays, mei Midas Dekkers
- 1976 - Avondwandeling - ferhaal
- 1977 - Mammoet op zondag - ferhalen
- 1977 - Laatste zomernacht - novelle
- 1978 - De som van misverstanden - essays
- 1978 - Een vlucht regenwulpen - roman
- 1978 - De dorstige minnaar - ferhalen
- 1978 - De stekelbaars - wittenskiplike stúdzje
- 1978 - A study of a short term behaviour cycle - proefskrift
- 1979 - Ongewenste zeereis - essays en ferhalen
- 1979 - De aansprekers - roman
- 1980 - De droomkoningin - roman
- 1981 - De zaterdagvliegers - ferhalen
- 1982 - De vrouw bestaat niet - essays
- 1982 - Alle verhalen
- 1983 - De kroongetuige - roman
- 1983 - Het eeuwige moment - essays
- 1984 - De ortolaan - boekewykepresint
- 1984 - Het roer kan nog zesmaal om - autobiografy
- 1985 - De huismeester - ferhalen
- 1985 - Ons leven - biografy
- 1986 - De jacobsladder - roman
- 1987 - De draagmoeder - ferhaal
- 1987 - Het uur tussen hond en wolf - roman
- 1988 - De steile helling - roman
- 1989 - De unster - ferhalen
- 1990 - Een dasspeld uit Toela - essays
- 1991 - Onder de korenmaat - roman
- 1992 - Een havik onder Delft - essays
- 1993 - Het woeden der gehele wereld - roman; ferfilme, regisseur Guido Pieters.
- 1994 - Du holde Kunst, over muziek - essays, ûnder oaren oer de kantates fan Johann Sebastian Bach.
- 1996 - Het gebergte. De tweeënvijftig romans van S. Vestdijk - essays (mei Hugo Brandt Corstius)
- 1996 - De nakomer - roman
- 1997 - Wie God verlaat heeft niets te vrezen. De Schrift betwist - essays
- 1998 - De vlieger - roman
- 1999 - Mijn vaderstad: een literaire wandeling door het Maassluis van Maarten 't Hart
- 1999 - De gevaren van joggen: dwarse boutades - kollums
- 1999 - Een deerne in lokkend postuur: persoonlijke kroniek - autobiografy
- 2000 - Johann Sebastian Bach - essays oer de komponist
- 2000 - De stiefdochters van Stoof
- 2002 - De bril van God. De Schrift betwist II - essays
- 2002 - De zonnewijzer - roman
- 2002 - Het meisje met de zwarte nagels - spesjale útjefte by gelegenheid fan it 40-jierrich jubileum as lid fan de Iepenbiere Bibleteek fan Leien
- 2003 - De scheltopusik - novelle, ferskynd foar De Bijenkorf
- 2004 - Lotte Weeda - roman
- 2006 - Mozart en de anderen - essays oer muzyk
- 2006 - Het Psalmenoproer - histoaryske roman
- 2007 - Maassluis - novelle
- 2007 - Het dovemansorendieet - Over zin en onzin van gewichtsverlies
- 2009 - Verlovingstijd
- 2010 - Dienstreizen van een thuisblijver - autobiografy
- 2011 - Dienstreizen van een thuisblijver, autobiografy
- 2012 - De groene overmacht
- 2013 - De dorstige minnaar, ferhaal (oplage 50 eks.)
- 2015 - Magdalena, roman
- 2016 - De moeder van Ikabod & andere verhalen, ferhalen.
- 2017 - De wereld van Maarten 't Hart, essays, ISBN 978-90-295-1465-1
- 2018 - Johann Sebastian Bach, essays, fannijs besjoene fjirde druk fan dy út 2000
- 2019 - De nachtstemmer, roman
Underskiedingen en literêre prizenBewurkje
- Ridder yn de Oarder fan de Nederlânske Liuw, 2003.
- Eareboarger fan Maasslûs.
- De Multatulipriis foar Het vrome volk, 1975
- De Gouden Strop foar Het woeden der gehele wereld, 1994.
- Op 29 novimber 2014 krige 't Hart in Diamanten Boek, omdat der fan de earste druk ôf oan mear as in miljoen stiks fan syn roman Een vlucht regenwulpen ferkocht wiene. De ûnderskieding waard útrikt troch de CPNB op it einfeest fan Nederland Leest.
- Yn 2017 ûntfong Maarten 't Hart de J.M.A. Biesheuvelpriis foar de bêste koarteferhalebondel foar De moeder van Ikabod.[1]
- 2018, Ina Dammanpriis.
FerskaatBewurkje
Maarten 't Hart is yn de fierte famylje fan kabaretier en sjonger Wim Sonneveld.[2]
LiteratuerBewurkje
- Elsbeth Etty, Minnebrieven aan Maarten. Over Maarten 't Hart en zijn oeuvre, 2019, ISBN 9789029540421
Keppeling om utensBewurkje
- In ûndersyk nei de represintaasje fan it kalvinisme yn inkele wurken fan Maarten ’t Hart (dok) - Albert van Zanten
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Maarten 't Hart fan Wikimedia Commons. |