Hugo Brandt Corstius

Hugo Brandt Corstius (Eindhoven, 29 augustus 1935 - Amsterdam, 28 febrewaris 2014) wie in Nederlânsk skriuwer en wittenskipper dy’t sawol yn de alfa- as yn de bètawittenskippen wurke hat. Hy wie ûnder oare as kollumnist bekend wurden ûnder syn skûlnammen Piet Grijs, Stoker, Raoul Chapkis en Battus.

Hugo Brandt Corstius
skriuwer
Brandt Corstius by “Het Voorwoord” yn De Haach
Brandt Corstius by “Het Voorwoord” yn De Haach
persoanlike bysûnderheden
oar pseudonym Piet Grijs,
Stoker,
Raoul Chapkis,
Battus
echte namme Hugo Brandt Corstius
nasjonaliteit Nederlânsk
berne 29 augustus 1935
berteplak Eindhoven
stoarn 28 febrewaris 2014
stjerplak Amsterdam
wurk
taal Nederlânsk
prizen P.C. Hooft-priis (1987)

Brandt Corstius studearre wiskunde yn Amsterdam dêr’t hy in learling wie fan Adriaan van Wijngaarden, dy’t syn ynteresse foar it nije fakgebiet ynformatika wekker rôp.[1] Hy promovearre yn 1970 op in proefskrift oer kompjûtertaalkunde en wurke earst by it Matematysk Sintrum yn Amsterdam. By it grutte publyk is hy benammen bekend fanwege syn letterkundige kant, te witten:

Pseudonimen en oanfallen

bewurkje seksje
 
Hugo Brandt Corstius mei syn soan Jelle

Brandt Corstius skreau ûnder ferskate (>60) skûlnammen, allonimen en piknammen, wêrby’t (nei eigen sizzen) elke skûlnamme in diel fan syn aard fertsjintwurdige. Hy begûn syn karriêre as skriuwer lykwols ûnder syn eigen namme yn studinteblêd Propria Cures, dêr’t er redakteur wie fan 1957 oant 1959.

Hy skreau yn Vrij Nederland alle wiken in kollumn ûnder de skûlnamme Piet Grijs. Fan 1979 - 1986 skreau hy ek yn de Volkskrant ûnder de skûlnamme Stoker. Ein 2008 ferskynde nei lange jierren de leste kollumn fan Piet Grijs yn Vrij Nederland. Haadredakteur Frits van Exter en Brandt Corstius sels liet yn’e midden oft er ûntslein wie as wol ûntslach nomd hie.

As Piet Grijs skreau hy in rige oanfallen op de Leienske kriminolooch Wouter Buikhuisen dy’t middels in harsensûndersyk in ferbân socht tusken kriminaliteit en sosjobiologyske faktoaren. Hy fergelike Buikhuisen, dy’t krekt beneamd wie as heechlearaar oan de Universiteit Leien, mei Joop Glimmerveen, de lieder fan de ekstreemrjochtse Nederlandse Volks-Unie. Brandt Corstius brûkte dêrby it argumentum ad hominem troch it brûken fan termen as: "hy is in keale, ympotinte karriêrewittenskipper", in "ferbline fakidioat", in "bedrager", in "aartsopportunist", in "domme sjarlatan".

Buikhuisen krige troch dy oanfallen te krijen mei bommeldingen, in fersteurde oraasje en waard bedrige mei de dea. Hy ferlear op’t lêst de steun fan de universiteit. Jierren letter waard soksoarte ûndersyk in algemien akseptearre ûndersykdissipline, mar yn it politike en wittenskiplike klimaat fan de jierren santich wienen de oardielen[2] fan Brandt Corstius oanlieding ta it folslein dwersekerjen fan it ûndersyk en it brekken fan Buikhuisen syn karriêre. Brandt Corstius hat him nea distansjearre fan de artikelrige en liet noch yn 2009 witte net fan oardiel feroare te wêzen[3].

Piet Grijs wie ek diels ferantwurdlik foar it him weromlûken fan Paul Cliteur út it politike debat yn 2004. Cliteur fielde him te bedrige, en fierde as bykommende reden ûnder mear opinystikken fan Grijs, Marcel van Dam en Thijs Wöltgens op.[4]

Oare pseudonimen dy’t er brûkte binne Battus (ûnder oare yn NRC Handelsblad en Vrij Nederland), Raoul Chapkis, Victor Baarn, Batticus, Hugo Battus, Dolf Cohen, Maaike Helder, Peter Malenkov en Talisman, bûten in 60- oant 70-tal oare skûlnammen en/of ûndertekeningen.

Twa fan de boeken dy’t hy skreaun hat ûnder de skûlnamme Battus binne Opperlandse taal- & letterkunde en tweintich jier letter de opfolger Opperlans!. Dat binne letterkundige boeken dy’t de foarm fan de Nederlânske taal beskriuwe, sûnder acht te slaan op de betsjutting.

P.C. Hooft-priis

bewurkje seksje

Yn 1985 wegere it destiidske Kabinet-Lubbers I de P.C. Hooft-priis foar syn totale essayistysk oeuvre oan Hugo Brandt Corstius út te rikken, ek al wie er dêrfoar foardroegen troch de sjuery. Dat wie omdat hy neffens de ferantwurdlike minister Elco Brinkman 'it kwetsen ta ynstrumint ferheft hie'. It fergelykjen fan de destiidske minister fan Finansjen Onno Ruding mei de oarlochsmisdiediger Adolf Eichmann hie dêr grif skuld oan. De sjuery dy’t Brandt Corstius foardroegen hie protestearre fûl en trede of. It waard in wiere media-rel en de P.C. Hooft-priis is twa jier lang net útrikt; dy waard dêrnei fan Steatspriis degradearre ta 'gewoane' priis. Yn 1987 wie Brandt Corstius de earste skriuwer dy’t de fernijde P.C. Hooft-priis yn ûntfangst nimme mocht.

Leonardo-learstoel

bewurkje seksje

Oan de Universiteit fan Tilburg beklaaide hy yn 1998 de Leonardo-learstoel. Yn syn kolleezjes brocht er in filosofy oer it bewustwêzen. Yn syn teory waard it bewustwêzen losknipt fan ferheven notysjes as "de siel" of "de geast". It bewustwêzen (opfetten as ûnwjerlisbere noasje te witten, te fielen, der fan trochkrongen wêze datst bestiest en dat men ek bestean soe as in diel fan de harsens der net mear wêze soenen) wurdt ferklearre as in "loftspegeling" dy’t ûntstiet troch de rekursive wurking fan ús harsens. (Dy teory is besibbe oan wat Douglas Hofstadter skriuwt yn Gödel, Escher, Bach.) Metafoar fan ús harsens as in stilsteande fiver, dêr’t in stien yn smiten wurdt. De stien ferspriedt rûnten, dy’t op de rânen botse en dan weromkeatse en ynterferearje mei letter ûntstiene rûnten.

Brandt Corstius is anno 2005 dosint neerlandistyk oan de Sorbonne.

Famylje Brandt Corstius

bewurkje seksje

Hugo Brandt Corstius wie de soan fan de Utertske heechlearaar Nederlânske letterkunde J.C. Brandt Corstius, (1908-1985), broer fan âld-direkteur fan it Arnhimsk Gemeentemuseum, de keunsthistoarika Liesbeth Brandt Corstius, (1940), en de heit fan skriuwster, sjoernaliste en kollumniste Aaf Brandt Corstius (1975) en fan sjoernalist en programmamakker Jelle Brandt Corstius (1978).

  • 1966 - De reizen van Pater Key (ûnder de skûlnamme Raoul Chapkis)
  • 1966 - Zes dagen onbedachtzaamheid kan maken dat men eeuwig schreit (as Raoul Chapkis)
  • 1966 - Ik sta op mijn hoofd (as Raoul Chapkis)
  • 1970 - Exercises in Computational Linguistics (dissertaasje)
  • 1970 - Grijsboek, of de nagelaten bekentenissen van Raoul Chapkis
  • 1971 - Zinnig tuig (as Piet Grijs)
  • 1972 - Blijf met je fikken van de luizepoten af! ISBN 9021496844
  • 1974 - Algebraïsche taalkunde
  • 1974 - Weer een nieuw vak?
  • 1975 - A is een letter (as Piet Grijs)
  • 1975 - Piet Grijs is gek (as Piet Grijs)
  • 1977 - Kritiek op kritiek (as Piet Grijs)
  • 1978 - Computer-taalkunde
  • 1978 - Televisie, psychiaters, computers en andere griezelverhalen (as Piet Grijs)
  • 1978 - De encyclopedie (as Battus)
  • 1978 - Buikhuisen; dom én slecht (as Piet Grijs)
  • 1980 - De Kroon (as Victor Baarn)
  • 1981 - Opperlandse taal- & letterkunde (as Battus) ISBN 9021451344
  • 1981 - Verzameld werk (as Raoul Chapkis)
  • 1982 - Verbrande turf (as Stoker)
  • 1982 - ...honderd, ik kom! (as Piet Grijs en oaren)
  • 1984 - De Encyclopedie (as Battus)
  • 1985 - Tussen letter en boek (as Battus)
  • 1987 - Liegen, loog, gelogen (as Dolf Cohen)
  • 1988 - Denk na
  • 1988 - Een lettertje verschil/Een kettertje verschik (als Battus)
  • 1990 - O'dom (as Battus)
  • 1990 - Q (als Battus)
  • 1991 - Symmys (as Battus)
  • 1992 - De man die niet meer in de rij wou staan (as Peter Malenkov)
  • 1993 - Letterkunst (as Battus)
  • 1993 - Schuld en boete (as Piet Grijs)
  • 1993 - Onbewolkt (as Maaike Helder)
  • 1993 - Talismania (as Talisman)
  • 1995 - De hoofdredacteur
  • 1995 - Water en vuur
  • 1999 - Het bewustzijn
  • 2001 - Dingen leren
  • 2002 - Opperlans! (as Battus)
  • 2003 - Vormen en woorden (Vermeerlêzing, as gastskriuwer oan de Technyske Universiteit Delft)
  • 2005 - Klein maar zijn (as Batticus)
  • 2006 - Eetgeenvlees
  • 2007 - Opperlans woordenboek (as Battus)
  • 2009 - Mensenarm dierenrijk

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Hugo Brandt Corstius (2003). De desillusie van mijn leven of Remember November. Yn Tanja Gaustad, red. Computational Linguistics in the Netherlands 2002: Selected Papers from the Thirteenth CLIN Meeting. Amsterdam/New York: Rodopi.
  2. nei te lêzen yn it haadstik: 'Buikhuizen - dom én slecht', van de bundel: ...honderd, ik kom! (1982), siden 34-67
  3. Wouter Buikhuisen over Brandt Corstius
  4. Cliteur stopt als columnist. Mare 25, 25 maart 2004.