Jan Brandt Corstius
Johannes Christiaan (Jan) Brandt Corstius (Rotterdam, 31 desimber 1908 – Odijk, 3 desimber 1985) wie in Nederlânsk letterkundige. Hy wie ien fan de oprjochters fan it Humanistysk Ferbûn.
Jan Brandt Corstius | ||
Jan Brandt Corstius (1949) | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | Johannes Christiaan Brandt Corstius | |
nasjonaliteit | Nederlânsk | |
berne | 31 desimber 1908 | |
berteplak | Rotterdam | |
stoarn | 3 desimber 1985 | |
stjerplak | Odijk | |
wurkpaad | ||
berop/amt | letterkundige, heechlearaar ferlykjende literatuerwittenskip nei de midsiuwen |
Wurkpaad
bewurkje seksjeBrandt Corstius promovearre 1934 oan de Ryksuniversiteit Utert op it proefskrift "Herman Gorter, een bijdrage tot de kennis van zijn leven en werk". Yn de jierren tritich wie er warber yn de Jongeren Vredes Actie (JVA). Oant 1959 wie er learaar Nederlânsk oan it Utertsk Steedlik Gymnasium.
Fan 1960 oant 1975 wie Brandt Corstius heechlearaar 'fergelykjende literatuerwittenskip nei de Midsiuwen' oan de Ryksuniversiteit Utert. Hy publisearre yn tydskriften ûnder oaren "De dichter Marsman en zijn kring" en "De muze in het morgenlicht".
Hy stoar yn 1985 yn de âldens fan 76 jier.
Famylje
bewurkje seksjeBrandt Corstius wie de heit fan keunsthistoarika Liesbeth Brandt Corstius (1940) en wis- en taalkundige, skriuwer, kollumnist en literatuerkriticus Hugo Brandt Corstius (1935) én de pake fan skriuwster en kollumniste Aaf Brandt Corstius (1975) en sjoernalist en programmamakker Jelle Brandt Corstius (1978).
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |