Midas Dekkers

Nederlânsk sjoernalist
Midas Dekkers

Wandert Jacobus Dekkers, better bekend as Midas Dekkers, (Haarlim, 22 april 1946) is biolooch en skriuwer van fiksje en non-fiksje foar bern en folwoeksenen. Hy wennet yn Weesp.

Dekkers skreau mear as 50 berne- en jeugdboeken. Yn syn net-optochte wurk skriuwt er oer ûnderwerpen dy't mei biology te meitsjen hawwe. Dêrneist skriuwt Dekkers fiksjoneel proaza foar folwoeksenen. Hy is in skerp observator en biologysk-wittenskiplike tema's kin er mei gefoel foar koartswilligens ferwurdzje. Syn wurk is populêr en wurdt regelmjittich werprinte.

KollumnsBewurkje

Sûnt 1980 wie Dekkers kollumnist by it VARA-radioprogramma Vroege Vogels en VARA TV Magazine. Ek wie er warber foar it telefyzjeprogramma Nieuwslicht.

Hy stoppe op 11 febrewaris 2007 nei, neffens de Vara, de 1250e kollumn.

BoekenBewurkje

Yn syn boek Lief Dier beskriuwt er bestialiteit yn de Westerske maatskippij fan doe en hjoed.

De Vergankelijkheid giet oer de ein dat elts libben grif kent, en noch mear oer de fraach hoe't de minske omgiet mei syn fergonklikens. Itselde tema behannelt er wynliken yn Lichamelijke oefening dat oer de sin en ûnsin fan sport giet.

BibliografyBewurkje

Dizze bibliografy jout alline populêr-wittenskiplike boeken.

  • 1985- Houden beren echt van honing?. Berneboekewikepresint.
  • 1992 - Lief dier. Oer bistialiteit
  • 1997 - De vergankelijkheid
  • 2002 - De larf
  • 2004 - Poot, bondele kollums
  • 2004 - Poes, bondele kollums
  • 2005 - Pets, bondele kollums
  • 2005 - ...leest A. Koolhaas, bondele ferhalen fan Anton Koolhaas, garre troch Midas Dekkers.
  • 2006 - De tor en de koeskoes, bondele kollumns
  • 2006 - Lichamelijke oefening
  • 2007 - De Walrus en andere beesten
  • 2008 - ...leest de jaloerse kip en andere beesten (harkboek)
  • 2009 - Piep. Een kleine biologie der letteren (boekewike-essay)
  • 2011 - Rood: Een Bekoring
  • 2014 - De kleine verlossing of de lust van ontlasten
  • 2015 - De thigmofiel
  • 2017 - Volledige vergunning

TelefyzjeBewurkje

Sleepboatkaptein Midas Dekkers yn Almelo (2018)

Neist syn stikjes yn Nieuwslicht makke Dekkers ek berneprogramma's sa as Max Laadvermogen en Pootjes en programma's foar folwoeksenen, sa as Midas en Gefundenes Fressen en sûnt 2016 Het ei van Midas en De Eilanden foar Omrop Max. Hy wurdt ek faak yn programma's fan oaren frege om allerhanne ferskynsels fan kommintaar te foarsjen.
Yn oktober 2019 waard Midas Dekkers de earste Drs.P-trofee takend. [1] [2]

Keppelings om utensBewurkje

Boarnen, noaten en referinsjesBewurkje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Midas Dekkers fan Wikimedia Commons.