Weesp
Weesp is in stêd en gemeente yn de provinsje Noard-Hollân. De gemeente hat 20.546 ynwenners (1 july 2021) en in oerflakte fan 21,88 km² (wêrfan 1,21 km² wetter). Oare kearnen binne De Horn en Uitermeer. Weesp is benammen in forinzestêd fan it tichteby lizzende Amsterdam.
Weesp | |
---|---|
![]() | |
Flagge | Wapen |
![]() |
![]() |
Sifers | |
Ynwennertal | 20.546 (1 july 2021) |
Oerflak | 24,16 km² |
Befolkingstichtens | 902 /km² |
Hichte | 1 m |
Polityk | |
Lân | ![]() |
Provinsje | ![]() |
Gemeente | ![]() |
Oar | |
Stifting | 1355 |
Koördinaten | 52° 31′ 0″ NB, 5° 3′ 0″ EL |
Webside | http://www.weesp.nl/ |
Nei in referindum oer de bestjoerlike takomst yn maart 2018 waard besletten dat de gemeente op 24 maart 2022 fusearje sil met de gemeente Amsterdam. Yn de gemeente Amsterdam sil Weesp de status fan bestjoerskommisjegebiet krije mei in status aparte.
SkiednisBewurkje
Earste bewenningBewurkje
De omjouwing moat al lange tiid bewenne west hawwe. Der binne yn Weesp resten fûn fan delsettingen út de 6e iuw foar Kristus. In de Aetsveldsche polder ten suden fan Weesp waard troch de Stichting foar Boaiemkartearring út Wageningen in fynplak ûntdekt út de Midden- en Lette Izertiid. Ut it ûndersyk kaam de konklúzje dat ± 300-200 f.Kr. de ouwers oan de Fecht yntinsyf bewenne waarden.
De earste fermeldingen fan Weesp binne fan omtrint it jier 1150 as Wispe of Wesopa.
Festing WeespBewurkje
Foar 1355 hie Weesp al in ierden en houten omwâling. Op 20 maaie 1355 ferliende Willem fan Beieren, de greve fan Hollân, stedsrjochten oan Weesp. De stêd lei nammentlik strategysk oan de grins tusken de greven fan Hollân en de biskop fan Utert. De stêd krige mei de stedsrjochten in eigen bestjoer, eigen rjochtspraak en ek waard it poarterrjocht ynfierd, dat needsaaklik wie foar de bewenners dy't in eigen berop of bedriuw útoefenje woenen. Troch it ferlienen fan dizze stedsrjochten en útwreidingen dêrop troch Albrecht fan Beieren en Karel V, waard Weesp in wolfarrende stêd. De stedsrjochten makken it ek mooglik dat de stêd him better ferdigenje koe en sûnt 1517 waarden der stiennen stedsmuorren oanlein.
Nei de Frânske belegering yn 1627 waard de ferdigening fan Weesp flink útwreide mei fjouwer bastions , wêrfan twa op de Ossenmarkt, it troch it graven fan in grêft ûntstiene eilân yn de Vecht. De festing waard lykwols nea foltôge. De oare fjouwer bastions dy't yn it ûntwerpplan sieten waarden net boud, nei alle gedachten fanwege jildpine. Twa singels markearje it plak dêr't dizze bastions komme sild hienen. De festing mei it toerfort oan de Ossenmarkt en de tichtby lizzende forten makken diel út fan de Hollânske Wetterliny en letter ek fan de Stelling fan Amsterdam. Ten easten fan Weesp leit Fort Uitermeer, ten súdeasten it Fort by Hinderdam en ten noarden de festingstêd Muiden.
Niverheid wie altyd wichtich foar Weesp: jeneverstokerijen en kakauproduksje spilen iuwenlang in rol yn de lokale ekonomy.
It besjen wurdichBewurkje
Weesp heeft een histoaryske binnenstêd mei:
- Rom 200 ryksmonuminten.
- Festingwurken, wêrûnder it toerfort út 1861 en wâlen.
- De goatyske Grutte of Sint Laurenstsjerke (1462) mei n Bätzoargel út 1823.
- It neoklassisistyke stedhûs fan Weesp, boud yn 1772-1776 troch Jacob Otten Husly, mei hjiryn it gemeentemuseum mei û.a. Weesper porselein.
- Yn Weesp hawwe fanâlds in soad moles stien. Dêrfan binne der noch trije oer: de Vriendschap, de Eendragt en 't Haantje.
- Fierders hat Weesp ek in teater neamd de City of Wesopa.
Fúzje gemeentenBewurkje
De gemeenteried fan Weesp hat de wins útsprutsen om te fusearjen mei de gemeenten Bussum, Muiden en Naarden. Gemeente Bussum sjocht mear yn in fúzje mei allinnich de gemeente Naarden. In fúzje fan Weesp en Muiden is ek mooglik.
Bekende WeespersBewurkje
BerneBewurkje
- Willem van Beusekom (1947-2006), omropdirekteur, presintator en radio-dj
- Lars Boom (1946), senarioskruwer, auteur, akteur en presintator
- Mies Bouhuys (1927-2008), dichteres, senario-, toaniel- en berneboekeskriuwster
- Wendy van Dijk (1971), aktrise en tv-presintatrise
- Caya de Groot (1967), aktrise
- Johan Mittertreiner (1915-2009), balletdûnser
- Debby Petter (1956), kabaretière, nijslêster en tv-presintatrise, frou fan Youp van het Hek
OpgroeidBewurkje
- Sacha de Boer (Amsterdam, 1967), nijslêster
- Leontine Ruiters (Naarden, 1967), telefyzjepresintatrise, aktrise en frou fan sjonger Marco Borsato
WenjendBewurkje
- Rik van den Boog (Amsterdam, 1959), direkteur AFC Ajax
- Midas Dekkers (Haarlim, 1946), biolooch en skriuwer
- Winston Gerschtanowitz (Amsterdam, 1976), akteur en telefyzje-presintator
- Wilbert Gieske (Den Haach, 1947), akteur
FerskaatBewurkje
- Weesp ûnderhâldt in stêdebân mei Svitavy yn Tsjechje.
- In Weesper wurdt ek wol in Weesper mop neamd nei it pleatslike mangelkoekje.
Weesp is lid van de Nederlânske Feriening fan Festingstêden.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|