Treinramp by Weesp
De treinramp by Weesp barde op freed 13 septimber 1918 om 10.25 oere doe't it talúd fan de brêge oer it Merwedekanaal[1]. fuortsakke en flugge trein 102 ûntspoarde. By de ûntspoaring kamen 41 passazjiers om it libben, en rekken 42 passazjiers ferwûne. It ûngelok is ien fan de grutste treinrampen út de skiednis fan de spoarwegen yn Nederlân.
Treinramp by Weesp | ||
Ravaazje nei de treinramp fan Weesp op 13 septimber 1918. | ||
bysûnderheden | ||
type ramp | treinramp | |
oarsaak | Ierdferskowing troch rein en te hege grûnwetterpeil | |
datum | 13 septimber 1918 | |
tiid | 10.25 oere | |
lân | Nederlân | |
provinsje | Noard-Hollân | |
plak | Weesp | |
statistiken | ||
deaden | 41 | |
ferwûnen | 42 | |
lokaasje | ||
Lokaasje fan 'e treinramp yn Nederlân.
|
- Net te betiizjen mei Treinûngelok by Weesp, in ûngelok mei twa passazjierstreinen yn 1953.
Belutsen trein en omstannichheden
bewurkje seksjeGearstalling fan de trein
bewurkje seksjeDe trein wie yn Amersfoart gearstald út twa dielen fan izeren en houtene reauwen, de foarste rydtugen kamen út Swol, de efterste út Ynskedee. Yn Hilfertsom waard noch in rydtúch oanheakke. De trein bestie út lokomotyf HSM 520 en alve rydtugen, wêrfan't de earste fjouwer fan de SS en de rest fan de HSM wie. De tiid om ôf te reizgjen wie 9.46 oere út Amersfoart en 10.10 oere út Hilfertsom, neffens de tsjinstregeling hie de trein om 10.40 oere yn Amsterdam oankomme moatten.
It ûngelok
bewurkje seksjeBy it opriden fan de brêge oer it Merwedekanaal út stasjon Weesp wei sakke it talúd oer in lingte fan 90 meter fuort, ta gefolch fan de oerfloedige rein fan de foargeande tiid en de minne steat dêr't 't talúd yn ferkearde. Op it momint fan de ferskowing wie de lokomotyf al op de brêge en hy bleau hingjen yn it izerwurk fan de brêge. De lokomotyf en de tender kypten nei rjochts. De tender bleau lizzen op 'e lânhaad, in bagaazjereau derefter kaam tsjin it lânhaad ta stilstân. De folgjende trije rydtugen sakken nei ûnderen en skoden yninoar en opinoar. De houten boppebou waard foar it grutste part fersplintere, wêrtroch't hjir de measte deaden en ferwûnen foelen. It tredde rydtúch waard boppedat bedobbe troch in dêrefter ridende bagaazjereau en in postreau, dy't troch de faasje foar in part njonken de foargeande rydtugen telâne kamen. It rydtúch efter it postreau kaam skean omleech te hingjen, mar wie amper skansearre. De lêste rydtugen fan de trein ûntspoarden wol, mar bleaune op de spoarbaan stean.
Helpferliening
bewurkje seksjeIt ûngelok barde om 10.25 oere. Twa minuten earder wie noch in trein fan Amsterdam nei Hilfertsom passearre. De stasjonsjef fan Weesp sloech om 10.45 oere alarm. In yn 'e trein tafallich oanwêzige sjirurch ferliende de earste help, gau assistearre troch twa alarmearre dokters út Weesp. Dêrneist wiene koart nei de ramp fjouwer nonnen, militêren dy 't tafallich yn de buert wiene en it net ferwûne rekke spoarweipersoniel belutsen by de earste help ferliening. De ferwûnen waarden mei treinen en boaten nei sikehuzen yn Amsterdam brocht.
Nei de ramp
bewurkje seksjeDe treinen tusken Amsterdam en Amersfoort waarden foarearst omlaat fia Breukelen en Utert, foar de forinzen rieden der inkelde treinen fan Naarden-Bussum fia Hilvertsom en Utert nei Amsterdam. Seis dagen nei de ramp waard it treinferkear oer ien spoar wersteld mei in maksimumfaasje fan 5 km/o. Nei reparaasje fan de brêge en de dyk wiene op 2 desimber beide spoaren wer frijjûn.
De dei nei de ramp waard in kommisje fan ûndersyk ynsteld ûnder foarsitterskip fan minister Lely. It ûndersyk late ta de konklúzje dat it sânlichem troch de lange rein folslein ferweakke wie. Dat waard fersterke trochdat der ûntrochlittende lagen wiene wêrtroch't it wetter net fuort koe. Boppedat wie der kwelwetter út it Merwedekanaal ûnder de diken troch sipele. It grûnwetterpeil yn de spoardyk wie dêrtroch omheech gien oant boppe it meanfjild. As gefolch fan it passearjen fan de trein rekke it sânlichem yn trilling en de min ofte mear floeiber wurden talúd beswiek en skode fansiden.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|