Stasjon Breukelen
Stasjon Breukelen (Bkl), iepene op 18 desimber 1843, is in spoarweistasjon yn it Nederlânske doarp Breukelen yn de gemeente Stichtske Fecht yn de provinsje Utert. It stasjon leit oan de Rhijnspoarwei (Amsterdam Sintraal - Elten).
Stasjon Breukelen station Breukelen | ||
Stasjon Breukelen yn 2020 | ||
lokaasje | ||
lân | Nederlân | |
Provinsje | Utert | |
Gemeente | Stichtske Fecht | |
plak | Breukelen | |
adres | Amerlandseweg 13 | |
arsjitektuer | ||
stasjonskoade | Bkl | |
iepening | 18 desimber 1843 | |
boujier | 1872 1e stasjonsgebou 1980 2e stasjonsgebou | |
sloopjier | 1980 1e stasjonsgebou 2006 2e stasjonsgebou | |
arsjitekt | 1872 Arsjitekt ûnbekent 1e stasjonsgebou C. Douma 2e stasjonsgebou | |
oare ynformaasje | ||
perrons | 1 | |
perronspoaren | 2 | |
spoarline | Rhijnspoarwei | |
offisjele webside | ||
NS stasjonsynformaasje | ||
kaart | ||
Gebou
bewurkje seksjeIt oarspronklike spoarweistasjon fan Breukelen waard iepene yn 1872, njoggenentweintich jier neidat it spoar ree kaam wie. It symmetryske gebou bestiet út in leech middendiel mei twa eingebouwen fan oardel ferdjipping dy 't heaks op it middendiel stean.
It stasjon waard yn 1980 ôfbrútsen en ferfongen troch in nij gebou bekend as Standerttype Beilen fan de hân fan arsjitekt Cees Douma. It 2e stasjonsgebou waard yn 2006 sloopt, om plak te meitsjen foar spoarferdûbeling tusken Amsterdam en Utert. Under de spoaren komme in fiadukt foar fuotgongers, fytsers en it wetter fan de Groote Heicop. Ek steane hjir de kaartautomaten en is fia in trep en in lift it foar in part oerdutsen eilânperron te berikken.
Treinferbinings
bewurkje seksjeSearje | Treintype | Rûte | Tsjinstroaster |
---|---|---|---|
4000 | Sprinter (NS) | Uitgeest – Saandam – Amsterdam Sintraal – Breukelen – Woerden – Gouda – Rotterdam Sintraal | |
7300 | Sprinter (NS) | Breukelen – Utert-Sintraal – Driebergen-Zeist – Veenendaal Sintrum – Rhenen | |
7400 | Sprinter (NS) | Uitgeest – Saandam – Amsterdam Sintraal – Breukelen – Utert Sintraal – Driebergen-Zeist |
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|