Stasjon Driebergen-Seist
Stasjon Driebergen-Seist (Db) is in spoarweistasjon tusken de plakken Driebergen-Rijsenburg en Seist it leit san 2 km fan Driebergen-Rijsenburg yn de gemeente Utertske Heuvelrêch en waard iepene yn 1844 oan de Rhijnspoarwei (Amsterdam Sintraal - Elten). Tusken dizze Utertske plakken is yn 2020 it tredde stasjonsgebou sûnt 1864 iepene. Fan 1901 oant 1941 wie der ek persoaneferfier oer de spoarline nei De Bildt. Dy line is yn 1978 opbrutsen.
Stasjon Driebergen-Seist station Driebergen-Zeist | ||
Stasjon Driebergen-Seist yn 2020 | ||
lokaasje | ||
lân | Nederlân | |
Provinsje | Utert | |
Gemeente | Utertske Heuvelrêch | |
plak | Driebergen-Rijsenburg | |
adres | Oude Stationsweg 11 | |
arsjitektuer | ||
stasjonskoade | Db | |
type | Trochgongsstasjon | |
iepening | 17 juny 1844 | |
boujier | 1864 1e stasjonsgebou 1962 2e stasjonsgebou 2020 3e stasjonsgebou | |
sloopjier | 1962 1e stasjonsgebou 2017 2e stasjonsgebou | |
arsjitekt | 1864 Arsjitekt ûnbekend 1e stasjonsgebou 1962 M.W. Markenhof & K. van der Gaast 2e stasjonsgebou 2020 Arcadis 3e stasjonsgebou | |
oare ynformaasje | ||
perrons | 1 | |
perronspoaren | 2 | |
spoarline | Rhijnspoarwei | |
offisjele webside | ||
NS stasjonsynformaasje | ||
kaart | ||
Gebou
bewurkje seksjeIt oarspronklike stasjonsgebou fan Driebergen-Seist waard iepene yn 1864, tweintich jier nei iepeing fan it stasjon. In relatyf lang en leech rjochthoekige gebou mei stasjonsfoarsjenningen en in wenning. Oan de spoarkant lâns it gebou wie in houten kape boppe it perron makke. It stasjonsgebou waard sûnt de iepening meardere kearen ferboud. Yn 1899 kaam der oan de linkerkant in ekstra ferdjipping by, Ek de gevel fan de ûnderste ferdjipping is by dizze ferbouwing oanpast. Yn 1900 komt njonken stasjonsgebou in nije útgong. It sierlik útfierde poartegebou hat oan elke kant in húske. It eilânperron krijt in stielen perronkape. Tusken it stasjonsgebou en it eilânperron komt in brêge.
Yn 1962 waard it earste stasjonsgebou sloopt en ferfongen troch nijbou, ûntwurpen troch de arsjitekten M.W. Markenhof & Koen van der Gaast. In leech gebou dat benammen út gielgrize bakstien bestie, mei in soad houten betimmeringen en daklizzers. It gebou hie in ranke klokketoer mei NS-logo. De brêge hie al earder plakmakke foar in tunnel, en de perronoerkaping út 1864 is bewarre bleaun.
It stasjonsgebou út 1962 waard yn febrewaris 2017 sloopt om plak te meitsjen foar in ekstra spoar en in bredere eilânperron. It stasjonsgebiet waard ferdjippe oanlein ûnder it eilânperron. Hjir binne hjoed-de-dei ek de stasjonsfoarsjenningen te finen. De perronkape út 1864 is by de nijbou yntegrearre yn de nije kap. It nije stasjonsgebou kaam yn 2020 ree.
Treinferbinings
bewurkje seksjeSearje | Treintype | Rûte | Tsjinstroaster |
---|---|---|---|
3000 | Intercity (NS) | Nimwegen – Arnhim Sintraal – Ede-Wageningen – Veenendaal-De Klomp – Driebergen-Seist – Utert Sintraal – Amsterdam Sintraal – Saandam – Alkmar – De Helder | Veenendaal-De Klomp wurdt allinnich nei 20:00 en yn it wykein betsjinne troch dizze searje. |
23400 | Nachtnet Intercity (NS) | Utert Sintraal – Driebergen-Seist – Veenendaal-De Klomp – Ede-Wageningen – Arnhim Sintraal – Elst – Nimwegen | Alinne freedtenachts en sneontenachts, stoppet richting Utert-Sintraal net op Veenendaal-De Klomp en Driebergen-Seist. |
7300 | Sprinter (NS) | Breukelen – Utert-Sintraal – Driebergen-Seist – Veenendaal Sintrum – Rhenen | |
7400 | Sprinter (NS) | Uitgeest – Saandam – Amsterdam Sintraal – Breukelen – Utert Sintraal – Driebergen-Seist |
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|