Stasjon De Helder

Stasjon De Helder (Hdr) is it wichtichste spoarweistasjon yn de Nederlânske stêd De Helder yn de provinsje Noard-Hollân. It earste stasjon waard yn gebrûk naam op 20 desimber 1865 mei de iepening fan de Steatsline K.

Stasjon De Helder
station Den Helder
Stasjon De Helder yn 2007
Stasjon De Helder yn 2007
lokaasje
lân Nederlân
Provinsje Noar-Hollân
Gemeente De Helder
plak De Helder
adres Parallelweg 4
arsjitektuer
stasjonskoade Hdr
type Kopstasjon
iepening 20 desimber 1865
boujier 1865 1e stasjonsgebou
1958 2e stasjonsgebou
sloopjier 1958 1e stasjonsgebou
arsjitekt 1865
Karel Hendrik van Brederode
1e stasjonsgebou
1865
G.J. van der Grinten
2e stasjonsgebou
monumintale status gemeentlik monumint
monumintnûmer 0400
oare ynformaasje
perrons 2
perronspoaren 3
spoarline Steatsline K
4143 (2018)
offisjele webside
NS stasjonsynformaasje
kaart
Stasjon De Helder (De Helder)
Stasjon De Helder
 
1e stasjonsgebou stasjon De Helder yn de 20'er jierren
 
Alde stasjon
,
Nije stasjon
Lokaasjes stasjonsgebouwen

It oarspronklike spoarweistasjon fan De Helder wie in standertstasjon fan de Steatsspoarwegen, in stasjon fan it type SS tredde klasse, en is ien fan de njoggen stasjons dy't yn dy klasse boud is. It gebou wie in ûntwerp fan de arsjitekt Karel Hendrik van Brederode.

Doe't de spoarline fan Alkmaar nei De Helder yn 1958 elektrifisearre waard, is dat gebou sloopt en ferfongen troch in nij gebou dat 600 meter súdliker kaam te lizzen om't it gemeentebestjoer woe dat de stêd net langer yn twaen dield waard troch it spoar. It nije stasjon waard ûntwurpen troch Joost van der Grinten. It waard in echt kopstasjon mei de stasjonshal yn it ferlingde fan it eilânperron tusken de kopspoaren. Op it plak fan it eardere stasjon is in park oanlein. Yn 2020 is yn it sintrum fan Den Helder it gebou "Halte Bellevue" oplevere, yn in styl dy't ferwiist nei it âlde stasjonsgebou, it gebou stiet justjes besuden de lokaasje fan it eardere stasjonsgebou. It nije stasjonsgebou waard yn 2022 oanwiisd as gemeentlik monumint.

Treinferbinings

bewurkje seksje
Searje Treintype Rûte Tsjinstroaster
800 Intercity (NS) MaastrichtSittardRoermondWeertEindhoven SintraalDe BoskUtert SintraalAmsterdam SintraalAlkmarDe Helder Rydt net jûns, wol op sneintejûn. Rydt allinnich yn de spits twa ritten fan en nei De Helder yn de spitsrjochting. Ryd yn it wykein inkeld tusken Maastricht en Amsterdam Sintraal en werom. Wurdt yn de jûnsoeren tusken Maastricht en Amsterdam Sintraal ferfongen troch de searje 2900.
3000 Intercity (NS) NimwegenArnhim SintraalEde-WageningenVeenendaal-De KlompDriebergen-ZeistUtert SintraalAmsterdam SintraalSaandamAlkmarDe Helder Veenendaal-De Klomp wurdt allinnich nei 20:00 en yn it wykein betsjinne troch dizze searje.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: