Stasjon Maastricht
Stasjon Maastricht (Mt) is in spoarweistasjon yn de stêd Maastricht yn de provinsje Limburch. En waard iepene yn 1853 oan it Spoar fan Aken nei Maastricht. Yn dizze Limboarchske stêd is yn 1913 it fjirde stasjonsgebou sûnt 1853 iepene.
Stasjon Maastricht Station Maastricht | ||
Stasjon Maastricht yn 2022 | ||
lokaasje | ||
lân | Nederlân | |
Provinsje | Limburch | |
Gemeente | Maastricht | |
plak | Maastricht | |
adres | Stationsplein 2904a | |
arsjitektuer | ||
stasjonskoade | Mt | |
type | Trochgongstasjon | |
iepening | 23 oktober 1853 | |
boujier | 1853 1e stasjonsgebou 1856 2e stasjonsgebou 1865 3e stasjonsgebou 1913 4e stasjonsgebou | |
sloopjier | 1856 1e stasjonsgebou 1865 2e stasjonsgebou 1913 3e stasjonsgebou | |
arsjitekt | 1853 ûnbekende arsjitekt 1e stasjonsgebou 1856 >ûnbekende arsjitekt 2e stasjonsgebou 1865 ûnbekende arsjitekt 3e stasjonsgebou 1998 G.W. van Heukelom 4e stasjonsgebou | |
monumintale status | Ryksmonumint | |
monumintnûmer | 506688 | |
oare ynformaasje | ||
perrons | 3 | |
perronspoaren | 6 | |
spoarline | Steatsline E Aken - Maastricht Hasselt - Maastricht Luik - Maastricht | |
offisjele webside | ||
NS stasjonsynformaasje | ||
kaart | ||
Gebou
bewurkje seksjeIt oarspronklike stasjonsgebou fan Maastricht wie in laach en lang stasjonsgebou, besteande út styl- en regelwurk, opfold mei stien, ôfsmard mei semint. En stie in kilometer benoarden fan it hjoeddeiske stasjon. It stasjon stie sa likernôch op de hjoeddeistige lokaasje fan de NS-ûnderhâldswurkplakken.
Trije jier letter moast it stasjon alwer ferpleatst wurde foar de oanlis fan de spoarline nei Hasselt. Dêrnei folge in spoarferbining mei Luik en as lêste de steatsline E nei Breda en de rest fan Nederlân (1865). Dat resultearre yn twa ekstra stasjonsgebouwen op it emplasemint dat fan de Grand Central Belge en dat fan it Steatsspoar. Om't Maastricht yn die tiid in Fêstinstêd wie foldiene de stasjons oan de doetiids jildende Fêstingswet, en derom lei it stasjon ek in ein bûten de stêd.
Yn 1913 waard it hjoeddeistige stasjon boud nei in ûntwerp fan G.W. van Heukelom. In presintaasjemodel fan gips út 1911 is noch hieltyd te sjen yn it spoarweimuseum. It yn rasjonele styl ûntwurpen stasjonsgebou is sterk ynspirearre troch de arsjitektuer fan Berlage. It stasjonsgebou oplutsen út 2 miljoen bakstiennen mei fraaie detaillearringen yn granyt wie tagelyk it earste stasjon yn Nederlân mei perronoerkapings yn wapene beton. It stasjon is in kombinaasje fan in kopstasjon en in stasjon foar trochgeande treinen. It yn gebrûk nimmen fan dit foar dy tiid tige moderne stasjon fûn plak op 17 oktober 1915. It brûken fan it stasjon is yn de rin fan de tiid bot feroare, sa binne alle dûanefunksjes ferdwûn lykas de trije wachtkeamers en de aparte wachtkeamers foar arrestanten en swaksinnigen.
Fan 1915 oant 1964 bestie der in oerdutsen fuotgongersbrêge oer it spoar. Dy lei oan de súdkant fan it stasjon, wat noardlik fan de spoarweioergong Scharnerweg. De rinbrêge waard yn Maastricht altyd mei de Frânske beneaming passerelle oantsjut. De passerelle waard ôfbrutsen nei it ree kommen fan de Scharnertunnel, dêr't ek in fuotgongerstunnel diel fan útmakke. Yn 1983 waard it twadde eilânperron oanlein en waard in nije passerelle boud tusken it stasjonsgebou en de Meerssenerwei, ûngefear op 'e hichte fan de Villa Wyckerveld, sa 'n 150 m noardlik fan de âlde lokaasje fan de eardere paserelle.
Treinferbinings
bewurkje seksjeSearje | Treintype | Rûte | Tsjinstroaster |
---|---|---|---|
800 | Intercity (NS) | Maastricht – Sittard – Roermond – Weert – Eindhoven Sintraal – De Bosk – Utert-Sintraal – Amsterdam Sintraal – Alkmar – De Helder | Rydt net jûns, wol op sneintejûn. Rydt allinnich yn de spits twa ritten fan em nei De Helder yn de spitsrjochting. Ryd yn it wykein inkeld tusken Maastricht en Amsterdam Sintraal en werom. Wurdt yn de jûnsoeren tusken Maastricht en Amsterdam Sintraal ferfongen troch de searje 2900. |
2900 | Intercity (NS) | Inkhuzen – Hoarn – Amsterdam Sintraal – Utert-Sintraal – De Bosk – Eindhoven Sintraal – Weert – Roermond – Sittard – Maastricht | Rydt allinne yn 'e iere moarn en yn 'e jûnsoeren. |
32700 | Nachttrein (Arriva)[1] | Maastricht – Sittard – Roermond – Weert – Eindhoven Sintraal – De Bosk – Utert-Sintraal – Skiphol Airport | Alinne freedtenachts |
RE 18 32000 |
Sneltrein Regional-Express (Arriva) |
Maastricht Randwyck – Maastricht – Hearlen – Landgraaf – Herzogenrath – Aken Hbf | |
RS 18 32000 |
Stoptrein (Arriva) | Maastricht Randwyck – Maastricht – Sittard – Roermond | |
RS 12 32400 |
Stoptrein (Arriva) | Maastricht Randwyck – Maastricht – Hearlen – Landgraaf – Eygelshoven – Chevremont – Kerkrade Sintrum | |
S 43 5300 |
S-trein Luik (NMBS) | Maastricht – Wezet – Luik-Guillemins – Tongeren – Diepenbeek – Hasselt |
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|