Stasjon Arnhim Sintraal
Stasjon Arnhim Sintraal (Ah) is it sintraal stasjon fan de Nederlânske stêd Arnhim, en waard iepene yn 1845 oan de Rhijnspoarwei (Amsterdam Sintraal - Elten). Yn dizze Gelderske stêd is yn 2012 it fjirde stasjonsgebou sûnt 1844 iepene.
Stasjon Arnhim Sintraal station Arnhem Centraal | ||
Stasjon Arnhim Sintraal yn 2015 | ||
lokaasje | ||
lân | Nederlân | |
Provinsje | Gelderlân | |
Gemeente | Arnhim | |
plak | Arnhim | |
adres | Renssenstraat 17 | |
arsjitektuer | ||
stasjonskoade | Ah | |
type | Trochgongsstasjon | |
iepening | 16 maaie 1845 | |
boujier | 1844 1e stasjonsgebou 1867 2e stasjonsgebou 1954 3e stasjonsgebou 2012 4e stasjonsgebou | |
sloopjier | 1870 1e stasjonsgebou 1945 2e stasjonsgebou 2007 3e stasjonsgebou | |
arsjitekt | 1844 ûnbekende ûntwerper 1e stasjonsgebou 1867 A.W. van Erkel 2e stasjonsgebou 1954 H.G.J. Schelling 3e stasjonsgebou 2012 B. van Berkel 4e stasjonsgebou | |
oare ynformaasje | ||
perrons | 4 | |
perronspoaren | 8 | |
spoarline | Rhijnspoarwei Steatsline A Arnhim - Nimwegen | |
offisjele webside | ||
NS stasjonsynformaasje | ||
kaart | ||
It stasjon is in wichtich knooppunt yn East-Nederlân en yn it spoarweiferkear mei Düsseldorf (D), Utert, Swol, Nimwegen, Tiel en de Achterhoeke.
Gebou
bewurkje seksjeMei de bou fan it earste stasjonsgebou waard yn 1843 úteinset en waard yn 1845 iepene doe 't op 14 maaie fan dat jier de earste trein fan de Nederlandsche Rhijnspoorweg Maatschappij yn Arnhim wolkom hjitten wurdt. It wyt plastere gebou hie in hege foarútspringend midden part. Dit midden part waard bekroand mei in fronton (trijehoekich boppestik). Oan wjerskanten fan it midden part in koarte lege fleugel. Op beide fleugels wie in terras dêr't hja in prachtich útsicht hie op it park Sonsbeek en de Betuwe. Fia in balkon oan de foar - en efterkant stiene de terrassen mei-inoar yn ferbining. De grutte seal yn it midden part, dy't grinze oan de terrassen, tsjinne as stasjonsrestauraasje. De oare boppesealen tsjinnen as fergaderromte. Troch romte gebrek ferdwûnen de terrassen al nei in pear jier en waarden de sydfleugels mei ien ferdjipping ferhege oant deselde hichte as it midden part.
Yn 1867 makke it earste stasjonsgebou plak foar nijbou om't it stasjon te lyts wurden wie, nei ûntwerp fan arsjitekt A.W. van Erkel. It nije gebou, dat útfierd wie yn brún bakstien, bestie út fiif dielen: in heech midden part, twa langrutsen fleugels en oan de ein dêr in twa ferdjippingen tellende hast fjouwerkant eingebou. De gevel waard bekroand mei in boarstwarring dêr't yn it midden in klok yn siet. Yn 'e westlike linkerfleugel wie in direkte trochgong nei de perrons en yn 'e rjochterfleugel wie de stasjonsrestauraasje. Dêr wie ek in aparte keamer foar eventueel keninklike besite. Op de earste ferdjipping fan it middengebou wiene ek restauraasje gelegenheden. Fierder telde it gebou gearkomstesealen en in tsjinstwenning. Yn 1937 waard oan de westkant ien, ien ferdjipping tellende, wite útbou realisearre. It ûntwerp, yn de styl fan de Nije Saaklikheid, kaam fan arsjitekt Sybold van Ravesteyn. Hjir kaam ek in nije útgong. Mei de nije útgong waard in bettere tagong ta de Bovenbergstraat kreëarre. It stasjonsgebou stie op in heuvel en lei fjouwer meter heger as de tsjinoer lizzende huzen op de hoeke fan it Stasjonsplein - Coehoornstraat. Tagelyk mei de ferbouwing yn 1937 waard it Stasjonsplein fergrutte, mar dêrby bleaune de filla's oan de west - en eastkant fan it stasjonsplein sparre. Yn de rin fan de tiid wiene in soad fan dizze huzen ferboud ta hotels en oare hoareka gelegenheden. Oan it ein fan de Twadde Wrâldkriich yn april 1945 gie it stasjonsgebou foar in grut part ferlern troch de gefjochten wilens de befrijing fan de stêd.
Der kaam in nij stasjon nei in ûntwerp fan arsjitekt H.G.J. Schelling. De ferwoastingen yn 1944 en 1945 beaen nei de kriich de gelegenheid om de stêd in modern oansicht te jaan. It Stasjonsplein waard ôfgroeven en sa waard it nij te bouwen stasjonsgebou op hast gelikense hichte brocht mei it Nieuwe Plein en de Coehoornstraat. It gebou kaam hjirmei al leger te lizzen as de spoaren en de perrons, mar dat bea ek de gelegenheid om fia in tunnel feilich de spoaren te berikken. Nei de kriich wie in tredde perron oanlein, wat in grutte ferromming fan de ferfiers mooglikheden joech. Troch al dizze ekstra wurksumheden wie Arnhem sa ûngefear de lêste stêd dêr't it stasjonsgebou ree kaam. Yn 1954 waard it nije stasjon iepene. It lytse stasjonsgebou wie fuort drukt yn de noardwesthoeke fan it Stasjonsplein, dêr't de steds-trolleybussen byinoar kamen. It gebou grinze ek oan it, troch it stasjon en appartemintekompleksen frijwol oan it each ûntlutsen Stasjonsplein-West, dêr 't de regionale lijntsjinsten en de taksys har stânplak hiene. In sintraal, yn it each springend, pân lykas de foargonger fan foar de Twadde Wrâldkriich - wie it stasjonsgebou hielendal net. It gehiel wie oplutsen yn beton, wêrby't de luifel mei in struktuer fan bûgde betondielen en de 18 meter hege toer mei oerwurk de measte oandacht lutsen. Boppe de yn- en útgong op it Stasjonsplein-West wie in smellere, mear wol hegere luifel.
Yn 1989 waard besletten om in nij en grutter stasjonsgebou te bouwen meardere ûntwerpen waarden ôfkard mar úteinlik waard der keazen foar in ûntwerp fan arsjitekt Ben van Berkel. It lytse stasjonsgebou út 1954 waard yn 2007 ofbrútsen it nije stasjonsgebou waard yn 2015 iepene.
Treinferbinings
bewurkje seksjeYnternasjonale treinen | |||
---|---|---|---|
Searje | Treintype | Rûte | Tsjinstroaster |
100 ICE 43 |
Intercity-Express (NS International) |
Amsterdam Sintraal – Utert Sintraal – Arnhim Sintraal – Oberhausen Hbf – Duisburg Hbf – Düsseldorf Hbf / Hannover Hbf – Minden – Herford – Bielefeld Hbf – ütersloh Hbf – Hamm – Hagen Hbf – Wuppertal Hbf – Köln Hbf – Siegburg/Bonn – Frankfurt am Main Flughafen Fernbahnhof – Mannheim Hbf – Karlsruhe Hbf – Offenburg – Freiburg (Breisgau) Hbf – Basel Bad Bhf – Basel SBB | Ien kear deis tusken Amsterdam en Basel. |
120/220 ICE 78 |
Intercity-Express (NS International) |
Amsterdam Sintraal – Utert Sintraal – Arnhim Sintraal – Oberhausen Hbf – Duisburg Hbf – Düsseldorf Hbf – Köln Hbf – Frankfurt am Main Flughafen Fernbahnhof – Frankfurt am Main Hbf | Ien kear deis tusken Amsterdam en Basel. |
400 | ÖBB Nightjet (ÖBB) | Amsterdam Sintraal – Utert Sintraal – Arnhim Sintraal – Innsbruck Hbf / Wenen Hbf / Zürich HB | |
20000 | Regional-Express (VIAS) | Arnhim Sintraal – Zevenaar – Emmerich-Elten – Emmerich – Wesel – Oberhausen Hbf – Duisburg Hbf – Düsseldorf Flughafen – Düsseldorf Hbf | Rhein-IJssel-Express |
Intercity's | |||
Searje | Treintype | Rûte | Tsjinstroaster |
3000 | Intercity (NS) | Nimwegen – Arnhim Sintraal – Ede-Wageningen – Veenendaal-De Klomp – Driebergen-Zeist – Utert Sintraal – Amsterdam Sintraal – Saandam – Alkmar – De Helder | Veenendaal-De Klomp wurdt allinnich nei 20:00 en yn it wykein betsjinne troch dizze searje. |
3100 | Intercity (NS) | Skiphol Airport – Utert Sintraal – Veenendaal-De Klomp – Ede-Wageningen – Arnhim Sintraal – Nimwegen | |
3200 | Intercity (NS) | Arnhim Sintraal – Ede-Wageningen – Utert Sintraal – Amsterdam Súd – Skiphol Airport – Leien Sintraal – De Haach HS – Delft – Skiedam Sintrum – Rotterdam Sintraal | Rydt allinnich yn de spits fan moandei o/m tongersdei. |
3600 | Intercity (NS) | Roosendaal – Breda – Tilburch – De Bosk – Nimwegen – Arnhim Sintraal – Sutfen – Dimter – Swol | |
23400 | Nachtnet Intercity (NS) | Utert Sintraal – Driebergen Zeist – Veenendaal-De Klomp – Ede-Wageningen – Arnhim Sintraal – Elst – Nimwegen | Alinne freedtenachts en sneontenachts, stoppet richting Utert-Sintraal net op Veenendaal-De Klomp en Driebergen Zeist. |
Sprinters | |||
Searje | Treintype | Rûte | Tsjinstroaster |
6600 | Sprinter (NS) | Doardt – Breda – Tilburch – De Bosk – Nimwegen – Arnhim Sintraal | Rydt allinnich yn de spits tusken Nimwegen en Arnhim Sintraal v.v. |
7500 | Sprinter (NS) | Ede Wageningen – Arnhim Sintraal | |
7600 | Sprinter (NS) | Wijchen – Nimwegen – Arnhim Sintraal – Sutfen | In healoeretsjinst ried nei 20:00 en op snein net tusken Wijchen en Nimwegen. |
RS 32 30700 |
Stoptrein (Hermes) | Arnhim Sintraal – Doetinchem | rydt net yn 'e jûnsoeren (nei 20:00 oere) en it wykein. Fersoarget tegearre mei Arriva in kertiertsjinst tusken Arnhim Sintraal en Doetinchem. |
RS 32 30900 |
Stoptrein (Arriva) | Arnhim Sintraal – Doetinchem – Winterswyk | Fersoarget tegearre mei Hermes troch de wike oant 20:00 oere in kertiertsjinst tusken Arnhem en Doetinchem. |
RS 33 31100 |
Stoptrein (Arriva) | Arnhim Sintraal – Elst – Tiel | Stoppet net op Arnhim Súd |
RS 32 36900 |
Stoptrein (Arriva) | Arnhim Sintraal – Doetinchem – Terborg | Rydt allinnich op sneintemoarn en allinnich rjochting Terborg. |
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|