Stasjon Roosendaal
Stasjon Roosendaal (Rsd) is it haadstasjon fan de Nederlânske stêd Roosendaal, en waard iepene yn 1854, oan it spoar fan Antwerpen nei Lage Zwaluwe.
Stasjon Roosendaal Station Roosendaal | ||
Stasjon Roosendaal yn 2015 | ||
lokaasje | ||
lân | Nederlân | |
Provinsje | Noard-Brabân | |
Gemeente | Roosendaal | |
plak | Roosendaal | |
adres | Stationsplein 1a | |
arsjitektuer | ||
stasjonskoade | Rsd | |
type | trochgonsstasjon | |
iepening | 3 july 1854 | |
boujier | 1854 1e stasjonsgebou 1905 2e stasjonsgebou | |
sloopjier | 1868 1e stasjonsgebou | |
arsjitekt | 1854 ûnbekende ûntwerper 1e stasjonsgebou 1905 G.W. van Heukelom 2e stasjonsgebou | |
monumintale status | Ryksmonumint | |
monumintnûmer | 517241 | |
oare ynformaasje | ||
perrons | 2 | |
perronspoaren | 3 | |
spoarline | Steatsline F Roosendaal - Breda Antwerpen - Lage Zwaluwe | |
offisjele webside | ||
NS stasjonsynformaasje | ||
kaart | ||
Skiednis
bewurkje seksjeStasjon Roosendaal waard iepene mei it yn gebrûk nimmen fan de spoarline Antwerpen – Lege Zwaluwe op 23 juny 1854. It wie sa earder mei Belgje ferbûn as mei de doe besteande spoarlinen yn Nederlân. Hy hearde bûten de stêden yn it westen en midden fan Nederlân oant de earste plakken dy 't in spoarferbining krigen en wie de earste stêd fan Noard-Brabân mei in stasjon. Yn 1863 kaam de ferbining mei Bergen op Soom ta stân, yn 1872 kaam de gehiele Steatsline F ree.
Gebou
bewurkje seksjeIt earste stasjon yn Roosendaal wie in heech gebou, en kin besjoud wurde as in fergrutte ferzje fan Oudenbosch. Yn 1866 waarden der oan wjerkanten in koarte fleugel oanboud, yn 1887 waarden dizze fleugels ferfongen troch langere fleugels.
Yn 1905 krige Roosendaal in nij stasjonsgebou nei ûntwerp fan de arsjitekt G.W. van Heukelom en ryksboumaster Daniël Knuttel, Knuttel liet him foar it gevelûntwerp ynspirearje troch it Kaizerpalts yn Goslar. Yn it stasjonsgebou wiene fjouwer wachtromtes wêrfan ien keninklike wachtkeamer en in fisitaasjehal dy't fia in lange passaazje mei-inoar ferbûn wiene. Njonken it stasjonsgebou waarden in lokomotievenloads, in seinhûs, in seinbrêge en de dûaneloads boud. De lokomotievenloads is noch altyd oanwêzich.
Yn de Twadde Wrâldkriich wie boppe-op it stasjonsgebou in geskutskoepel. Op 'e souder is noch in muorretekening te finen fan it geskut dy't troch de Dútske militêren destiids oanbrocht is. Sy ferbleaune op 'e souder sadat by in loftoanfal se daliks it dak op koene nei har ôfwargeskut. Op 14 septimber 1944 sloech it needlot ta foar it stasjonsgebou en is by in bombardemint de folsleine stasjonshal en in part fan de eastfleugel ferlern gien.
Nei de twadde wrâldkriich waard besletten dizze parten fan it gebou net te werbouwen, nei oarspronklik byld, mar is ûnder lieding fan arsjitekt Sybold van Ravesteyn waard der in nije lytsere stasjonshal boud as yngong foar de noch oerbleaune dielen fan it stasjonsgebou.
Treinferbinings
bewurkje seksjeSearje | Treintype | Rûte | Tsjinstroaster |
---|---|---|---|
2200 | Intercity (NS) |
Amsterdam Sintraal – Amsterdam Sloterdijk – Haarlim – Leien Sintraal –De Haach HS – Delft – Skiedam Sintrum– Rotterdam Sintraal – Doardt – Roosendaal – Middelburch – Flissingen | |
3600 | Intercity (NS) | Roosendaal – Breda – Tilburch – De Bosk – Nimwegen – Arnhim Sintraal – Sutfen – Dimter – Swol | |
12200 | Intercity (NS) |
Roosendaal – Bergen op Soom – Goes – Middelburch – Flissingen | rydt ien kear deis yn de moarnsspits, rydt net op sneins. |
5900 | Sprinter (NS) | Doardt – Roosendaal | Jûns en yn it wykein ien kear yn 'e oere. |
6100 | Sprinter (NS) | Roosendaal – Bergen op Soom – Goes – Middelburch – Flissingen | In oeretsjinst, Rydt net jûns en yn it wykein. |
S 32 2550 |
S-trein Antwerpen (NMBS) | Puurs – Antwerpen-Sintraal – Essen – Roosendaal |
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|