Daniël Knuttel
Daniël Eduard Cornelis Knuttel (Maassluis, 12 maart 1857 – De Haach, 19 novimber 1926) wie in Nederlânske arsjitekt en grafysk ûntwerper.
Daniël Knuttel | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
nasjonaliteit | Nederlânsk | |
berne | 12 maart 1857 | |
stoarn | 19 novimber 1926 | |
wurkpaad | ||
berop/amt | Arsjitekt | |
aktyf as | Ryksboumaster |
Hy waard yn 1892 as nije ryksboumaster oansteld en as behearder fan de Haachske Lânsgebouwen, dêr 't er ryksboumaster J.P.E. Hoeufft mei opfolge. Hy waard oplaat oan de Polytechnyske skoalle yn Delft en wie in kundich arsjitekt en manager. Knuttel ûntwurp in soad oerheidsgebouwen, foaral om de iuwwiksel hinne. In skoftlang wie er gemeente-arsjitekt fan Leiden. Syn soan is de Deventer arsjitekt W.P.C. Knuttel dy't dêr it saneamde Knutteldoarp boude.
Njonken arsjitekt wie Knuttel ek grafysk ûntwerper. Hy wie de ûntwerper fan de postsegelsearje "Wilhelmina Bontkraag", dy't fan 1899 ôf útjûn waard.
Wurk
bewurkje seksjeIn kar:
-
Stedsgehoarseal Leien, 1890-1891
-
Argyfgebou gemeente-argyf Leien, 1891-1893
-
Earder postkantoar yn Heusden, 1893
-
Rykspostsparbank, Amsterdam, 1899-1901
-
Stasjon Roosendaal, 1905
-
Ministearje fan Ekonomyske Saken, De Haach, 1913
-
Kantoar Postsjek- en Girotsjinst, De Haach, 1919
-
Wilhelmina Bontkraag (1899)
Sjoch ek
bewurkje seksjeOfbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Daniël Knuttel fan Wikimedia Commons. |
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|