Stasjon Sutfen
Stasjon Sutfen (Zp) is it spoarweistasjon fan Sutfen en waard iepene yn 1865 oan de Steatslinen A (Arnhim - Swol - Ljouwert) en Steatsline D (Sutfen - Ynskedee - Glanerbrug). Yn 1876 en 1878 kamen dêr de Easterspoarwei en de spoarwei nei Winterswyk by.
Stasjon Sutfen station Zutphen | ||
Stasjon Sutfenyn 2008 | ||
lokaasje | ||
lân | Nederlân | |
Provinsje | Gelderlân | |
Gemeente | Sutfen | |
plak | Sutfen | |
adres | Stationsplein 12 | |
arsjitektuer | ||
stasjonskoade | Zp | |
type | Trochgongsstasjon | |
iepening | 1 febrewaris 1865 | |
boujier | 1865 1e stasjonsgebou 1952 2e stasjonsgebou | |
sloopjier | 1952 1e stasjonsgebou | |
arsjitekt | 1865 Karel Hendrik van Brederode 1e stasjonsgebou 1952 Hermanus Gerardus Jacob Schelling 2e stasjonsgebou | |
monumintale status | Ryksmonumint | |
monumintnûmer | 530901[1] | |
oare ynformaasje | ||
perrons | 2 | |
perronspoaren | 3 | |
spoarline | Steatsline A Steatsline D Sutfen - Gelsenkirchen-Bismarck Easterspoarwei | |
busline | 15 buslinen | |
stedsbus | 2 stedsbussen | |
11.988 (2018) | ||
offisjele webside | ||
NS stasjonsynformaasje | ||
kaart | ||
Gebou
bewurkje seksjeIt earste stasjon wie ûntwurpen troch de yngenieurs Karel Hendrik van Brederode en Louis Abraham Reuvens en iepene op 1 febrewaris 1865 feestlik har doarren foar treinreizigers. It is boud as in standertstasjon fan de Steatsspoarwegen, in stasjon fan it type SS twadde klasse en is it iennichste stasjon fan dit type dat boud is.
It oarspronklike stasjon waard op 14 oktober 1944 slim skansearre, doe't alliearde fleantugen de Iselbrêge besochten te bombardearjen. Dit bombardemint op Sutfen ferwoaste in wenwyk besuden fan it stasjon en koste goed hûndert minsken it libben. It stasjon waard nei de kriich opkalfatere en hat noch fan 1945 oant 1952 tsjinst dien.
Nei de bou fan it nije stasjongebou, dat op it plak fan de eardere easfleugel fan it âlde stasjonsgebou kaam te lizzen, is it âlde stasjon folslein sloopt. It nije (hjoeddeiske) stasjonsgebou is in ûntwerp fan Hermanus Gerardus Jacob Schelling en is sûnt 2010 in ryksmonumint.
Dit nije betonnen stasjonsgebou is symmetrysk fan opset en bestiet út twa boulagen ôfsletten troch in dekorative tosklist en in plat dak. De yngong bestiet út in hege betonnen luifel droegen troch twa rigen slanke betonnen pylders, mei oan wjerskanten in iepen betonnen pergola, foarsjoen fan identike pylders en in glêswand as muorre nei de hal. Oan wjerskanten fan it stasjonsgebou in fleugel mei plat dak, mar leger as it haadgebou, mei oan de kant fan it stasjonsplein in luifel droegen troch pylders. Op it perron in oerkaping ta breedte fan de oanwêzige bebouwing. De oarspronklike lampe yn de hal út 1952 is nei in pear jier weirekke de hjoeddeistige lampe is in geskink fan de gemeente Sutfen út 2007 basearre op it oarspronklike ûntwerp út 1952. Boppe de linker tunnel yngong hinget in ferljochte klok, de oere tekens fan dizze klok foarmje de sin "Neem de trein".
Yn 2007 is er ûnder it stasjonsplein in nije fytsenstalling kaam en is der boppe in plantsoen mei sitgelegenheden oanlein.
Treinferbinings
bewurkje seksjeSearje | Treintype | Rûte | Tsjinstroaster |
---|---|---|---|
3600 | Intercity (NS) | Roosendaal – Breda – Tilburg – De Bosk – Nimwegen – Arnhim Sintraal – Sutfen – Dimter – Swol | In healoeretsjinst |
7600 | Sprinter (NS) | Wijchen – Nimwegen – Arnhim Sintraal – Sutfen | In healoeretsjinst ried nei 20:00 en op snein net tusken Wijchen en Nimwegen. |
RS 30 17800 |
Stoptrein (Arriva) | Sutfen – Apeldoarn | In healoeretsjinst |
RE 30 30400 |
Sneltrein (Arriva) | Apeldoarn – Sutfen – Winterswyk | Ried yn de jûnsoeren en yn it it wykein. |
RS 31 30800 |
Stoptrein (Arriva) | Sutfen – Winterswyk | In healoeretsjinst |
RS 24 31200 |
Stoptrein (Keolis) | Sutfen' – Hengelo – Oldenzaal | In healoeretsjinst |
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|