Stasjon Tilburch

(Trochferwiisd fan Stasjon Tilburg)

Stasjon Tilburch (Tb) is it wichtichste spoarweistasjon yn de Nederlânske stêd Tilburch yn de provinsje Noard-Brabân. En waard iepene yn 1863 oan de Steatsline E (Breda - Maastricht).

Stasjon Tilburch
station Tilburg
Stasjon Tilburch yn 2019
Stasjon Tilburch yn 2019
lokaasje
lân Nederlân
Provinsje Noard-Brabân
Gemeente Tilburch
plak Tilburch
adres Stationspassage 9
arsjitektuer
stasjonskoade Tb
iepening 5 oktober 1863
boujier 1863 1e stasjonsgebou
1965 2e stasjonsgebou
sloopjier 1961 1e stasjonsgebou
arsjitekt 1863
Karel Hendrik van Brederode
1e stasjonsgebou
1965
Koen van der Gaast
2e stasjonsgebou
monumintale status ryksmonumint
monumintnûmer 532141
oare ynformaasje
perrons 3
perronspoaren 3
spoarline Steatsline E
Spoar fan Tilburch nei Nimwegen
Spoar fan Tilburch nei Turnhout
34.503 (2018)
offisjele webside
NS stasjonsynformaasje
kaart
Stasjon Tilburch (Noard-Brabân)
Stasjon Tilburch
 
 
 

It earste, neoklassisistyske stasjon waard yn de 19e iuw oanlein noardwestlik fan de stedske kearn; noardliker leine noch wol herdgongen, foar in part ferbûn troch lintbebouwing. It stasjon wie in Standertstasjons fan de Steatsspoarwegen type tredde klasse en wie ien fan de njoggen stasjons dy 't ea yn dizze klasse boud wie. It gebou wie ûntwurpen troch de arsjitekt Karel Hendrik van Brederode en wie iepene op 5 oktober 1863. As ûnderdiel fan steatsline E. It stasjon waard dernei noch meardere kearen yngreven ferboud.

Begjin jierren 60 moast der in heechspoar oanlein wurde, wêrtroch 't it earste stasjon yn 1961 wike moast. Direkt nei de sloop begûn de nijbou. It hjoeddeiske stasjonsgebou, nei in ûntwerp fan Koen van der Gaast, kaam ree yn 1965, fjouwer jier nei it ôfbrekken fan it âlde, is sûnt 2016 in ryksmonumint, It stiet benammen bekend om dit dat dat bekens stiet as "it kroepoekdak". Perrons, tsjinstromten, restauraasje en oare fasiliteiten lizze yn blokken ûnder dat dak, sûnder der kontakt mei te meitsjen, neffens de ûntwerpfilosofy fan Van der Gaast, dy't in stasjon beskôge as in oerkoepeling foar sosjale en logistike funksjes. Der wie noch in oare bysûnderheid dy't doedestiids de oandacht luts: nei stasjon Amersfoort Centraal wie dit it twadde Nederlânske stasjon dat roltreppen krige. Yn 2013 gie in ferbouwing fan it stasjon fan start, werby der in nij perron en nije tunnel oanlein wurde.[1]

Treinferbinings

bewurkje seksje
Searje Treintype Rûte Tsjinstroaster
1100 Intercity (NS) De Haach SintraalDe Haach HSDelftRotterdam SintraalBredaTilburchEindhoven Sintraal
3600 Intercity (NS) RoosendaalBredaTilburchDe BoskNimwegenArnhim SintraalSutfenDimterSwol
21400 Intercity (NS) SintraalTilburchEindhoven SintraalUtert Sintraal Alinne freedtenachts
6400 Sprinter (NS) Tilburch UniversiteitTilburchEindhoven SintraalWeert Jûns en yn it wykein wurdt der 1 x / oere riden op it hiele trajekt.
6600 Sprinter (NS) DoardtBredaTilburchDe BoskNimwegenArnhim Sintraal Rydt allinnich yn de spits tusken Nimwegen en Arnhim Sintraal v.v.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: