Stasjon Hengelo (Hgl) is in spoarweistasjon yn Hengelo en waard iepene yn 1865 oan it spoar fan spoar fan Almelo nei Salzbergen. In jier letter waard Steatsline D (Sutfen - Glanerbrug) iepene. Yn 1951 waard dêr it tredde stasjonsgebou sûnt 1866 iepene.

Stasjon Hengelo
station Hengelo
Stasjon Hengelo yn 2019
Stasjon Hengelo yn 2019
lokaasje
lân Nederlân
Provinsje Oerisel
Gemeente Hengelo
plak Hengelo
adres Stationsplein 3 51
arsjitektuer
stasjonskoade Hgl
type Trochgongsstasjon
iepening 18 oktober 1865
boujier 1866 1e stasjonsgebou
1899 2e stasjonsgebou
1951 3e stasjonsgebou
sloopjier 1898 1e stasjonsgebou
1944 2e stasjonsgebou
arsjitekt 1866
Karel Hendrik van Brederode
1e stasjonsgebou
1899
G.W. van Heukelom
2e stasjonsgebou
2021
H.G.J. Schelling
3e stasjonsgebou
monumintale status Gemeentlik monumint
monumintnûmer 0164/WN102
oare ynformaasje
perrons 1
perronspoaren 3
spoarline Steatsline D
Almelo - Salzbergen
6.951 (2018)
offisjele webside
NS stasjonsynformaasje
kaart
Stasjon Hengelo (Hengelo)
Stasjon Hengelo

Hengelo hat ynearsten in needgebou hân as stasjonsgebou. Dat duorre in jier foar 't yn 1966 it earste stasjonsgebou ree kaam. It earste stasjon waard ûntwurpen troch de yngenieurs Karel Hendrik van Brederode en Louis Abraham Reuvens. It is boud as in standertstasjon fan de Steatsspoarwegen, in stasjon fan it Type Hengelo. Hengelo groeide rap oan 'e ein fan 'e njoggentjinde iuw en ek de bedriuwichheid naam ta. Om't de spoarbomen hiel faak ticht wiene, waard der in fuotgongersbrêge oer it spoar boud, mar foar it ridende ferkear wie dat gjin oplossing. Yn 1899 waard úteinlik de machtiging troch Den Haag jûn om in nij stasjon te bouwen. It earste stasjonsgebou wie doe al ferfongen troch in needgebou.

It nije stasjonsgebou wie in ûntwerp fan arsjitekt G.W. van Heukelom De kosten foar it gebou en de opheging fan it emplasemint en alle keunstwurken lykas tunnels waarden doe op f 2.300.000 rûsd. It waard in asymmetrysk stasjonsgebou. Mei in poarteftige yngong. Beide sydgevels wiene hiene in tuorke, mar dy tuorkes wiene net like grut.

It stasjonsgebou út 1899 rekke yn 1944 as gefolch fan de Twadde Wrâldkriich slim skansearre. Yn de Twadde Wrâldkriich waard Hengelo, benammen fanwegen de strategyske yndustry dy't dêr fêstige wie, geregeld bombardearre. Dêrby waard it sintrum fan de stêd op 6 en 7 oktober 1944 sa goed as alhiel ferneatige. De boppeferdjipping wie foar in grut part fernield en werbou soe in soad jild koste hawwe. De Nederlandse Spoorwegen namen it beslút om it gebou te slopen en troch in nij gebou te ferfangen. Yn 1951 kaam it nije stasjonsgebou ûntwurpen troch arsjitekt Schelling ree. Yn de tuskentiid waarden de funksjes fan it stasjonsgebou útfierd yn de perrongebouwen. It nije stasjonsgebou is lyk as de stasjongsgebouwen fan Sutfen en Ynskedee útfierd yn beton.

Treinferbinings

bewurkje seksje
Searje Treintype Rûte Tsjinstroaster
140/240
IC 77
Intercity
(NS International
DB Fernverkehr)
Amsterdam SintraalHilfertsomDuivendrechtHilfertsomAmersfoart SintraalApeldoarnDimterAlmeloHengeloBad BetnheimRheineOsnabrück HbfHannover HbfWolfsburg HbfStendalBerlin-SpandauBerlin HbfBerlin Ostbahnhof Rydt om 'e twa oeren, stoppet om 'e fjouwer oere te Bünde en twa oeren letter om 'e fjouwer oere te Bad Oeynhausen. Net alle treinen hâlde halt yn Apeldoarn.
1600 Intercity (NS) Skiphol AirportAmsterdam SúdDuivendrechtHilfertsomAmersfoart SintraalApeldoarnDimterAlmeloHengeloYnskedee In healoeretsjinst
1700 Intercity (NS) De Haach SintraalGoudaUtert SintraalAmersfoart SintraalApeldoarnDimterAlmeloHengeloYnskedee In healoeretsjinst
7000 Sprinter (NS) ApeldoarnDimterAlmeloHengeloYnskedee In healoeretsjinst
RS 23
7900
Stoptrein (Keolis) SwolAlmeloHengeloYnskedee In healoeretsjinst
IC 23
17900
Intercity (Keolis) SwolAlmeloHengeloYnskedee In healoeretsjinst
RB 61
20350
Stoptrein (Keolis) HengeloBad BentheimRheineOsnabrück HbfBündeBielefeld Hbf
RS 24
31200
Stoptrein (Keolis) SutfenHengeloOldenzaal In healoeretsjinst

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: