Hengelo (gemeente)
Hengelo (Nedersaksysk: Hengel) is in stêd en gemeente yn de provinsje Oerisel, mei 83.096 ynwenners (1 jannewaris 2024, boarne: CBS), en mei in oerflak fan 61,75 km² (wêrfan 0,69 km² wetter). De gemeente Hengelo waard oprjochte yn 1811.
Hengelo | |
---|---|
flagge | wapen |
lokaasje | |
polityk | |
lân | Nederlân |
Provinsje | Oerisel |
Goa | Twinte |
boargemaster | Sander Schelberg |
sifers en geografy | |
haadplak | Hengelo |
grutste plak | Hengelo |
ynwennertal | 83.096 (1 jannewaris 2024) |
befolkingstichtens | 1.365 ynw./km² |
oerflak | 61,83 km² |
● wêrfan lân | 60,84 km² |
● wêrfan wetter | 0,99 km² |
tal stêden | 1 |
tal doarpen | 1 |
ferkearsieren | Steatsline D, Spoar fan Almelo nei Salzbergen, A1, A35, N739 |
skiednis | |
oprjochte | 1811 |
oar | |
postkoade | 7550-7559 |
tiidsône | UTC +1 |
simmertiid | UTC +2 |
webside | Webstee fan de gemeente |
De stêd Hengelo omfettet it grutste part fan de gemeente. Yn it súdlike part fan de gemeente leit it tsjerkedoarp Beckum. Dêrneist falle de buorskippen Woolde (foar in grut part) en Oele ûnder de gemeente.
Skiednis
bewurkje seksjeHoewol't út archeologysk ûndersyk bliken dien hat dat der op it plak dêr 't de gemeente him no befynt al in pear tûzen jier bewenning west hat, is de gemeente Hengelo pas ûntstien yn 1811.
De gemeente begûn pas te groeien yn de yndustriële revolúsje fan de njoggentjinde iuw. Ynearsten wie der ek yn Hengelo tekstylyndustry, mar wêr 't dy him yn de rin fan de iuw hieltyd mear konsintrearje soe yn Ynskedee, kaam yn it Hengelose ekonomysk libben de klam hieltyd mear te lizzen op de technyske yndustry.
Yn de jierren 90 waarden der plannen ûntwikkele om de gemeenten Ynskedee, Hengelo en Borne gear te foegjen ta ien gemeente Twintestêd. Yn 2000 waard fan dat plan ôfsjoen, benammen omdat in referindum dy't yn de gemeente Hengelo holden hie útwiisd hie dat der sa goed as gjin draachflak ûnder de pleatslike befolking bestie.
Plakken
bewurkje seksjeDe gemeente Hengelo bestiet út 1 stêd, in doarp en trije buorskippen. It gemeentehûs stiet yn Hengelo.
Stêd | Doarp | Buorskip |
---|---|---|
Hengelo | Beckum | Oele |
Twekkelo | ||
Woolde |
Lizzing
bewurkje seksjeDe gemeente Hengelo ûntstie yn 1811 út de marken Beckum, Oele en Woolde. De grinzen waarden yn 1820 wetlik fêstlein en oanjûn troch grinspeallen of fjildstiennen. Fan dy peallen en stiennen binne der acht bewarre bleaun. De gemeente Hengelo leit rûchwei yn it midden fan Twinte en wurdt omjûn troch de plakken Borne yn it noardwesten, Deurningen yn de gemeente Dinkellân yn it noarden, Ynskedee yn it súdeasten, Haaksbergen yn it suden en Delden yn de gemeente Hôf van Twinte yn it westen. In part fan it bûten Twickel leit binnen de gemeentegrinzen.
Ferkear en ferfier
bewurkje seksjeTroch de gemeente rint de steatsline D (Sutfen - Glanerbrug) en ut spoar fan Almelo nei Salzbergen mei twa stasjons yn de gemeente Hengelo en Stasjon Hengelo Gezondheidspark . It busferfier wurd fersoarge troch EBS ûnder de oerkoepeljende namme RRReis. De diken A1 (Knooppunt Watergraafsmeer - De Lutte), de A35 (Swol - Ynskedee) en de 739 (Haaksbergen - Hengelo) trochkruse de gemeente.
-
Pleats Wolfkate yn Beckum (2012)
-
Stasjon Hengelo (2019)
-
Wettermolen Oldemeule yn Oele (2006)
-
Swimffiver Tuindorpbad yn Hengelo (2010)
-
Skutslûs Hengelo yn it Twintekanaal (2011)
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
Oerisel | |
---|---|
Almelo - Borne - Dalfsen - Dimter - Dinkellân - Haaksbergen - Hardenberg - Hellendoorn - Hengelo - Hôf fan Twinte - Ynskedee - Kampen - Losser - Oldenzaal - Olst-Wijhe - Ommen - Raalte - Rijssen-Holten - Staphorst - Stienwikerlân - Swartewetterlân - Swol (haadstêd) - Tubbergen - Twinterâne - Wierden | |
· · |
Hengelo | ||
---|---|---|
Stêd: Hengelo | ||
Doarp: Beckum | ||
Buorskippen: Oele • Twekkelo (foar in part) • Woolde (foar in part) | ||
Eardere doarpen en buorskippen: Hasselo | ||
Wetter: Berflobeek • Boekelerbeek • Elsbeek • Hasselerbeek • Oelerbeek • Twintekanaal • Woolderbinnenbeek | ||
· · |