Hardenberg (gemeente)
Hardenberg (Nedersaksysk: Hardenbarg of 'n Arnbarg) is in gemeente yn de provinsje Oerisel, mei 62.951 ynwenners (1 jannewaris 2024, boarne: CBS), en mei in oerflak fan 316,30 km² (wêrfan 1,31 km² wetter). De hjoeddeistige gemeente Hardenberg is yn 2001 ûntstien troch in fúzje fan 'e eardere gemeenten Hardenberg, Avereest en Gramsbergen.
Hardenberg | |
---|---|
flagge | wapen |
lokaasje | |
polityk | |
lân | Nederlân |
Provinsje | Oerisel |
boargemaster | Maarten Offinga |
sifers en geografy | |
haadplak | Hardenberg |
grutste plak | Hardenberg |
ynwennertal | 62.951 (1 jannewaris 2024) |
befolkingstichtens | 202 ynw./km² |
oerflak | 317,15 km² |
● wêrfan lân | 312,28 km² |
● wêrfan wetter | 4,87 km² |
tal stêden | 2 |
tal doarpen | 11 |
ferkearsieren | Spoar fan Mariënberg nei Almelo, Swol - Stêdskanaal, N34, N36, N48, N343, N377, N852 |
skiednis | |
oprjochte | 2001 |
oar | |
postkoade | 7690-7704, 7707, 7770-7799 |
tiidsône | UTC +1 |
simmertiid | UTC +2 |
webside | Webstee fan de gemeente |
- Dizze side giet oer de gemeente Hardenberg. Foar de stêd dêr't de gemeente nei neamt is, sjoch: Hardenberg.
Wyldwetterbaan
bewurkje seksjeYn april 2014 krige de gemeente in wyldwetter-kanobaan. Dizze rint fan de Oeriselske Fecht nei de Molengoot. De baan makket gebrûk fan it natuerlike hichteferskil. De Fecht leit 1,5 meter heger as it ôfwetteringskanaal Molengoot. De lingte fan de baan is 140 meter. Neist kanobaan is it in fisktrep, dy't yn twa rjochtingen befearn wurde kin.
Plakken
bewurkje seksjeDe gemeente Hardenberg bestiet út twa stêden, 13 doarpen en fyftich buorskippen. It gemeentehûs stiet yn Hardenberg, dat ek it grutste plak is.
-
Utsjochtoer by de Loozense Linie oan 'e Fecht (2021)
-
Dútske grins by Sibculo (2021)
-
Distelbelt Mariënberg (2021)
-
Herfoarme Tsjerke Dedemsvaart (2014)
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
Oerisel | |
---|---|
Almelo - Borne - Dalfsen - Dimter - Dinkellân - Haaksbergen - Hardenberg - Hellendoorn - Hengelo - Hôf fan Twinte - Ynskedee - Kampen - Losser - Oldenzaal - Olst-Wijhe - Ommen - Raalte - Rijssen-Holten - Staphorst - Stienwikerlân - Swartewetterlân - Swol (haadstêd) - Tubbergen - Twinterâne - Wierden | |
· · |