Hellendoorn (gemeente)

Hellendoorn (Nedersaksysk: Heldern) is in gemeente yn de provinsje Oerisel, mei 36.265 ynwenners (1 jannewaris 2024, boarne: CBS), en mei in oerflak fan 138,62 km² (wêrfan 1,00 km² wetter). De gemeente Hellendoorn waard yn 1811 oprjochte.

Hellendoorn
flagge wapen
lokaasje
polityk
lân Nederlân
Provinsje Oerisel
boargemaster Jorrit Eijbersen
sifers en geografy
haadplak Nijverdal
grutste plak Nijverdal
ynwennertal 36.265 (1 jannewaris 2024)
befolkingstichtens 263 ynw./km²
oerflak 138,99 km²
● wêrfan lân 137,91 km²
● wêrfan wetter 1,08 km²
tal doarpen 5
ferkearsieren Spoar fan Mariënberg nei Almelo,
Spoar fan Swol nei Almelo,
N35, N347, N750, N751
skiednis
oprjochte 1811
oar
postkoade 7440-7449,
7683,
7687-7689
tiidsône UTC +1
simmertiid UTC +2
webside Webstee fan de gemeente
Dizze side giet oer de gemeente Hellendoorn. Foar it doarp dêr't de gemeente nei neamt is, sjoch: Hellendoorn.

De gemeente Hellendoorn bestiet út 5 doarpen en alve buorskippen. It gemeentehûs stiet yn Nijverdal, dat ek it grutste plak is.

Doarp Buorskip
Daarle Eelen
Daarlerveen Egede
Haarle Hankate
Hellendoorn Hexel
Nijverdal Hulsen
Marle
Noetsele
Overwater
Piksen
Rhaan
Schuilenburg

Hellendoorn leit yn de provinsje Oerisel yn in gebiet dat diel útmakket fan de Sallânske Heuvelrêch. De gemeente Hellendoorn grinzet yn it noarden oan de gemeenten Ommen en Twinterâne, yn it easten oan Wierden, yn it suden oan Rijssen-Holten en yn it westen oan Raalte.

Ferkear en ferfier

bewurkje seksje

Troch de gemeente rinne twa spoarlinen it spoar fan Mariënberg nei Almelo en it spoar fan Swol nei Almelo, mei twa stasjons yn de gemeente Nijverdal en Daarlerveen. It busferfier wurd fersoarge troch EBS ûnder de oerkoepeljende namme RRReis. De N347 fan Ommen nei Haaksbergen krúst by Nijverdal de N35 dy't sûnt 2015 fia in tunnel ûnder Nijverdal trochgiet. Foarhinne makke de Grotestraat yn Nijverdal ûnderdiel út fan de N35.

Kultuer en rekreaasje

bewurkje seksje

Yn Nijverdal is it Bûtensintrum Sallânske Heuvelrêch te finen mei ynformaasje oer de natuer, geology en (kultuer)histoarje fan it gebiet en Memory museum ta neitins oan it bombardemint dat ta fersin yn 1945 it sintrum fan Nijverdal trof. Yn Hellendoorn is it atraksjepark, Avontoerepark Hellendoorn. It jierlikse muzykfestival Dauwpop wurd op it terrein njonken it atraksjepark hâlden.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
Oerisel
 
Flagge fan de provinsje Oerisel
Almelo - Borne - Dalfsen - Dimter - Dinkellân - Haaksbergen - Hardenberg - Hellendoorn - Hengelo - Hôf fan Twinte - Ynskedee - Kampen - Losser - Oldenzaal - Olst-Wijhe - Ommen - Raalte - Rijssen-Holten - Staphorst - Stienwikerlân - Swartewetterlân - Swol (haadstêd) - Tubbergen - Twinterâne - Wierden
  ·   ·  
  Hellendoorn  
Doarpen:
DaarleDaarlerveenHaarleHellendoornNijverdal
Buorskippen:
EelenEgedeHankateHexelHulsenMarleNoetseleOverwaterPiksenRhaanSchuilenburg
Wetter:
Regge
  ·   ·