Ommen is in stêd en gemeente yn de provinsje Oerisel, mei 19.014 ynwenners (1 jannewaris 2024, boarne: CBS), en mei in oerflak fan 181,29 km² (dêrfan 0,00 km² wetter). De gemeente Ommen is yn 1923 foarme út de fúzje fan de eardere gemeenten Stad Ommen en Ambt Ommen.

Ommen
flagge wapen
lokaasje
polityk
lân Nederlân
provinsje Oerisel
boargemaster Hans Vroomen
sifers en geografy
haadplak Ommen
grutste plak Ommen
ynwennertal 19.014 (1 jannewaris 2024)
befolkingstichtens 106 /km²
oerflak 182,01 km²
● wêrfan lân 179,90 km²
● wêrfan wetter 2,11 km²
tal doarpen 2
ferkearsieren Spoar fan Swol nei Stêdskanaal,
N34, N48, N340, N347, N348
skiednis
oprjochte 1923
oar
postkoade 7685,
7730-7739,
8145-8149
tiidsône UTC +1
simmertiid UTC +2
webside Webstee fan de gemeente
Dizze side giet oer de gemeente Ommen. Foar de stêd dêr't de gemeente nei neamt is, sjoch: Ommen (stêd).

De gemeente Ommen bestiet út 1 stêd, twa doarpen en fjouwerentweintich buorskippen. It gemeentehûs stiet yn de stêd Ommen.

Stêd Doarp Buorskip
Ommen Lemele Archem
Vilsteren Arriën
Arriërveld
Beerze
Beerzerveld
Besthmen
Dalmsholte
Eerde
Emsland
Giethmen
Hoogengraven
Junne
Nieuwebrug
Ommerbosch
Ommerkanaal
Ommerschans
Ommerveld
Rotbrink
Stegeren
Stegerveld
Varsen
Vinkenbuurt
Witharen
Zeesse

Yn in folle fierder ferline bestiene der ek twa bestjoerlike organisaasjes. It Stedsrjocht Ommen bestie út in smelle stripe fan de Fecht noard ôf, fan de stêd oant en mei de Ommerschans, en waard bestjoerd troch in eigen Stedsregear. Dêrneist hiene se it Kerspel of Skoutambt Ommen, as bestjoersfoarm foar it omlizzende plattelân. It skoutamt Ommen omfette destiids ek Avereest en Den Ham en waard nei 1685 ek wol as skoutambt Ommen en Den Ham oantsjut. By de yntroduksje fan de Frânske bestjoersorganisaasje yn 1811 waard Den Ham fan it skoutamt Ommen skieden en in aparte gemeente. It restant fan it skoutamt Ommen waard mei it stedsrjocht Ommen feriene ta de Mairie Ommen. Yn 1818 kaam de âlde skieding fan Stêd en Ambt werom, en waard ek Avereest in aparte gemeente. Nei goed in iuw, yn 1923, waarden de gemeenten Stad- en Ambt Ommen opnij gearfoege.

Yn 1997 waard it eastlike part fan Lemelerveld, oant dan hearrend by Ommen, by de gemeente Dalfsen foege. De gemeente Ommen is dêrtroch lytser wurden.

Stjerkampen en Kamp Erika

bewurkje seksje

Yn de tweintiger en tritiger jierren fan de tweintichste iuw wie Ommen it wrâldsintrum fan de teosofy. Op it lângoed Eerde fan Philip baron fan Pallandt hie Jiddu Krishnamurti de De Oarder fan de Stjer yn it Easten fêstige. Alle jierren waarden op it bûten de Sterkampen holden. Yn 1929 hefte Krishnamurti de oarder op, omdat er tsjin persoansferhearliking wie. De baron ferkocht it part fan it terrein dêr't de stjerkampen hâlden waarden oan de gemeente Ommen. De stjerkampen giene oant 1939 troch, en Krishnamurti wie der jierliks gastsprekker.

Yn 1942 waard op it terrein fan de Stjerkampen Kamp Erika ynrjochte as strafkamp, letter kamp foar lânrinners en nei de oarloch ynterneringskamp foar kollaborateurs. Nei de Twadde Wrâldkriich waard it terrein fan de eardere stjêrkampen omfoarme ta kampearterrein.

Keppeling om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
Oerisel
 
Flagge fan de provinsje Oerisel
Almelo - Borne - Dalfsen - Dimter - Dinkellân - Haaksbergen - Hardenberg - Hellendoorn - Hengelo - Hôf fan Twinte - Ynskedee - Kampen - Losser - Oldenzaal - Olst-Wijhe - Ommen - Raalte - Rijssen-Holten - Staphorst - Stienwikerlân - Swartewetterlân - Swol (haadstêd) - Tubbergen - Twinterâne - Wierden
  ·   ·  
  Ommen  
Stêd:
Ommen
Doarpen:
LemeleVilsteren
Buorskippen:
ArchemArriënArriërveldBeerzeBeerzerveldBesthmenDalmsholte (foar in part)EerdeEmslandGiethmenHoogengravenJunneNieuwebrugOmmerboschOmmerkanaalOmmerschansOmmerveldRotbrinkStegerenStegerveldVarsenVinkenbuurtWitharenZeesse
Wetter:
OmmerkanaalOeriselske FechtRegge
  ·   ·