Lemelerveld
Lemelerveld is in plak yn de Oeriselske gemeente mei deselde namme. It doarp hat 4.825 ynwenners (2024). It doarp leit yn de streek Sallân.
Lemelerveld | ||
Katolike Hillich Hert fan Jezustsjerke (2012) | ||
Bestjoer | ||
Lân | Nederlân | |
Provinsje | Oerisel | |
Gemeente | Dalfsen | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 4.825 (2023) [1] | |
Oerflak | 21,43 km² dêrfan lân: 21,26 km² dêrfan wetter: 0,16 km² | |
Befolkingsticht. | 225 ynw./km² | |
Oar | ||
Ferkearsieren | N348 | |
Postkoade | 8151-8153 | |
Tiidsône | UTC +1 | |
Simmertiid | UTC +2 | |
Koördinaten | 52° 26' NB, 6° 20' EL | |
Offisjele webside | ||
webstee fan it doarp | ||
Kaart | ||
Skiednis
bewurkje seksjeYn 1866 fêstige him de Overijsselse Beetwortelsuiker Fabriek oan it krekt groeven Oeryssels Kanaal yn in krite dêr't nije lânbougrûnen ûntginne wiene. It doarp ûntstie oan de krusing fan it Oeriselsk Kanaal en de trochgeande dyk fan Ommen nei Raalte.
Fan 1910 oant 1935 hie it doarp in stasjon oan it spoar fan Dimter nei Ommen fan de OLDO. Krekt bûten it stasjon wie der in spoaroansluting nei it sûkerfabryk en de haven oan it kanaal. Der is in monumintsje te finen op it plak fan it eardere stasjon[2][3]
Lemelerveld ûntwikkele him ta in sintrum foar oan- en ôffier fan benammen lânbou produkten. It wichtichste bedriuw en grutste wurkjouwer yn de omjouwing bleau oant de sluting yn 1917 it sûkerfabryk. Der kamen ek oare yndustriële aktiviteiten. Mei it tanimmen fan de wurkgelegenheid groeide it doarp.
Oant 1997 hearde allinnich de westlike helte fan it doarp by de gemeente Dalfsen, de eastlike helte hearde by Ommen en guon bûtengebieten by Heino en Raalte. Ta oantinken oan de eardere bestjoerlike yndieling fan Lemelerveld is der it keunstwurk "De Kruiskuil" dat op it eardere fjouwergemeentenpunt stiet. De eardere ûnderferdieling tusken de fjouwer gemeenten is no noch te werkennen yn de ferskate postkoades yn it doarp. It part dat foar 1997 yn de gemeente Ommen lei hat postkoade 8151, it part yn dat by Dalfsen en Heino hearde hat postkoade 8152 en it part fan gemeente Raalte hat postkoade 8153.
Lizzing
bewurkje seksjeLemelerveld leit healwei Raalte en Ommen oan de N348, yn de provinsje Oerisel súdwestlik fan de Lemelerberch in 60 meter hege heuvel. Westlik fan Lemelerveld leit it doarp Lemele, en súdlik leit it doarp Luttenberg. Westlik fan Lemelerveld leit it doarp Heino en súdwestlik is Raalte te finen. Benoarden fan Lemelerveld is it buorskip Damsholte.
-
Filla Klein Statum (2022)
-
Grifformearde tsjerke (2022)
-
Keunstwurk "De Kruiskuil (2020), (keunstner Wim Spijkerman, 1999)
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
Dalfsen | ||
---|---|---|
Doarpen: Ankum • Dalfsen • Hoonhorst • Lemelerveld • Nieuwleusen • Oudleusen | ||
Buorskippen: Broekhuizen • Dalfserveld • Dalmsholte (foar in part) • De Marshoek • De Meele • Emmen • Engeland • Gerner • Hessum • Holt • Lenthe • Mataram • Millingen • Ooster-Dalfsen • Oudleusenerveld • Rechteren • Rosengaarde • Ruitenveen • Slennebroek • Strenkhaar • Vennenberg • Welsum | ||
Eardere doarpen en buorskippen: Den Hulst | ||
Wetter: Dedemsfeart • Fecht • Oeriselsk Kanaal | ||
· · |