Dedemsfeart (kanaal)

De Dedemsfeart is in kanaal fan 40 kilometer tusken Hasselt en de Oeriselske Fecht by Gramsbergen. It kanaal is neamd nei Baron Van Dedem dy't it kanaal útgrave liet foar it ferfier fan turf.

It idee foar de ûntginning fan de grutte feanen beëasten Hasselt kaam fan mr. Gerrit Willem van Marle. De stêden Swol, Kampen en Dimter wiene tsjin omdat sy benaud wiene foar skea oan har hannelsposysjes. Fanwege dy tsjinwar slagge it Van Marle net om syn plan út te fieren.

Skoansoan Willem Jan, baron van Dedem tot Den Berg sette it plan nei de dea fan syn skoanheit wol troch, en op 9 july 1809 sette it graven fan de Dedemsfeart útein. Yn 1811 lei der al in kanaal oant Balkbrug.

Yn de begjinjierren smiet it kanaal net folle op en waard nei it mislearre plan om it kanaal yn in nv oer te setten ferkocht oan it Ryk, dat it 1 jannewaris 1826 oernamm. In stikmannich jierren letter krige Fan Dedem it projekt dochs wer yn hannen. It kanaal waard stadichoan langer, mar de finansjele problemen wienen yn 1845 lykwols sa grut wurden dat it projekt oergie yn hannen fan de provinsje Oerisel dy't it behear hold oan it dien wie.

Yn 1854 waard de Fecht by Ane berikt, sadat de Dedemsfeart in koartere farferbining foarme tusken Gramsbergen en Hasselt as dy rivier. It kanaal hie totaal acht sluzen en ferskate sydkanalen, dêr't de Lutterhaadwyk fan yn Lutten ôftûke en nei Coevorden rûn. By de sluzen en brêgen ûntstiene ferskate doarpen en buorskippen. Bewesten it doarp Dedemsfeart splitste it kanaal him yn in noardlike tûke, Lange Wyk en in súdlike, de Haadfeart. East fan it doarp kamen beide wer by elkoar.

Oan de ouwers ûntstie ek it nedige ferkear, sa folge de tramwei fan de Dedemsvaartsche Stoomtramweg-Maatschappij it kanaal tusken De Lichtmis en Lutten.

Nei de Twadde Wrâldkriich ferleat it kanaal syn bestjutting foar de skipfeart en y de jierren sechtich fan de 20e iuw waarden grutte parten fan it wetter tichtsmiten en binne dêr diken op oanlein. De N377 rint foar in part oer it trajekt fan it kanaal. Tusken Hasselt en Nieuwleusen en ûnder Dedemsvaart en Lutten binne noch stikken fan de eardere feart iepen.

  • Museum Palthehof hat yn 2009 de jierlikse útstalling oan it kanaal wijd. Oan de hân fan ferhalen fan eardere bewnners oan de feart waard it boekje 'kanalenferhalen' útbrocht en waard der in boek 'kanaalskriften' oer de skiednis fan it kanaal makke.
  • Stap voor stap langs de Dedemsvaart met G.H. Varwijk. Makke troch G.H. Varwijk en J.R. Seinen; útjouwerij Boekhandel Rooseboom, Dedemsfeart. 1983
  • De Dedemsvaart, zijn stad, streek en dorpen. Gearstald troch Gerard Varwijk. 1998