Balkbrug
Balkbrug (Nedersaksysk: De Balk) is in doarp yn de Nederlânske gemeente Hardenberg yn de provinsje Oerisel en hie yn 2007 ûngefear 3800 ynwenners. Foar de gemeentlike weryndieling fan 2001 foarme Balkbrug mei Dedemsfeart en Ald Avereest de gemeente Avereest.
Balkbrug | ||
Molen de Star (2011) | ||
Bestjoer | ||
Lân | Nederlân | |
Provinsje | Oerisel | |
Gemeente | Hardenberg | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 4.000 (2023) [1] | |
Oerflak | 39,26 km² dêrfan lân: 39,19 km² dêrfan wetter: 0,07 km² | |
Befolkingsticht. | 102 ynw./km² | |
Oar | ||
Ferkearsieren | N48, N377 | |
Postkoade | 7707 | |
Tiidsône | UTC +1 | |
Simmertiid | UTC +2 | |
Koördinaten | 52° 36' NB, 6° 23' EL | |
Kaart | ||
It doarp ûntstie oan it kanaal de Dedemsfeart. It krige syn namme troch in balke dy’t ûnder in brêge yn dit kanaal lei. Dy balke moast foarkomme dat skippen mei in te grutte djipgong troch de brêge farden. It lei ek op in krusing fan dizze farwei mei de dyk fan Ommen nei Meppel, wêrtroch’t in wat gruttere delsetting ûntstie. Ek waard de groei fan it doarp befoardere trochh it oprjochtsjen fan in bidlerskoloanje fan de “Maatskippij fan Woldiedigens" om 1800 op de Ommerskâns besuden it doarp.
Yn 1886 krige Balkbrug in stoomtramferbining oan de tramwei fan de ‘’Dedemsvaartsche Stoomtramweg-Maatschappij’’ (DSM) fan Dedemsfeart doarp nei Dedemsfeart SS, in stasjon oan de tramwei Swol-Meppel. Yn 1908 groeide Balkbrugge út ta in knooppunt fan stoomtramlinen doe’t de ‘’Spoarweimaatskippij Meppel-Balkbrug’’ har ferbining tusken Meppel en Balkbrug iepene. Yn 1939 waard dy ferbining opheft. Yn 1947 sluet de earstmeamde spoarwei.
Yn de jierren sechtich fan de tweintichste iuw is it kanaal de Dedemsfeart, dat troch Balkbrug rint, dimpt en waard de N377 der oerhinne oanlein.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|