Stasjon Hengelo Gezondheidspark

Stasjon Hengelo Gezondheidspark (Hglg) is in spoarweistasjon yn de stêd Hengelo yn de provinsje Oerisel. It stsjon waard iepene yn 2012 oan de Steatsline D (Sutfen - Glanerbrug). It stasjon leit by it sikehûs fan Hengelo en de wenwiken Tuindorp en Nijverheid. Fan 1926 oant en mei 1936 lei op 500 meter ôfstân fan dizze lokaasje it stopplak Tuindorp-Nijverheid.

Stasjon Hengelo Gezondheidspark
station Hengelo Gezondheidspark
Stasjon Hengelo Gezondheidspark yn 2012
Stasjon Hengelo Gezondheidspark yn 2012
lokaasje
lân Nederlân
Provinsje Oerisel
Gemeente Hengelo
plak Hengelo
adres Magdalenalaan 47
arsjitektuer
stasjonskoade Hglg
type Trochgongsstasjon
iepening 9 desimber 2012
oare ynformaasje
perrons 1
perronspoaren 1
spoarline Steatsline D
offisjele webside
NS stasjonsynformaasje
kaart
Stasjon Hengelo Gezondheidspark (Hengelo)
Stasjon Hengelo Gezondheidspark

It stasjon hat gjin stasjonsgebou, allinnich in tal abry's en is in echt forinzestasjon. It wurdt brûkt troch besikers fan it sikehûs yn Hengelo en bewenners fan de wenwiken Tuindorp en Nijverheid. Reizgers mei in rolstoel of in rollator kinne it perron fia de 2 hellingbanen berikke. Foar reizgers dy't nei it sikehûs moatte is der in rjochtstreeks fuotpaad nei it sikehûs. Ek is der tusken it stasjon en it sikehûs in pindeltsjinst mei in golfkarke foar minsken dy't muoite ha mei rinnen, dizze rydt allinne op wurkdagen en slút oan op de tsjinstregeling fan de trein.

Treinferbinings

bewurkje seksje
Searje Treintype Rûte Tsjinstroaster
RS 24
31200
Stoptrein (Keolis) SutfenHengelo GezondheidsparkHengeloOldenzaal In healoeretsjinst

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: