Stasjon Amersfoart Sintraal

Stasjon Amersfoart Sintraal (Amf) is it sintraal stasjon fan de Nederlânske stêd Amersfoart, en waard iepene yn 1901. Op 15 desimber 2019 krige it stasjon Amersfoart offisjeel de tafoeging "Sintraal" yn de namme.

Stasjon Amersfoart Sintraal
Station Amersfoort Centraal
Stasjon Amersfoart Sintraal yn 2006
Stasjon Amersfoart Sintraal yn 2006
lokaasje
lân Nederlân
Provinsje Utert
Gemeente Amersfoart
plak Amersfoart
adres Stationsplein 41
arsjitektuer
stasjonskoade Amf
type Trochgongsstasjon
iepening 1 augustus 1901
boujier 1901 1e stasjonsgebou
1997 2e stasjonsgebou
sloopjier 1995 1e stasjonsgebou
arsjitekt 1902
D.A.N. Margadant
1e stasjonsgebou
1879
J.A. van Belkum
2e stasjonsgebou
oare ynformaasje
perrons 3
perronspoaren 6
spoarline Sintraalspoarwei
Easterspoarwei
Ponline
Valleiline
offisjele webside
NS stasjonsynformaasje
kaart
Stasjon Amersfoart Sintraal (Utert)
Stasjon Amersfoart Sintraal

It earste stasjon (NCS waard iepene op 20 augustus 1863. It lei oan de doe iepene Sintraalspoarwei (UtertKampen) fan de Nederlandsche Centraal-Spoorweg-Maatschappij (NCS). It lei eastlik fan it hjoeddeiske stasjon, op 10 juny 1874 waard de ferbining nei HilfertsomAmsterdam (Goailine) yn gebrûk nommen, op 15 maaie 1876 waard dizze line ferlinge nei ApeldoarnSutfen. Dit waard de Easterspoarwei fan de Hollandsche IJzeren Spoorweg-Maatschappij (HSM).

Op 18 febrewaris 1886 waard ek de spoarline Kesteren - Amersfoart iepene, wêrtroch't der in nije HSM-ferbining Amsterdam – Amersfoart – Nimwegen mooglik waard. Om't dizze line kommende fan út Amsterdam al foar de stêd ôftakket, wie it needsaaklik om oan dizze line in twadde stasjon Amersfoart Steat te iepenjen. Om dochs in oerstap biede te kinnen tusken de beide linen fan de HSM waard yn 1889 in ekstra stasjon Amersfoart Oansluting iepene.

Om in ein te meitsjen oan dizze ûnpraktyske situaasje fan trije stasjons op koarte ôfstân, waard yn 1901 op de hjoeddeistige lokaasje in nij stasjonsgebou fan de HSM, nei in ûntwerp fan Dirk Margadant, yn gebrûk naam. Ek de treinen fan de NCS giene hjirfan gebrûk meitsje. Neidiel fan it nije stasjon wie al dat dit fierder fan it sintrum kaam te lizzen. Troch it hichteferskil tusken it stasjonsplein en de spoaren, koe der in brêge oer de perrons boud wurde, dy't lykfloers oansleat op de stasjonshal. It âlde NCS-stasjon bleau behâlden as tsjinstgebou en bestiet no noch hieltyd, it stiet oan de Smallepad yn Amersfoart.

 
1e stasjonsgebou stasjon Amersfoart Sintraal yn 1987

It oarspronklike spoarweistasjon fan Amersfoart Sintraal wie in ûntwerp fan de arsjitekt Dirk Margadant. It wie in asymetrysk gebou mei in opfallende klokketoer. efter yn de entreeshal befriest him in tunnel om op de perrons komme te kinnen.

It âlde stasjon út 1901 waard yn 1995 ôfbrutsen om plak te meitsjen foar nijbou, under de bou wurdt gebrûk makke fan in tydlik stasjonsgebou. It nije stasjonsgbou is in ûntwerp fan arsjitekt Jan van Belkum. It gebou hat in grutte glezen foargevel en oan wjerskanten in fleugel dy't foarút stekke neffens it middenpart. De histoaryske bebouwing op it twadde perron waard hanthavene.

It stasjon hie eartiids bûsspoaren (zaksporen) op it earste en twadde perron wêrby't it bûsspoar op it twadde perron brûkt waard foar stoptreinen nei Hilfertsom en Amsterdam. Troch de iepening fan it tredde perron en troch de iepening fan de stasjons Schothorst en Vathorst yn de noardeastlike útwreidingswiken fan Amersfoort binne de bûsspoaren net mear needsaaklik. Want troch it nije tredde perron kaam it twadde perron frij foar kearende treinen en op de neamde stasjons binne kearspoaren boud. De bûsspoaren op stasjon Amersfoart binne dan ek fuorthelle sadat se gjin barriêre mear foarmen foar de oerstappende reizgers op de perrons. Nei it fuortheljen binne dizze eardere spoaren sichtber makke yn de betegeling fan it perron, it perron is ek breder as oare perrons.

Treinferbinings

bewurkje seksje
Intercity's
Searje Treintype Rûte Tsjinstroaster
140/240
IC 77
Intercity
(NS International
DB Fernverkehr)
Amsterdam SintraalHilfertsomDuivendrechtHilfertsomAmersfoart SintraalApeldoarnDimterAlmeloHengeloBad BetnheimRheineOsnabrück HbfHannover HbfWolfsburg HbfStendalBerlin-SpandauBerlin HbfBerlin Ostbahnhof Rydt om 'e twa oeren, stoppet om 'e fjouwer oere te Bünde en twa oeren letter om 'e fjouwer oere te Bad Oeynhausen. Net alle treinen hâlde halt yn Apeldoarn.
500 Intercity (NS) Rotterdam SintraalUtert-SintraalAmersfoart SintraalSwolAssenGrins In healoeretsjinst mei searjes 600 en 700.
600 Intercity (NS) LjouwertMeppelSwolAmersfoart SintraalUtert-SintraalRotterdam Sintraal In healoeretsjinst mei searjes 500 en 1800.
1500 Intercity
(NS)
Amsterdam SintraalHilfertsomAmersfoart SintraalApeldoarnDimter Rydt op wurkdagen yn de spits fan en nei Dimter. Yn de dal oeren is dat 1x de 2 oeren.
1600 Intercity (NS) Skiphol AirportAmsterdam SúdDuivendrechtHilfertsomAmersfoart SintraalApeldoarnDimterAlmeloHengeloYnskedee In healoeretsjinst
1700 Intercity (NS) De Haach SintraalGoudaUtert SintraalAmersfoart SintraalApeldoarnDimterAlmeloHengeloYnskedee In healoeretsjinst
11600 Intercity (NS) Skiphol AirportAmsterdam SúdDuivendrechtHilfertsomAmersfoart SintraalAmersfoart Schothorst Foarmet tusken Skiphol Airport en Amersfoart Sintraal in healoeretsjinst mei searje 1600. Foarmet tusken Amersfoart Sintraal en Amersfoart Schothorst in healoeretsjinst mei searje 11700.
11700 Intercity (NS) Amersfoart SchothorstAmersfoart SintraalUtert SintraalGoudaDe Haach Sintraal Foarmet tusken De Haach Sintraal en Amersfoart Sintraal in healoeretsjinst mei searje 1700. Foarmet tusken Amersfoart Sintraal en Amersfoart Schothorst in healoeretsjinst mei searje 11600.
22400 Nachtnet Intercity (NS) Utert SintraalAmersfoart Sintraal Alinne freedtenachts
Sprinters
Searje Treintype Rûte Tsjinstroaster
5600 Sprinter (NS) Utert SintraalAmersfoart SintraalSwol
5800 Sprinter (NS) Amersfoart VathorstAmersfoart SintraalHilfertsomWeespAmsterdam SintraalAmsterdam SloterdijkSkiphol AirportHoofddorp Ryd allinnich yn 'e betide moarnsoeren, yn 'e spits en yn it wykein troch fan Amsterdam Sintraal nei Hoofddorp.
RS 34
31300
Stoptrein (Connexxion) Amersfoart SintraalBarneveld SintrumEde-Wageningen
RS 34
31400
Stoptrein (Connexxion) Amersfoart SintraalBarneveld SintrumBarneveld Súd

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: