Stasjon Weesp
Stasjon Weesp (Wp) is in spoarstasjon yn de Nederlânske stêd Weesp, yn de gemeente Amsterdam yn de provinsje Noard-Hollân. It waard iepene yn 1874 oan de Easterspoarwei (Amsterdam Sintraal - Sutfen).
Stasjon Weesp station Weesp | ||
Stasjon Weesp yn 2023 | ||
lokaasje | ||
lân | Nederlân | |
Provinsje | Noard-Hollân | |
Gemeente | Amsterdam | |
plak | Weesp | |
adres | Simon Vestdijkstraat 132 | |
arsjitektuer | ||
stasjonskoade | Wp | |
iepening | 10 juny 1874 | |
boujier | 1872 1e stasjonsgebou 1967 2e stasjonsgebou | |
sloopjier | 1967 1e stasjonsgebou | |
arsjitekt | 1872 Arsjitekt ûnbekent 1e stasjonsgebou 1967 C. Douma 2e stasjonsgebou | |
oare ynformaasje | ||
perrons | 2 | |
perronspoaren | 4 | |
spoarline | Easterspoarwei Flevoline Skipholline | |
offisjele webside | ||
NS stasjonsynformaasje | ||
kaart | ||
Gebou
bewurkje seksjeIt oarspronklike spoarstasjon fan Weesp wie in grut gebou fan itselde ûntwerp as Naarden-Bussum. It hege gebou hat in middenpart mei oan beide siden in wat nei foaren steand eingebou. It symmetryske gebou biedt romte oan de ferskate stasjonsfoarsjenningen wêrûnder in grutte restauraasje. Boppedat binne yn it stasjonsgebou mar leafst trije wenningen foar spoarwei-personiel. Oan de kant fan it perron en de rjochter sydgevel komt in perronkape. It earste stasjonsgebou waard ôfbrutsen yn 1967.
It stasjon waard yn 1967 ferfongen troch in nij gebou fan de hân fan arsjitekt Cees Douma. Foar de komst fan it nije gebou waard it heech lizzende stasjonsplein ôfgroeven. It nije gebou hat twa ferdjippingen. Ien op it nivo fan it fernijde plein en de tunnel ûnder de spoaren en perrons troch, en ien op it perron nivo. De begeane grûn jout tagong ta de tunnel en de fytsestalling. Op de earste ferdjipping kamen de oare foarsjenningen wêrûnder in restauraasje en loketten foar de treinkaartsjes en jout tagong nei it earste perron. Njonken it gebou stiet in klokketoer.
Tusken 1980 en 1985 waard it stasjonsgebiet fan Weesp mei it each op de oan te lizzen Flevoline fergrutte en it stasjonsgebou yngreven ferboud. Sa ferhúzje de loketten nei de beneden ferdjipping en wurd de restauraasje sletten. De boppeferdjipping leit troch oanpassingen net langer oan in perron. De twa nije perrons krije in oerkaping yn styl fan de stasjons oan de Flevoline.
Yn de earste helte fan 2013 is it stasjonsgebou op 'e nij yngreand ferboud. Bûten de dragende muorren en it dak is de boppeferdjipping hast hielendal ôfbrútsen. Hjirnei krijt de ferdjipping in glêzen bûtenmuorre en wurdt de romte dy't jierrenlang leech stien hat, ynrjochte as fytsestalling. De treppe oan de foarkant makket dêrom plak foar in hellingbaan.
Treinferbinings
bewurkje seksjeSearje | Treintype | Rûte | Tsjinstroaster |
---|---|---|---|
4300 | Sprinter (NS) | Hoofddorp – Skiphol Airport – Amsterdam Súd – Weesp – Almere Sintrum – Almere Bûten – Almere Oostvaarders | |
4600 | Sprinter (NS) | De Haach Sintraal – Leien Sintraal – Skiphol Airport – Amsterdam Sloterdijk – Amsterdam Sintraal – Weesp – Almere Sintrum – Almere Bûten – Lelystêd Sintrum – Swol | Ride yn de jûnsoeren en it wykein ek fan / nei De Haach Sintraal. |
5700 | Sprinter (NS) | Utert-Sintraal – Hilfertsom – Weesp – Amsterdam Súd – Skiphol Airport – Hoofddorp | |
5800 | Sprinter (NS) | Amersfoart Vathorst – Amersfoart Sintraal – Hilfertsom – Weesp – Amsterdam Sintraal – Amsterdam Sloterdijk – Skiphol Airport – Hoofddorp | Ryd allinnich yn 'e betide moarnsoeren, yn 'e spits en yn it wykein troch fan Amsterdam Sintraal nei Hoofddorp. |
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|