Stasjon Amersfoart Schothorst

Stasjon Amersfoart Schothorst (Amfs) is in stasjon oan de Sintraalspoarwei yn Amersfoart yn de provinsje Utert.

Stasjon Amersfoart Schothorst
station Amersfoort Schothorst
Stasjon Amersfoart Schothorst yn 2007
Stasjon Amersfoart Schothorst yn 2007
lokaasje
lân Nederlân
Provinsje Utert
Gemeente Amersfoart
plak Amersfoart
adres Zielhorsterweg 65
arsjitektuer
stasjonskoade Amfs
iepening 31 maaie 1987
boujier 1987
arsjitekt Hans Bak
oare ynformaasje
perrons 2
perronspoaren 3
spoarline Sintraalspoarwei
offisjele webside
NS stasjonsynformaasje
kaart
Stasjon Amersfoart Schothorst (Utert)
Stasjon Amersfoart Schothorst

It waard yn gebrûk naam op 31 maaie 1987. It stasjonsgebou is in ûntwerp fan arsjitekt Hans Bak. It stasjonsgebou bestiet út in giel kubus-foarmich skelet dat foar de helte opboud is út bakstien en glês mei dêryn in lytse stasjonshal, loketten en tsjinstromten. De yngong fan it gebou leit oan it stasjonsplein dat boppedat tagong jout ta de perrontunnel. De boppeste helte fan it gebou bliuwt iepen mei oan elke kant in NS-logo. It stasjonsgebou is hjoed-de-dei yn gebrûk as ytgelegenheid en it giel fan de kubus is yntusken swart oerskildere.

Treinferbinings

bewurkje seksje
Searje Treintype Rûte Tsjinstroaster
11600 Intercity (NS) Skiphol AirportAmsterdam SúdDuivendrechtHilfertsomAmersfoart SintraalAmersfoart Schothorst Foarmet tusken Skiphol Airport en Amersfoart Sintraal in healoeretsjinst mei searje 1600. Foarmet tusken Amersfoart Sintraal en Amersfoart Schothorst in healoeretsjinst mei searje 11700.
11700 Intercity (NS) Amersfoart SchothorstAmersfoart SintraalUtert SintraalGoudaDe Haach Sintraal Foarmet tusken De Haach Sintraal en Amersfoart Sintraal in healoeretsjinst mei searje 1700. Foarmet tusken Amersfoart Sintraal en Amersfoart Schothorst in healoeretsjinst mei searje 11600.
5600 Sprinter (NS) Utert SintraalAmersfoart SintraalAmersfoart SchothorstSwol
5800 Sprinter (NS) Amersfoart VathorstAmersfoart SchothorstAmersfoart SintraalHilfertsomWeespAmsterdam SintraalAmsterdam SloterdijkSkiphol AirportHoofddorp Ryd allinnich yn 'e betide moarnsoeren, yn 'e spits en yn it wykein troch fan Amsterdam Sintraal nei Hoofddorp.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: