Glanerbrug
Glanerbrug is in doarp yn Twinte yn de gemeente Ynskedee , provinsje Oerisel. Glanerbrug hat 16.790 ynwenners (2023).
Glanerbrug | ||
Herfoarme tsjerke (2016) | ||
Bestjoer | ||
Lân | Nederlân | |
Provinsje | Oerisel | |
Gemeente | Ynskedee | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 16.790 (2023) [1] | |
Oerflak | 5,47 km² | |
Oar | ||
Ferkearsieren | Steatsline D N731 | |
Tiidsône | UTC +1 | |
Simmertiid | UTC +2 | |
Koördinaten | 52° 12' NB, 6° 58' EL | |
Kaart | ||
Lizzing
bewurkje seksjeGlanerbrug leit oan de ryksgrins mei Dútslân dy 't hjir op in natuerlike wize foarme wurdt troch de Glanerbeek, oan 'e oare kant leit de Dútske stêd Gronau. Glanerbrug ûntlient syn namme oan de brêge oer dizze beek. Yn it suden en westen grinzet Glanerbrug fuort oan de nijbouwyk De Eschmarke fan Ynskedee, wêrtroch't de grinzen mei de stêd ferweage binne. Oan de súdkant fan Glanerbrug leit it natuergebiet it Aamsveen. Yn dit gebiet wikselje ôfgroeven heechfean, wiete broekbosken, heidefjilden, feanputten en skraal greidlân ôf.
Geografy en skiednis
bewurkje seksjeGlanerbrug hat in stasjon oan de steatsline D mei direkte treinferbiningen nei Ynskedee en de Dútske stêden Münster en Dortmund. De katolike tsjerke O.L. Vrouwe van de Allerheiligste Rozenkrans datearret út 1902-1903. De Nederlânske Herfoarmske Tsjerke waard yn 1906 boud ta ferfanging fan in lytser houten tsjerkje út 1893. Op 7 april 1990 boarre in meteoryt him troch it dak fan in wenhûs.
-
Stasjon Glanerbrug (2005)
-
Tagongsdyk ta Glanerbrug (2008)
-
De Grins tusken Nederlân en Dútslân (2011)
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
Ynskedee | ||
---|---|---|
Stêd: Ynskedee | ||
Doarpen: Boekelo • Glanerbrug • Lonneker • Usselo | ||
Buorskippen: Broekheurne • Goorseveld • Rutbeek • Twekkelo (foar in part) | ||
Wetter: Boekelerbeek • Broekheurnerbeek • Eschbeek • Glanerbeek • Kristalbad • Roombeek • Rutbeek • Teesinkbeek • Twintekanaal • Usselerstroom | ||
· · |