Stasjon Goes (Gs) is in spoarweistasjon yn de Nederlânske stêd Goes yn de provinsje Seelân. En waard iepene yn 1868 oan de Steatsline F (Roosendaal - Flissinen).

Stasjon Goes
station Goes
Stasjon Goes yn 2007
Stasjon Goes yn 2007
lokaasje
lân Nederlân
Provinsje Seelân
Gemeente Goes
plak Goes
adres Stationsplein 11
arsjitektuer
stasjonskoade Gs
iepening 1 july 1868
boujier 1863 1e stasjonsgebou
1982 2e stasjonsgebou
sloopjier 1980 1e stasjonsgebou
arsjitekt 1863
Karel Hendrik van Brederode
1e stasjonsgebou
1982
K. van der Gaast
2e stasjonsgebou
oare ynformaasje
perrons 1
perronspoaren 2
spoarline Steatsline F
7148 (2018)
offisjele webside
NS stasjonsynformaasje
kaart
Stasjon Goes (Seelân)
Stasjon Goes
 
1e stasjonsgebou stasjon Goes om en de by 1900
 
1e stasjonsgebou stasjon Goes om en de by 1980

It oarspronklike spoarweistasjon fan Goes wie in standertstasjon fan de Steatsspoarwegen, in stasjon fan it type SS fjirde Klasse, boud yn de jierren sechtich fan de 19e iuw, en wie ien fan de fyftjin stasjons dy 't ea yn dizze klasse boud wie. It gebou wie ûntwurpen troch de arsjitekt Karel Hendrik van BrederodeIt stasjon wie sûnt de iepening meardere kearen útwreide. Yn 1873 oan wjerskanten al útwreide mei twa fleugels, de fleugel oan de rjochterkânt waard yn 1902 útwreide de linkerfleugel folge yn 1914. Yn de jierren 30 waard der in leech part foar de foargevel pleatst mei in plat dak. It earste stasjongsgebou waard ôfbrutsen yn 1982.

It stasjon waard yn 1982 ferfongen troch in nij gebou fan de hân fan arsjitekt Koen van der Gaast. De oarspronklike perronoerkaping waard lykwols behâlden. It eilânperron fan stasjon Goes kin fanút de stasjonshal, dy't noardlik fan de spoaren leit, berikt wurde troch middel fan in fuotgongerstunnel. Oan de westkant fan it perron is der ek in oerwei, dy 't liedt nei it busstasjon. Yn 2002 waard de tunnel ferlinge en fan in twadde útgong oan de súdkant fan it stasjon foarsjoen. Yn 2012 waard it stasjon foarsjoen fan liften om de tagonklikens foar reizigers mei in rolstoel te ferbetterjen.

Treinferbinings

bewurkje seksje
Searje Treintype Rûte Tsjinstroaster
2200 Intercity
(NS)
Amsterdam SintraalAmsterdam SloterdijkHaarlimLeiden SintraalDe Haach HSDelftSkiedam SintrumRotterdam SintraalDoardtRoosendaalGoesMiddelburchFlissingen
12200 Intercity
(NS)
RoosendaalBergen op SoomGoesMiddelburchFlissingen rydt ien kear deis yn de moarnsspits, rydt net op sneins.
6100 Sprinter (NS) RoosendaalBergen op SoomGoesMiddelburchFlissingen In oeretsjinst, Rydt net jûns en yn it wykein.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: