Stasjon Leien Sintraal
Stasjon Leien Sintraal (Ledn) is it sintraal stasjon fan de Nederlânske stêd Leien, en waard iepene yn 1842 oan de Alde line (Amsterdam Sintraal - Rotterdam Sintraal). Yn dizze Súd-Hollânske stêd is yn 1996 it fjirde stasjonsgebou sûnt 1842 iepene.
Stasjon Leien Sintraal station Leiden Centraal | ||
Stasjon Leien Sintraal yn 2012 | ||
lokaasje | ||
lân | Nederlân | |
Provinsje | Súd-Hollân | |
Gemeente | Leien | |
plak | Leien | |
adres | Anna Grollstraat 2t | |
arsjitektuer | ||
stasjonskoade | Ledn | |
type | Trochgongsstasjon | |
iepening | 17 augustus 1842 | |
boujier | 1842 1e stasjonsgebou 1879 2e stasjonsgebou 1953 3e stasjonsgebou 1996 4e stasjonsgebou | |
sloopjier | 1879 1e stasjonsgebou 1951 2e stasjonsgebou 1995 3e stasjonsgebou | |
arsjitekt | 1842 F.W. Conrad 1e stasjonsgebou 1879 D.A.N. Margadant 2e stasjonsgebou 1953 H.G.J. Schelling 3e stasjonsgebou 1996 H.C.H. Reijnders 4e stasjonsgebou | |
oare ynformaasje | ||
perrons | 3 | |
perronspoaren | 6 | |
spoarline | Alde line Skipholline Woerden - Leien | |
offisjele webside | ||
NS stasjonsynformaasje | ||
kaart | ||
Gebou
bewurkje seksjeIt earste stasjon waard ûntwurpen troch de arsjitekt Frederik Willem Conrad en iepene op 17 augustus 1842 syn doarren foar treinreizgers. middenpart mei in arkade. De loketen sieten yn in sirkelfoarmich part. Oan wjerskanten fan it middenpart in fleugel mei kroanlist.
Yn 1879 makke it earste stasjonsgebou plak foar nijbou, nei ûntwerp fan arsjitekt Dirk Margadant. It nije gebou, wie ek wer in gebou mei in heech middenpart, mar mei twa nei efteren pleatste fleugels, dy't elk einige yn in heger hoekgebou op deselde roailine pleatst as it middengedielte.
Yn 1953 kamen de spoaren heger te lizzen en moast der in nij stasjonsgebou komme. nei in ûntwerp fan arsjitekt Schelling. In stasjon waard útfierd mei in protte beton, fergelykber mei de stasjonsgebouwen fan Arnhim, Ynskedee, Hengelo en Sutfen. Der wiene in soad pylders yn de hal en de gongen. Fia in trep koe de haadútgong berikt wurde.
Nei de komst fan de Skipholline waard it stasjon fan Schelling te lyts befûn foar it hieltyd fierder groeiende tal reizgers. Benammen de hal en de tunnel nei de perrons waarden te krap. It stasjonsgebou út 1953 waard yn 1995 ofbrútsen it nije stasjonsgebou ûntwurpen troch arsjitekt Harry Reijnders waard yn 1996 iepene. It stasjonsgebou bestiet út wite fakwurkkonstruksjes. Kenmerkend is de entree, besteande út in bûgde wite skulp.
Treinferbinings
bewurkje seksjeIntercity's | |||
---|---|---|---|
Searje | Treintype | Rûte | Tsjinstroaster |
700 | Intercity (NS) | De Haach Sintraal – Leien Sintraal – Skiphol Airport – Amsterdam Súd – Almere Sintrum – Lelystêd Sintrum – Swol – Assen – Grins | |
1400 | Nachtnet Intercity (NS) |
Utert Sintraal – Amsterdam Bijlmer ArenA – Amsterdam Sintraal – Skiphol Airport – Leien Sintraal – De Haach HS – Delft – Rotterdam Sintraal | De treinsearje 21400 foar de trajektferlingingen Rotterdam Sintraal - Eindhoven Sintraal en Utert Sintraal - Eindhoven ride allinnich yn freed en sneon te nacht. Yn it earste part fan woansdei en tongersdei te nacht stoppet de trein yn Gouda yn plak fan Delft op. Dêrneist wurde bussen ynset op it trajekt Rotterdam Sintraal - Delft – De Haach HS. |
1800 | Intercity (NS) | De Haach Sintraal – Leien Sintraal – Skiphol Airport – Amsterdam Súd – Almere Sintrum – Lelystêd Sintrum – Swol – Meppel – Ljouwert | |
2100 | Intercity (NS) |
Amsterdam Sintraal – Haarlim – Leien Sintraal – De Haach Sintraal | Rydt allinnich yn de spits fan moandei oant en mei tongersdei. |
2200 | Intercity (NS) |
Amsterdam Sintraal – Amsterdam Sloterdijk – Haarlim – Leien Sintraal – De Haach HS – Delft – Skiedam Sintrum – Rotterdam Sintraal – Doardt – Roosendaal – Middelburch – Flissingen | |
2400 | Intercity (NS) | Lelystêd Sintrum – Almere Bûten – Almere Sintrum – Amsterdam Súd – Skiphol Airport – Leien Sintraal – De Haach HS – Delft – Skiedam Sintrum – Rotterdam Sintraal – Doardt | |
3200 | Intercity (NS) | Arnhim Sintraal – Ede-Wageningen – Utert Sintraal – Amsterdam Súd – Skiphol Airport – Leien Sintraal – De Haach HS – Delft – Skiedam Sintrum – Rotterdam Sintraal | Rydt allinnich yn de spits fan moandei o/m tongersdei. |
3700 | Intercity (NS) | Doardt – Rotterdam Sintraal – Skiedam Sintrum – Delft – De Haach HS – Leien Sintraal – Skiphol Airport – Amsterdam Súd – Utert-Sintraal – De Bosk – Eindhoven Sintraal – Helmond – Venlo | Rydt allinnich jûns en sneins. Rydt op wykdagen yn de betide jûn ien rit fan Venlo ôf nei Rotterdam Sintraal en twa ritten fan Doardt nei Venlo, de rest fan de ritten op wykdagen ride allinnich tusken Skiphol Airport en Venlo. |
8800 | Intercity (NS) | Leien Sintraal – Alfen oan de Ryn – Woerden – Utert-Sintraal | |
24400 | Nachtnet Intercity (NS) | Amsterdam Bijlmer ArenA – Skiphol Airport – Leien Sintraal | Alinne tiisdei en woansdeitenacht. |
Sprinters | |||
Searje | Treintype | Rûte | Tsjinstroaster |
3300 | Sprinter (NS) | De Haach Sintraal – Leien Sintraal – Hoofddorp – Skiphol Airport – Saandam – Purmerein – Hoarn – Hoarn Kersenboogerd | Jûns nei 20:00 oere en yn it wykein wurdt der net riden tusken Hoofddorp en De Haach Sintraal v.v. en tusken Hoarn en Hoarn Kersenboogerd. |
4600 | Sprinter (NS) | De Haach Sintraal – Leien Sintraal – Skiphol Airport – Amsterdam Sloterdijk – Amsterdam Sintraal – Weesp – Almere Sintrum – Almere Bûten – Lelystêd Sintrum – Swol | Ryd alline yn de jûnsoeren en it wykein ek fan en nei Den Haach Sintraal. Troch de wike is it ein en begjinpunt Leiden Sintraal. |
6300 | Sprinter (NS) | De Haach Sintraal – Leien Sintraal – Heemstede-Aerdenhout – Haarlim | Rydt nei 20.00 oere en yn it wykein tusken Leien Sintraal en Haarlim. |
8900 | Sprinter (NS) | 'Leien Sintraal – Alfen oan de Ryn – Woerden – Utert-Sintraal | Rydt net jûns nei 20:00, freed en yn it wykein; Rydet yn in brede spits de hiele rûte. |
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|