Stasjon Fenlo
Stasjon Fenlo (Vl) is in spoarweistasjon yn de stêd Fenlo yn de provinsje Limburch. It waard iepene yn 1865 oan de Steatsline G (Fenlo - Kaldenkirchen).
Stasjon Fenlo Station Venlo | ||
Stasjon Fenlo yn 2007 | ||
lokaasje | ||
lân | Nederlân | |
Provinsje | Limburch | |
Gemeente | Fenlo | |
plak | Fenlo | |
adres | Stationsplein 3 | |
arsjitektuer | ||
stasjonskoade | Vl | |
type | Trochgongstasjon | |
iepening | 21 novimber 1865 | |
boujier | 1865 1e stasjonsgebou 1958 2e stasjonsgebou | |
sloopjier | 1958 1e stasjonsgebou | |
arsjitekt | 1865 Karel Hendrik van Brederode 1e stasjonsgebou 1958 Koen van der Gaast 2e stasjonsgebou | |
monumintale status | Gemeentlik monumint | |
monumintnûmer | 0983/3196 | |
oare ynformaasje | ||
perrons | 2 | |
perronspoaren | 5 | |
spoarline | Steatsline E Steatsline G Maasline | |
offisjele webside | ||
NS stasjonsynformaasje | ||
kaart | ||
Gebou
bewurkje seksjeIt oarspronklike stasjonsgebou fan Fenlo wie in leech en lang stasjonsgebou, besteande út styl- en regelwurk, opfold mei stien, ôfsmard mei semint. It stie in 300 meter bûten de stêd, om't Fenlo doe noch in fêsting wie en it stasjon ûnder de beheiningen fan de Fêstingwet foel, wie it sa útfierd dat it yn tiden fan kriich gau sloopt wurde kinne soe. It gebou hat der oant 1958 stien.
It stasjonsgebou út 1865 waard ferfongen troch in gebou nei ûntwerp fan arsjitekt Koen van der Gaast en is in typysk weropboustasjon. Opfallende skaaimerken binne de grutte luifel mei dêrûnder in bordes en de 24 meter hege toer mei oerwurk.
Treinferbinings
bewurkje seksjeSearje | Treintype | Rûte | Tsjinstroaster |
---|---|---|---|
3500 | Intercity (NS) | Skiphol Airport – Utert Sintraal – De Bosk – Eindhoven Sintraal – Helmond – Fenlo | Wurdt yn de jûnsoeren en sneins ferfongen troch searje 3700. |
3700 | Intercity (NS) | Doardt – Rotterdam Sintraal – Skiedam Sintrum – Delft – De Haach HS – Leien Sintraal – Skiphol Airport – Amsterdam Súd – Utert-Sintraal – De Bosk – Eindhoven Sintraal – Helmond – Fenlo | Rydt allinnich jûns en sneins. Rydt op wykdagen yn de betide jûn ien rit fan Venlo ôf nei Rotterdam Sintraal en twa ritten fan Dordrecht nei Fenlo, de rest fan de ritten op wykdagen ride allinnich tusken Schiphol Airport en Venlo oer. |
13500 | Intercity (NS) | Eindhoven Sintraal – Helmond – Fenlo | Rydt allinnich moarns betiid en jûns let as treinsearje 3500 net rydt. |
RS 11 32200 |
Stoptrein (Arriva) | Nimwegen – Venray – Fenlo – Roermond | |
RS 11 32300 |
Stoptrein (Arriva) | Nimwegen – Venray – Fenlo | |
RE 13 20050 |
Regional-Express (ERB) | Fenlo – Mönchengladbach Hbf – Neuss Hbf – Düsseldorf Hbf – Wuppertal Hbf – Hbf – Stasjon Hamm |
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|