Stasjon Helmond (Hm) is it wichtichste spoarweistasjon fan Helmond en waard iepene yn 1870 oan de Steatsline E (Breda - Maastricht). Yn dizze Brabânske stêd is yn 2015 it tredde stasjonsgebou sûnt 1864 iepene.

Stasjon Helmond
station Helmond
Stasjon Helmond yn 2014
Stasjon Helmond yn 2014
lokaasje
lân Nederlân
Provinsje Noard-Brabân
Gemeente Helmond
plak Helmond
adres Spoorstraat 18
arsjitektuer
stasjonskoade Hm
type Trochgongsstasjon
iepening 1 oktober 1866
boujier 1864 1e stasjonsgebou
1987 2e stasjonsgebou
2015 3e stasjonsgebou
sloopjier 1987 1e stasjonsgebou
2012 2e stasjonsgebou
arsjitekt 1864
Karel Hendrik van Brederode
1e stasjonsgebou
1987
P.A.M.J. Corbey
2e stasjonsgebou
2015
Studio SK &
Movares
3e stasjonsgebou
oare ynformaasje
perrons 2
perronspoaren 2
spoarline Steatsline E
7419 (2018)
offisjele webside
NS stasjonsynformaasje
kaart
Stasjon Helmond (Noard-Brabân)
Stasjon Helmond
 
1e stasjonsgebou stasjon Helmond om en de by 1915
 
2e stasjonsgebou stasjon Helmond yn 2011 perronkant

It earste stasjon waard ûntwurpen troch de yngenieurs Karel Hendrik van Brederode en Louis Abraham Reuvens en iepene op 1 oktober 1866 syn doarren foar treinreizgers. It is boud as in standertstasjon fan de Steatsspoarwegen, in stasjon fan it type SS Fjirde Klasse. En wie ien fan de fyftjin stasjons dy 't ea yn dizze klasse boud wie. Al yn 1876 kaam de earste ferbouwing. Oan beide kanten waard in lange fleugel byboud. Yn 1911 waard de linkerfleugel ferlinge, sadat dy 3 kear sa lang waard.

Yn april 1987 waard it earste stasjonsgebou sloopt en ferfongen troch nijbou, ûntwurpen troch de arsjitekt Paul Corbey. Dit stasjon hie in dragend skelet, dêr't men ynboupakketten yn oanbringe koe. De reiziger kaam út it stasjonsgebou wei as earste terjochte op perron 1. Om nei it eilânperron by spoar 2 te rinnen moast hja gebrûk meitsje fan in oerstek dy 't bedoeld wie foar fuotgongers.

It stasjonsgebou út 1987 waard yn febrewaris 2012 ôfbrutsen om't it al fan it begjin ôf net foldie. De bou fan it nije stasjonsgebou begûn yn 2013, in jier letter yn 2014 waard it nije stasjonsgebou iepene. It earste perron fan it stasjon is justjes mear nei it westen ferpleatst neffens de situaasje út 1987. De beide perrons binne berikber makke troch middel fan twa liften en twa treppen. Dêrmei waard it stasjon ek fuortendaliks tagonklik makke foar reizgers mei in rolstoel.

Treinferbinings

bewurkje seksje
Searje Treintype Rûte Tsjinstroaster
3500 Intercity (NS) Skiphol AirportUtert SintraalDe BoskEindhoven SintraalHelmondVenlo Wurdt yn de jûnsoeren en sneins ferfongen troch searje 3700.
3700 Intercity (NS) DoardtRotterdam SintraalSkiedam SintrumDelftDe Haach HSLeien SintraalSkiphol AirportAmsterdam SúdUtert-SintraalDe BoskEindhoven SintraalHelmondVenlo Rydt allinnich jûns en sneins. Rydt op wykdagen yn de betide jûn ien rit fan Venlo ôf nei Rotterdam Sintraal en twa ritten fan Dordrecht nei Venlo, de rest fan de ritten op wykdagen ride allinnich tusken Schiphol Airport en Venlo oer.
13500 Intercity (NS) Eindhoven SintraalHelmondVenlo Rydt allinnich moarns betiid en jûns let as treinsearje 3500 net rydt.
4400 Sprinter (NS) OssDe BoskEindhoven SintraalHelmondDeurne Wurdt op woansdei - en tongersdeitejûn nei 23:00 oere fan Eindhoven Sintraal nei Deurne ferfongen troch sprinter 14400.
14400 Sprinter (NS) Eindhoven SintraalHelmondDeurne Rydt allinnich op woansdei - en tongersdeitejûn nei 23:00 as ferfanging fan sprinter 4400 en allinnich rjochting Deurne.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: