Harry Reijnders
H.C.H. (Harry) Reijnders (Meerssen, 1954) is in Nederlânske arsjitekt dy 't benammen bekend wurden is as arsjitekt fan de Nederlandse Spoorwegen yn de jierren 80 en 90, dêr't er in pear opfallende ûntwerpen yn makke.
Harry Reijnders | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
nasjonaliteit | Nederlânsk | |
berne | 1954 | |
berteplak | Meerssen | |
wurkpaad | ||
berop/amt | Arsjitekt | |
bekendste wurk(en) |
Stasjon Rotterdam Blaak, Stasjon Leiden Sintraal |
Karriêre
bewurkje seksjeReijnders kaam yn 1983 yn tsjinst by it arsjitekteburo fan de NS dat laat waard troch Koen van der Gaast. Mei kollega-arsjitekten Peter Kilsdonk en Rob Steenhuis wurke er oan de nije generaasje stasjons fan de jierren 80, dêr 't in soad stiel en glês yn ferwurke waard. Yn dy perioade ûntwurp er ûnder oare it stasjonsgebou fan Amsterdam Sloterdijk (1986).
Yn 1993 en 1996 folgen efterelkoar de stasjons Rotterdam Blaak en Leiden Sintraal. Mei yngong fan 1 jannewaris 1997 folge Reijnders Cees Douma op as NS-boumaster. Dy funksje ferfolle er oan oant april 1998, wêrnei't er NS fanwegen "net te oerbrêgjen ferskillen fan opfettings" ferliet.[1]
Hoewol't er net mear direkt belutsen by de spoarwegarchitektuer wie, fielde Reijnders him noch bot ferbûn oan syn ûntwerpen, sa't bliken die út syn ferset tsjin ferbouwingsplannen foar stasjon Leiden Sintraal yn 2008, sûnder de ferplichte boufergunning. [2]
-
Stasjon Amsterdam Sloterdijk (1986)
-
Stasjon Rotterdam Blaak (1993)
-
Stasjon Leiden Sintraal (1996)
-
Singelgrachtbrug (1997)
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |