Stasjon Flissingen

Stasjon Flissingen (Vs) is it stasjon fan de Nederlânske stêd Flissingen yn de provinsje Seelân, en waard iepene yn 1865 oan de Steatsline F (Roosendaal - Flissingen). Yn dy stêd waard yn 1950 it tredde stasjonsgebou sûnt 1872 iepene.

Stasjon Flissingen
Station Vlissingen
Stasjon Flissingen yn 2007
Stasjon Flissingen yn 2007
lokaasje
lân Nederlân
Provinsje Seelân
Gemeente Flissingen
plak Flissingen
adres Prins Hendrikweg 11
arsjitektuer
stasjonskoade Vs
type Kopstasjon
iepening 1 septimber 1873
boujier 1872 1e stasjonsgebou
1892 2e stasjonsgebou
1950 3e stasjonsgebou
sloopjier 1892 1e stasjonsgebou
1944 2e stasjonsgebou
arsjitekt 1864
Karel Hendrik van Brederode
1e stasjonsgebou
1892
D.H. Haverkamp
2e stasjonsgebou
S. van Ravesteyn
3e stasjonsgebou
monumintale status Ryksmonumint
monumintnûmer 530882
oare ynformaasje
perrons 2
perronspoaren 3
spoarline Steatsline F
offisjele webside
NS stasjonsynformaasje
kaart
Stasjon Flissingen (Seelân)
Stasjon Flissingen

It oarspronklike spoarweistasjon fan Flissingen wie in in leech en lang stasjonsgebou, besteande út styl- en regelwurk, opfold mei stien, ôfsmard mei semint. Der wiene ek dûanefasiliteiten yn it gebou.

It 1e stasjonsgebou út 1872 waard yn 1892 ôfbrutsen om plak te meitsjen foar nijbou. It nije stasjonsgbou wie in ûntwerp fan arsjitekt D.H. Haverkamp yn de styl fan de Neorenêssânse, dêr’t de yngong him skean op de súdwestlike hoeke befûn. It gebou hie ûnder oare in spesjale wachtkeamer foar foarstlike persoanen. It stasjon krige trije perronnen foarsjoen fan in perronkape dêr't de pylders en in part fan de kape noch fan besteane. It gebou waard op 15 septimber 1894 yn gebrûk naam. Fiif jier letter, yn 1899, ûntstie der lykwols in grutte ravaazje, doe't in stoomlokomotyf út Amsterdam stikkene remmen hie, wêrnei't de trein it perron en de stasjonsrestauraasje trochboarre. Dat treinûngelok by Flissingen koste twa kondukteurs en de achttjinjierrige dochter fan de Switserske gesant yn Berlyn Arnold Roth it libben.

Yn 1944 rekke it stasjonsgebou slim skansearre by in bombardemint.

As ferfanging ferriisde tusken oktober 1949 en septimber 1950 it hjoeddeiske stasjonsgebou nei in ûntwerp fan arsjitekt Sybold van Ravesteyn, in gebou yn de neobarokke styl dúdlik yn it gebou te werkennen is. De offisjele iepening fan it stasjon wie op 18 desimber 1950. Parten fan de perrons, perronoerkaping en muorrewurk fan it stasjonsgebou út 1892 bleaune behâlden.

Yn it eastlik part fan it haadgebou is in stasjonsrestauraasje fêstige mei dêrfoar in smel, ferhege, terras mei lege natuerstiennen balustrade. Oan 'e westkant is in aparte fleugel mei in fytsestalling, dêrefter stiet in frijsteand tsjinstgebou. Al dy ûnderdielen wurde fia it oan de stasjonshal grinzgjende part fan de perrons mei-inoar ferbûn. It gebou is rom foarsjoen fan foar Van Ravesteyn kenmerkjende details as rûne en fjouwerkante kantele ruten, fersieringen op de daklist en bylden oan de gevel.

Oan de bûtengevels fan it stasjon binne fjouwer keramykbylden fan byldhouwer Jo Uiterwaal pleatst mei foarstellingen dy 't ferwize nei de spoarferbining en de provinsje Seelân. Foar de yngong fan de fytsestalling stiet in troch de gemeente Vlissingen skonken natuerstiennen blombak mei byldhoud NS-embleem en opskrift "Vlissingen 1950". Yn de stasjonshal stiet in byld ta oantinken oan de publikaasje fan de Siuwske line, makke troch byldhouwer Philip ten Klooster en ûntbleate op 17 april 1957

Oan de eastkant fan de stasjonshal wiene oarspronklik de loketten fêstige. Yn juny 2004 binne dizze sletten, mar ein 2010 iepene hjir in fernijde kiosk. Lange tiid wie oan ’e westkant fan ’e stasjonshal in filiaal fan it grinswikselkantoar fêstige, mar nei it sluten dêrfan ein 2001 waard dat part fan ’e stasjonshal wer yn syn oarspronklike steat werombrocht..

Treinferbinings

bewurkje seksje
Searje Treintype Rûte Tsjinstroaster
2200 Intercity
(NS)
Amsterdam SintraalAmsterdam SloterdijkHaarlimLeiden SintraalDe Haach HSDelftSkiedam SintrumRotterdam SintraalDoardtRoosendaalMiddelburchFlissingen
12200 Intercity
(NS)
RoosendaalBergen op SoomGoesMiddelburchFlissingen rydt ien kear deis yn de moarnsspits, rydt net op sneins.
6100 Sprinter (NS) RoosendaalBergen op SoomGoesMiddelburchFlissingen In oeretsjinst, Rydt net jûns en yn it wykein.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: