Sybold van Ravesteyn

(Trochferwiisd fan Sybolt van Ravesteyn)

Sybold van Ravesteyn, berne as Sijbold van Ravesteijn (Rotterdam, 18 febrewaris 1889 - Laren (Noard-Hollân), 23 novimber 1983) wie in Nederlânske arsjitekt. Hy ûntwurp in soad treinstasjons, dêr't no in soad fan sloopt binne, in bistetún, iepenbiere gebouwen lykas teäters, mar ek wenten, ynterieurs en meubels.

Sybold van Ravesteyn
persoanlike bysûnderheden
nasjonaliteit Nederlânsk
berne 18 febrewaris 1889
stoarn 23 novimber 1983
wurkpaad
berop/amt Arsjitekt
bekendste
  wurk(en)
Diergaarde Blijdorp, Stasjon Rotterdam Sintraal (1957-2007)
offisjele webside
RKD-profyl

Libben en wurk

bewurkje seksje

Sybold van Ravesteyn waard berne op 18 febrewaris 1889 yn Rotterdam. Nei syn stúdzje sivile technyk oan de Technyske Universiteit Delft (1906-1912) wurke er as yngenieur by de Maatschappij tot Exploitatie van Staatsspoarwegen en waard er spesjalist op it mêd fan wapene beton.
Hy troude yn 1915 mei Dora Hintzen, mei wa't er trije soannen en in dochter krige. Van Ravesteyn waard beynfloede troch de niget fan syn frou foar keunst. Hy begûn meubels foar eigen gebrûk te ûntwerpen, beynfloede troch de Amsterdamske Skoalle en letter De Stijl-bewegingen. Yn 1921 waard er arsjitekt foar de Nederlandse Spoorwegen. Syn earste eigen ûntwerp wie in frachtloads en kantoaren yn Arnhem (1924). Yn 1926 ûntwurp er in keamer foar de Filla Noailles.

Om 1932 hinne ûntwurp Van Ravesteyn oan de Prins Hendriklaan 112 yn Utert in hûs foar himsels en syn húshâlding dat noch basearre wie op it nije bouwen. Hy wenne en wurke fan de oplevering ôf oant 1981 yn dat hûs. It is sûnt 1996 eigendom fan de Feriening Hendrick de Keyser, en is sûnt septimber 2019 as Hûs Van Ravesteyn iepensteld foar it publyk.

Nei in reis nei Rome begûn er fan it modernisme ôf te wiken troch ornaminten en dekoraasjes yn syn ûntwerpen te brûken.

Yn 1938 ûntwurp er in neobarokke útwreiding foar de skouboarch Kunstmin yn Doardt. Ek gebou De Holland oan de Burgemeester de Raadtsingel yn Dordrecht waard troch him tekene. In oar ferneamd ûntwerp fan Van Ravesteyn is Diergaarde Blijdorp yn Rotterdam (boujier 1939-1941). Van Ravesteyn is dêrmei ien fan de pear arsjitekten fan de wrâld dy't in hiele bistetún nei eigen ynsjoch ûntwerpe mochten hat.

Under de Dútske besetting bleau Van Ravesteyn lid fan de ûnderwilens binnen de Kultuerkeamer ûnderbrochte Bond van Nederlandsche Architecten (BNA), omdat er oars net as arsjitekt wurkje koe. Ek akseptearre Van Ravesteyn, dy't him wat maatskiplik engagement oanbelanget altyd as neutraal omskreau, yn 1940 de opdracht fan de Nederlandsche Spoorwegen foar de ynrjochting fan in salonwein foar de Rykskommissaris foar it besette Nederlânske gebiet, Arthur Seyss-Inquart. Yn 1946 waard er fanwegen it oanhâlden fan syn lidmaatskip fan de BNA offisjeel skriftlik teplak set, nammers sûnder konsekwinsjes.

Tusken 1947 en 1963 ûntwurp Van Ravesteyn fierder in tweintichtal betonnen Purfina-tankstasjons foar Petrofina. In geef bewarre eksimplaar stiet yn Glanerbrug, oan de wei Enschede - Gronau. Yn 2017 hat it de status fan ryksmonumint krigen.

Van Ravesteyn wie neist arsjitekt ek meubel- en ynterieurûntwerper. In bewiis foar syn ynternasjonale rom is it feit dat er yn 1925 in romte yn de filla Noailles yn it Súd-Frânske Hyères fan ien fan de doe grutste Frânske arsjitekten, Robert Mallet-Stevens, ûntwerpe mocht. Foar útjouwerij De Gemeenschap yn Bilthoven ûntwurp er ûnder mear de boekbân Zuid Zuid West.

Van Ravesteyn ferstoar yn 1983 yn it Rosa Spier Hûs te Laren.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: