De Styl

(Trochferwiisd fan De Stijl)

De Stijl wie in Nederlânske keunstbeweging dy't yn 1917 te Leien oprjochte waard. De wichtichste leden wiene Theo van Doesburg, Piet Mondriaan, Vilmos Huszàr, Bart van der Leck, Gerrit Rietveld, Georges Vantongerloo en J.J.P. Oud. De keunst fan De Styl hat as skaaimerken it gebrûk fan de primêre kleuren, kombinearre mei swart, wyt en grys en rjochte linen. De leden fan De Styl sochten nei in súvere represintaasje fan de wurklikheid om sa in universele styl te skeppen. De ideeën waarden yn it tydskrift De Styl ferdútst.

Letterklankbylden troch Theo van Doesburg út it tydskrift De Stijl yn 1921
Theo van Doesburg. Compositie VIII (de Ko). ± 1917. Oaljeferve op doek. New York, MoMA.
Theo van Doesburg. Compositie IX (fariaasje op 'De Kaartspilers'). 1917. Oaljeferve op doek. Gemeentemuseum Den Haag.
Theo van Doesburg. Ritme van een Russische dans. 1918. New York, MoMA.
Gerrit Rietveld. Read-blauwe stoel. ± 1918.
Foarkant fan it boekwurk Le Neo-plasticisme
Gerrit Rietveld (makette) en Vilmos Huszàr (kleur). Maquette Ruimte-Kleur-Compositie voor de Juryfreie Kunstschau in Berlijn. 1923. Materiaal en ôfmjittings net bekend. Ferdwûn.
It Rietveld-Schröderhûs yn Utert

Iere skiednis

bewurkje seksje

Oan it begjin fan de 20e iuw barde der in soad yn de keunst: sûnt de ympresjonisten in revolúsje feroarsken mei harren nije fisy op keunst folgen de streamingen inoar hurd op. Om 1910 hinne wie it kubisme in wichtige en ynfloedrike streaming. Ek yn Nederlân wie grutte nijsgjirrigen nei 'nije keunst'.

In 1914 bruts de Earste Wrâldkriich út, Nederlân bleau neutraal. In soad keunstners koene doe it lân net út om bygelyks neiParys, it hert fan de doetiidske ynternasjonale keunstwrâld.

Yn dy snuorje begûn Theo van Doesburg te sykjen nei geastbesibbe keunstners foar it oprjochtsjen fan in tydskrift en in nije keunstbeweging. Van Doesburg wie in keunstskilder, skriuwer, dichter en resinsint dy't mear súkses hie mei it skriuwen oer keunst dan as keunstner. Behalve keunstner wie er ek goed yn it oangean fan kontakten: troch syn útwrytske hâlden en dragen krige er in soad kunde yn keunstrûnten. Tsjintwurdich soe er faaks in goed netwurker neamd wurde.

Om 1915 kriget Van Doesburg kunde oan de keunstners dy't letter ta de oprjochters fan it doe noch nammeleaze tydskrift hearre soenen. Piet Mondriaan moetet er by in eksposysje yn it Steedlik Museum. Hy moetet ek Bart van der Leck, J.J.P. Oud en Vilmos Huszàr, in Hongaarsk keunstner. Uteinlik rjochtet er mei dizze groep, oanfolt mei de dichter Antony Kok, in 1917 De Styl op.

De earste jierren wie it noch in homogene groep en publisearre men faken 'manifesten' dy't ûndertekene waarden troch de groep. De sosjaal-ekonomyske omstannigheden fan de tiid wienen in wichtige ynspiraasjeboarne foar harren ideeën. Wat de arsjitektuer oanbelange hienen Berlage en Frank Lloyd Wright in protte ynfloed op de Styl.

Ideeën en prinsipes

bewurkje seksje

Oer it algemien stribbe men nei in sa grut mooglike ienfâld en abstraksje. Sawol yn de arsjitektuer as yn de skilderkeunst kaam men ta abstrakte komposysjes yn de primêre kleuren read, giel en blau. Ek waarden swart, wit en alle grystinten tapast. De ideeën fan de groep waarden ek wol oantsjut mei de namme Nije Bylding of Neo-plastisisme, in term dy't Mondriaan letter brûkte foar in boek mei syn ideeën.

Kollektiviteit

bewurkje seksje

Van Doesburg sette him krêftich ôf tsjin wat er neamde de 'willekeurige yndividualiteit' yn de keunst. Hy wie fan doel de universaliteit yn de keunst op te helpen, sa't dy bygelyks by de âlde Egyptenaren en yn de Middeliuwen bestie. Om dit te berikken besocht er de keunstners fan De Styl safier te krijen dat hja elkoars wurk bestudearren en te bekommintariearjen yn syn blêd. Dat er it wurk fan syn kollega's tige earnstich opnaam die bliken út syn eigen wurk; sa hie syn skilderij Compositie IX (De kaartspilers) krekt like goed in Huszàr wêze kind en is syn Ritme fan in Russyske dûns dúdlik ûntliend oan Van der Leck. Hoewol't er in de 19de en 20e iuw in mannichte kollektivistyske keunstnersgroepen wiene, wie De Styl de earste groep dy't de orzjinaliteit fan de Romantyk der folslein oan joech.

Feroaringen begjin jierren 20

bewurkje seksje

Om 1921 hinne feroare it karakter fan de groep. Nei't Van Doesburg oan it Bauhaus (1921) mei die, kamen der ynfloeden fan bûten, foaral fan it Russyske Konstruktivisme en it wurk fan Malewitsj. Net alle Styl-leden wiene it dêr mei iens: yn 1923 briek Mondriaan mei Van Doesburg en kamen der in protte nije 'leden' by De Styl. Dan wie der noch wolris striid oer de ynfloed fan it Dadaïsme, sa as de gedichten fan I.K. Bonset en de 'anti-filosofy' fan Aldo Camini. Earst nei de dea fan Van Doesburg kaam oan it ljocht dat dizze hearen alter ego's fan him wiene.

Arsjitektuurtentoanstelling 1923

bewurkje seksje

Neijier 1923 wie der op inisjatyf fan Theo van Doesburg de útstalling Les Architectes du Groupe “De Styl” yn galery L'Effort Moderne yn Parys, dy't begjin 1924 op 'en nij te sjen wie yn de École spéciale d'architecture. De sabeare-offisjele lokaasje fan dy lêste tentoanstelling joech yn Nederlân de yndruk dat De Styl yn Frankryk akseptearre waard. Dochs waard De Styl útsletten fan de Nederlânske fertsjintwurdiging op de Exposition des Arts Décoratifs yn 1925. Dat noaske Van Doesburg mar min.[1]

Nei de dea fan Van Doesburg

bewurkje seksje

Theo van Doesburg stoar yn 1931 te Davos. Syn frou Nelly hie syn neilittenskip op de noed. Omdat Van Doesburg de spille fan de groep wie, wie it dien mei De Styl. De keunstners hienen noch wol kontakt, mar it die rillegau bliken dat sûnder in sintrale figuer de beweging net fourtbestean koe. Faak wurdt tocht dat de leden fan de Styl och sa mei-inoar ien wiene, mar dat is de fraach. Hja ûnderhâlden wol briefkontakt, mar moeten komselden. Mondriaan en Rietveld hawwe ekoar bygelyks nei moete. Sa as mear fan de groep, bleaune sy de prinsipes fan De Styl wol trou, mar Van der Leck gie nei syn fuortgean yn 1917 wer oer ta figurative komposysjes.

Ynfloed op de arsjitektuer

bewurkje seksje

De ynfloed fan De Stijl op de arsjitektuer is oant fier nei 1931 grut west. Under oaren Ludwig Mies van der Rohe wie in wichtich neifolger fan de Styl-prinsipes en boude tusken 1923 en 1924 it Rietveld-Schröderhûs, it iennige gebou dat hielendal neffens de prinsipes fan De Styl set is. Twa moaie foarbylden fan J.J.P. Oud syn wurk binne te finen yn Rotterdam: kafee De Unie oan de Mauritswei en de direksjekeet yn it Wite Doarp.

De Styl tsjintwurdich

bewurkje seksje

De Styl wurdt sjoen as ien fan de wichtichste Nederlânske bydragen oan de keunst. It is wol iroanysk dat de leden fan De Stijl in 'ynternasjonale styl' skeppe woene, wylst De Styl no krekt as in typysk Nederlânsk ferskynsel sjoen wurdt. It wurk fan de Styl-leden rekke oer de hiele wrâld ferspraat. De wichtichste musea foar Styl-keunstwurk binne fermoedlik it Gemeentemuseum yn Den Haach, mei de grutste samling Mondriaans, it Steedlik Museum yn Amsterdam, dêr't in protte wurk fan Rietveld en Van Doesburg te sjen is, en it Sintraal Museum yn Utert, dat it Rietveld-Schröderhûs as dependânse beheart.

De Styl is yn 2006 opnommen yn de Kanon fan Nederlân fan de kommisje-Van Oostrom.

Oersicht fan keunstners fan De Styl

bewurkje seksje
 
Prinsipiële mei-doggers oan De Styl. 1917-1927.

In soad keunstners dienen alinnich út en troch mei oan De Styl. Dat makket it net ienfâldich om in folsleine opsomming fan nammen te jaan. Styl-keunstners neffens de list fan Theo van Doesburg út 1927 (sjoch ôfbyld):

Oprjochters:

Oare meidoggers:

Oare keunstners ferbûn oan De Styl:

  1. Yn stee fan De Styl waard de Amsterdamske Skoalle op dizze tentoanstelling frege Nederlân te fertsjintwurdigjen mei in paviljoen fan de arsjitekt Jan Frederik Staal.
    Paul Overy (1997). De Stijl. London: Thames and Hudson (ISBN 0500202400), s. 176.

Oer De Styl en de yndividuele leden is in protte literatuer ferskynd, meastal yn it Ingelsk en it Nederlânsk. In soad kin men ek te witten komme út de biografyen fan de leden, yn de Catalogue raisonné (Joosten en Welsh, Blaricum: V+K Publishing, 1998) fan Mondriaan en de Oeuvrecatalogus fan wurk fan Van Doesburg.

  • Blotkamp, Carel (ed.): De beginjaren van De Stijl 1917-1922 (Utert: 1982, Reflex)
  • Blotkamp, Carel (ed.): De Vervolgjaren van De Stijl 1922-1932 (Amsterdam: Veen, 1996)
  • Hoek, Els (red.); 2000). Theo van Doesburg. Oeuvrecatalogus. Bussum: Utjouwerij Thot.
  • Jaffé, H.L.C. De Stijl, 1917-1931, The Dutch contribution to modern Art, 1e dr. (Amsterdam: J.M. Meuelenhoff, 1956)
  • Jaffé, H.L.C. De Stijl. (1e dr.). Amsterdam: J.M. Meulenhoff. (Dit is in gearfetting fan it hjirfoar neamde haadwurk)
  • Overy, Paul. De Stijl, 1e dr. (Londen: Studio Vista, 1969)
  • White, Michael: De Stijl and Dutch modernism (Manchester [etc]: Manchester University Press, 2003)

Besibbe streamingen en stilen

bewurkje seksje

De foarmjouwing fan De Stijl design is famylje fan ûnder oaren de neikommende designstreamingen en (bou)stilen:

Keppelings om utens

bewurkje seksje