Feriening Hendrick de Keyser

De Feriening Hendrick de Keyser (offisjeel Vereniging Hendrick de Keyser) is in Nederlânske feriening ta behâld fan arsjitektoanyske of histoaryske huzen fan wearde yn Nederlân. Se is neamd nei de Amsterdamske boumaster Hendrick de Keyser en is op 3 jannewaris 1918 oprjochte troch inkelde Amsterdammers laat fan de wynkeaper Jacobus Boelen. Sy makken har soargen oer it feit dat yn harren stêd safolle histoaryske wenten sloopt waarden. De direkte oanlieding wie de oansteande sloop fan in pân by de Westermarkt.

Kantoar Vereniging Hendrick de Keyser, Herengracht 172, Amsterdam

De feriening keapet monuminten, lit dy restaurearje en ferhiert se dêrnei. Yn totaal hat de feriening sa 'n 430 pannen yn 113 plakken ferspraat oer it hiele lân. It besit is tige ferskaat, fan renêssânse oant nije bouwen, en omfettet ûnder mear ûntwerpen fan Berlage en Rietveld. It âldste hûs fan de feriening stiet yn Appingedam en hat in kearn út de 14e iuw, it jongste hûs is it Jan de Jonghuis yn Schaijk. Trochsneed wurde fiif oant tsien pannen yn it jier oankocht.

Ynkomsten wint de feriening ûnder mear út de opbringsten fan de BankGiro Loterij.

Keppeling om utensBewurkje