Stasjon Uitgeest (Utg) is it spoarweistasjon fan Uitgeest en waard iepene yn 1867 oan de Steatsline K (Amsterdam - De Helder.

Stasjon Uitgeest
station Uitgeest
Stasjon Uitgeest yn 2011
Stasjon Uitgeest yn 2011
lokaasje
lân Nederlân
Provinsje Noard-Hollân
Gemeente Uitgeest
plak Uitgeest
adres Anna van Renesselaan 19
arsjitektuer
stasjonskoade Utg
type Trochgongsstasjon
iepening 1 maaie 1867
boujier 1866 1e stasjonsgebou
1969 2e stasjonsgebou
sloopjier 1969 1e stasjonsgebou
arsjitekt 1866
ûnbekende arsjitekt
1e stasjonsgebou
1969
C. Douma
2e stasjonsgebou
oare ynformaasje
perrons 2
perronspoaren 3
spoarline Steatsline K
Haarlim - Uitgeest
offisjele webside
NS stasjonsynformaasje
kaart
Stasjon Uitgeest (Noard-Hollân)
Stasjon Uitgeest

It oarspronklike stasjonsgebou fan Uitgeest wie in leech langrekt middengebou, mei in wat nei foaren steand middenpart, mei trije tagongsdoarren en in fronton. Oan wjerskanten fan it middenpart in heech eingebou, en dêrneist twa lege geboukes, it eilânperron wie troch in brêge ferbûn mei it haadgebou. Yn 1913 waard it rjochter eingebou oanpast.

Yn 1969 waard it earste stasjonsgebou ferfongen troch nijbou, op it eilânperron, nei ûntwerp fan arsjitekt Cees Douma. It gebouwen út 1969 waarden yn 1990 yngreven ferboud nei ûntwerp fan arsjitekt J. Bak sa kamen der nije oerkapingen en de brêge waard ferfongen troch in tunnel. By de tunnelyngong oan de noardkant fan it spoar kaam in nij sydperron mei in loket te stean. Yn 2006 waard de tunnel ferbede en kaam der oan de noardkant in nij glêzen tagongsgebou foar de tunnel nei ûntwerp fan arsjitekt Henk Woltjer.

Treinferbinings

bewurkje seksje
Searje Treintype Rûte Tsjinstroaster
4000 Sprinter (NS) UitgeestSaandamAmsterdam SintraalBreukelenWoerdenGoudaRotterdam Sintraal
4800 Sprinter (NS) Amsterdam SintraalHaarlimUitgeestAlkmarHoarn Rydt fan 20.00 oere ôf ien kear yn de oere tusken Alkmar en Hoarn.
7400 Sprinter (NS) UitgeestSaandamAmsterdam SintraalBreukelenUtert SintraalDriebergen-Zeist

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: