Tender (lokomotyf)

In tender of koalewagon is in wein efter in stoomlokomotyf dêr't brânstof en wetter yn ferfierd waarden. De brânstof wie ornaris stienkoal, mar it koe ek stookoalje wêze.

De tender fan lokomotyf 8 mei lokomotyf 13 yn it spoarweimuseum[1]

Yn East-Dútslân, waarden yn de jierren 50 ek tenders foar brúnkoalpoeier boud; de poeier waard mei parslucht yn de fjoerkiste blaasd. Koalen moatte troch de stoker yn de fjoerkiste smiten wurde, wat swier wurk is. In brânstof dy't floeiber as fan poeier wie, wie lang sa'n belêsten net foar de stoker.

Tender en lokomotyf wurde as ien gehiel beskôge. Yn normaal bedriuw wurde hja nea loskeppele. By revisys en grut ûnderhâld, lykwols, hat de tender in koartere trochrintiid as in lokomotyf, dat de tender koe soms mei in oare lokomotyf ôflevere wurde. Ek kamen sporadysk ferwikselingen fan tenders foar, benammen as foar beskate tsjinsten in gruttere tender nedich wie foar in gruttere foarried brânstof en wetter, of krekt in lytsere tender omwillen fan in lytsere draaiskiif.

Tenderlokomotyf

bewurkje seksje
In lytse tenderlokomotyf

Lytsere lokomotiven hawwe net in aparte tender. Koalen en wetter wurde op de lokomotyf sels ferfierd. Dy lokomotiven wurde wat betiizjend tenderlokomotyf neamd, omdat hja winliken besteane út de kombinaasje fan lokomotyf en tender.

Der binne ek folle swierdere tenderlokomotiven, dêr't in fêste tenderbak in plak hat efter it masinistehûs. Om in goede ferdieling fan 'e druk op de assen te hawwen, hawwe sokke lokomotiven faak ien of mear assen ûnder dy tenderbak, dy't net oandreaun wurde.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Lokomotyf 8 ûntplofte yn 1868 op it stasjon fan Harns. De tender fan lokomotyf 8 wie by it ûntploffen mar kwealik skansearre rekke en hat noch oant 1932 tsjinst dien as tender fan lokomotyf 13.
  • Wikipedy: NL