Fort Hinderdam

(Trochferwiisd fan Fort by Hinderdam)

Fort Hinderdam (ek Fort by Hinderdam) is in earder Nederlânsk fort dat diel útmakke fan de ferskillende wetterlinys. It leit op de grins fan Utert en Noard-Hollân, yn de Noard-Hollânske gemeente Wijdemeren, op in eilantsje midden yn de fecht. Ten noarden leit Weesp. Ten noardeasten, oan de Fecht leit it Fort by Uitermeer

Fort by Hinderdam

It fort is boud yn 1673 en hie as hie as doel it ferkear de Fecht en op de Fechtdiken te kontrolearjen. Tagelyk koe it de buorforten mei it geskut ûndersteune. By it fort op eilân yn de Vecht hearden noch in lyts eilantsje (lunette) oan de Nigtevechtse kant fan de Fecht en in binnendykse lunette oan de Nederhorst den Bergse (no Wijdemeren) kant fan de Vecht.

It fort hat ûnderdiel west fan de Alde- en Nije Hollânske Wetterliny en fan de Stelling fan Amsterdam. It is no eigendom fan Natoermonuminten.

It Wetterlinypaad folget hjir de rin fan de Fecht. OP de wanneling is it fort te sjen.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: