Willem V fan Hollân
Willem V (Frankfurt am Main, 1330 - Le Quesnoy, 1389), wie greve fan Hollân en Seelân, (as Willem III) greve fan Henegouwen en (as Willem I) hartoch fan Beieren.
Skiednis
bewurkje seksjeWillem V folge yn 1354 syn mem Margaretha fan Beieren op as greve. Hy wenne in grut part fan de tiid yn de Ridderseal yn Den Haach. Hy liet inkele gebouwen om dit kastiel bouwe en soarge teffens foar in (ienfâldige) bemuorring fan wat letter it Binnenhof hjitte soe. Yn 1353 kaam de jurist Filips fan Leien yn tsjinst fan de jonge greve.
Willem V troude yn 1356 mei Machteld fan Lancaster (1335 - 1362). Op in feest yn 1358 waard greve Willem V neffens boarnen út dy tiid ynienen dwylsinnich (al is it mooglik dat hy gewoan dronken wie). By in taspraak stuts hy samar ynienen ien fan syn maten dea. Syn jongere broer Albrecht fan Beieren liet Willem V opslute yn in kastiel yn Le Quesnoy (Henegouwen) en naam syn plak yn. Willem stoar dêr yn 1389.
Willem V ferliende de folgjende Hollânske stêden stedsrjochten: Monnickendam, Weesp, Naarden en Inkhuzen yn 1355, Edam en Hoarn folgen yn 1357.
Keppeling om utens
bewurkje seksje- http://www.weesper.nl/650 Weesp 650 jier stêdsrjochten.
- http://www.weesper.nl/650/document.html Weesper stêdsrjocht-dokumint út 1355, ferliend troch Willem V.