Else (Els) Borst-Eilers (Amsterdam, 22 maart 1932Bilthoven, 10 febrewaris 2014) wie in Nederlânsk politika foar Demokraten 66 (D66) en heechlearaar. Borst wie minister fan Folkssûnens yn de kabinetten Kok I en Kok II. Yn dy lêste wie hja ek twadde ficepremier. Fan 21 desimber 2012 oant har dea wie hja minister fan Steat.[1]

Els Borst, 2002

Biografy bewurkje seksje

Nei har stúdzje genêskunde en promoasje oan de Universiteit fan Amsterdam waard hja dokter. Letter waard se bysûnder heechlearaar, medysk-direkteur fan it Universiteitssikehûs fan Utert en ficefoarsitter fan de Sûnensried.

Yn 1968 waard Borst lid fan D66. Yn de tiid dat D66 yn de peilingen hast net mear foarkaam (1976), gie Borst op paad om hantekeningen foar Jan Terlouw op te heljen. Yn 1994 waard hja út namme fan D66 minister fan Folkssûnens yn it earste pearsk (PvdA-VVD-D66) kabinet Kok I. Borst wie de earste dokter dy't dy funksje beklaaide sûnt Louis Stuyt yn 1971-1972.

As minister hie hja te meitsjen mei in grut tal medysk-etyske-kwestjes, benammentlik de nije eutanasy-wet, it ta foldwaan jaan fan foetaal weefsel foar wittenskiplike en genêskundige doelen en ksenotransplantaasje. Se fierde it stelsel fan donorferklearringen yn, dy't boargers fan achtjin jier ôf frege om nei harren dea weefsels en organen ôf te stean oan siken. Ek wie hja ferantwurdlik foar it ferbod fan ferkeap fan tabak oan jongeren ûnder de sechtjin jier en foar nije regels dy't ferkeapers fan alkohol ferplichten de âldens fan de aspirant-keaper yn 't foar te kontrolearjen.

Boppeal waard har minister-wêzen bepaald troch de finansjele swierrichheden fan de fergrizing en de tanimmende medysk-technyske mooglikheden. Hieltyd wer moast hja fjochtsje foar ferheging fan har finansjele middels. Om de kosten fan de sûnenssoach yn de hân te hâlden, fierde se in butzjetregeling yn foar medyske yngrepen dy't in protte foarkomme. Dat hie fan gefolgen dat operaasjekeamers leech kamen te stean en der wilens wol wachtlisten ûnstiene.

Borst hie mear súkses mei it ûntwerpen fan in nij fersekeringsstelsel foar de sûnenssoach. Yn 2006 waard in basisfersekering ynfierd foar elsen. Allerhanne ekstra's moast foar byfersekere wurde. De skieding tuske partikulier- en sikefûndsfersekeren ferdwûn. De fersekeringspremys waarden nominaal. Elts betellet in gelikense premy. Ofhinklik fan it ynkommen moat in ekstra bydrage betelle wurde as kriget men in gefal fan in lyts ynkommen subsydzje.

By de ferkiezings foar de Twadde Keamer yn 1998 wie Borst listlûker foar D66. Fan Hans van Mierlo waard se 31 maaie 1997 as kandidaat-listlûker oankundige mei de wurden: "Het is een meisje en we noemen haar Els". By dy ferkiezings sakke D66 fan 24 nei 14 sitten. By de formaasje fan in nij kabinet siet Els Borst in skoftke yn de Twadde Keamer; fan 7 oant 14 maaie 1998 as fraksjefoarsitter. Teffens wie hja doe ynformateur, mei Wim Kok en Gerrit Zalm. Yn it kabinet Kok II waard se op 'en nij minister fan Folkssûnens en ek twadde ficepremier.

As minister kaam Els Borst in pear kear yn de problemen. Twarris waard in moasje fan wantrouwen tsjin har yntsjinne. Beide waarden fersmiten. De earste wie fanwege it rapport fan de parlementêre enkête-kommissy nei de Bijlmerramp. De kommissy konkludearre dat minister Borst net goed omgien wie mei sûnensklachten fan oerlibbenen en helpferlieners.

De twadde kaam neoi oanlieding fan in ynterview gat Borst yn NRC Handelsblad fan sneon 14 april 2001 joech, twa dagen net't de eutanasywet oannaam wie aan. Sy spruts de wurden "Het is volbracht", in sitaat fan ien fan de lêste wurden fan Jezus oan it krús. De kristlike partijen yn de Twadde Keamer namen it har kwea ôf dat hja yn ferbân mei in foar in soad kristenen gefoelich ûnderwerp as eutanasy no krekt op Goed Freed de krúswurden fan Jezus sitearre. Els Borst bea de Keamer har ûntskuldigingen oan en de moasje waard dêrnei fersmiten.

Op 21 desimber 2012 waard Borst by Keninklik Beslút beneamd ta minister fan Steat.

Els Borst waard 10 febrewaris 2014 dea fûn yn de garaazje fan har went yn Bilthoven.[2] Nei ûndersyk troch it Nederlânsk Forinsysk Ynstitút die bliken dat sy troch in psychiatrysk pasjint mei in mes deadien wie.

Underskiedings bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Benoeming ministers van Staat, rijksoverheid.nl, 21 desimber 2012
  2. Dood Els Borst is verdacht, nos.nl, 10-02-2014