Nederlânsk Forinsysk Ynstitút
It Nederlânsk Forinsysk Ynstitút (of NFI), earder it Gerjochtlik Laboratoarium, is in laboratoarium yn Nederlân dat forinsysk ûndersyk docht.
Skiednis
bewurkje seksjeOp 30 july 1945 waard by ministerieel beslút besletten ta it oprjochtsjen fan it Gerechtelijk Laboratorium. Trije jier letter, op 4 novimber 1948, waard it laboratoarium in selsstannich ûnderdiel fan it Ministearje fan Justysje. Yn 1951 wie de oprjochting fan in besibbe ynstitút: it Gerechtelijk Geneeskundig Laboratorium (letter werneamd ta Laboratorium voor Gerechtelijke Pathologie). Patolooch-anatoom dr. Jan Zeldenrust wie de earste direkteur fan it laboratoarium. Op 1 novimber 1999 binne beide laboratoariums byinoar gien yn it NFI fan no.
It laboratoarium wie oant oktober 2004 yn Rijswijk yn Súd-Hollân festige, mar sit wilens yn de nijbouwyk Ypenburg yn De Haach.
It wurk fan it NFI
bewurkje seksjeIt NFI komt geregeld yn it nijs. Benei alle grutte saken wêryn't forinsysk spoaremateriaal fûn wurdt, wurde dêr ûndersocht. It ynstitút hat goed fjirtich mêden en kin multydisiplinêr oan in ûndersyk wurke wurde, dat fariearret fan patology, toksikology, gemysk ûndersyk, wapens en munysje, ferkear, miljeu, digitale spoaren oant ûndersyk nei ferdôvjende middelen en DNA.
It NFI is bot groeid yn it ramt fan ferskate yntensivearringsprogramma's lykas terrorisme. Der wurkje sa'n fjouwerhûndert minsken. It kwaliteitssysteem by it NFI is fier trochûntwikkele. Sadwaande wurde ûndersiken dûbelt útfierd en it leafst blyn (double blind experement), dat ien fan de redenen is dat it tal ûndersikers útwreide is. Nei oanlieding fan it rapport Posthumus wurdt wurke oan in better kontakt mei de plysje yn ûndersykssintrum dy't se tegearre hawwe, de FSO's. Fierder wurdt in soad omtinken jûn oan de ûnôfhinklikens fan de saakkundige yn in ûndersyk en oan it begrypliker meitsjen fan de rapportaazje. Teffens wurdt in soad tiid bestege oan research en ûntwikkeling om de metoaden fierder te objektivearjen en fansels om de ûndersyksrisseltaten flugger ta foldwaan te hawwen.