De Multatulipriis wie in literêre priis foar proaza dy't fan 1972 oant 2003 alle jierren takend waard troch it Amsterdamsk Fûns foar de Keunst (AFK).

De Multatulipriis waard ynsteld om de skeppende keunst te befoarderjen. De priis wie in fuortsetting fan de Proazapriis fan de gemeente Amsterdam, dy't fan 1946 ôf útrikt waard. Yn 2003 gie de Multatulipriis op yn de Amsterdampriis foar de keunsten.

De Multatulipriis foar 1973 wie ornearre foar Jan Arends syn wurk Keefman. Arends stoar lykwols hommels foar it sjuryrapport ôf wie. Doe waard besletten de priis dat jier net ta te kennen en it priisjild in literêre bestimming te jaan. Dat barde mei it ien kear útrikken fan de Jan Arendspriis oan Jacques Commandeur yn 1976 foar syn foardracht fan Keefman. Commandeur frege it fûnsbestjoer om it priisjild in literêre bestimming te jaan. It waard in talage dy't yn 1977 foar Martin Hartkamp foar it skriuwen fan in toanielstik.

 
Han Lammers rikt Multatulipriis 1972 út oan Louis Paul Boon